Springe nei ynhâld

Echte kamielen

Ut Wikipedy
Echte kamielen
In keppel dromedarissen (Camelus dromedarius).
In keppel dromedarissen (Camelus dromedarius).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: evenhoevigen (Artiodactyla)
ûnderskift: ylpoatigen (Tylopoda)
boppefamylje: kamieldieren (Cameloidea)
famylje kamieleftigen (Camelidae)
ûnderfamylje: echte kamieleftigen
   (Camelinae)
tûke: echte kamielen (Camelini)
Nordmann, 1850

De echte kamielen (wittenskiplike namme: Camelini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e ylpoatigen (Tylopoda), de boppefamylje fan 'e kamieldieren (Cameloidea), de famylje fan 'e kamieleftigen (Camelidae) en de ûnderfamylje fan 'e echte kamieleftigen (Camelinae). Dizze taksonomyske groep omfiemet de kamielen (Camelus), wêrfan't noch trije libbene soarten besteane.

De echte kamielen ûntjoegen har foar it earst yn it Let Eoseen, sa'n 37 miljoen jier lyn, yn Noard-Amearika. Sûnt 2 oant 3 miljoen jier lyn binne de echte kamielen ek lânseigen yn Aazje en Noard-Afrika, dêr't se har hinne ferspraten oer de Beringlânbrêge. Yn deselde snuorje berikte teminsten ien skaai fan dizze tûke, ntl. Eulamaops, Súd-Amearika as ûnderdiel fan 'e Grutte Amerikaanske Utwikseling, nei de foarming fan 'e Lâningte fan Panama. Dat skaai is letter lykwols weiwurden, en omtrint 10.000 jier ferlyn binne de echte kamielen yn Noard-Amearika ek útstoarn.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.