Ecco Epkema
Ecco Epkema (Wurdum, 13 oktober 1759 - Middelburch, 1 febrewaris 1832 wie in letterkundige en klassikus.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy wie in soan fan Nicolaas Epkema, ûnderwizer en doarpsrjochter yn Wurdum, en gie mei 19 jier nei de Latynske skoalle te Harns. Studearre dêrnei oan de Universiteit fan Frjentsjer, ûnder oaren by E. Wassenbergh, promovearre yn 1786.
Epkema wie rektor te Dokkum (1788), Inkhuzen (1789), Hoarn (1803) en Middelburch (1813-1830).
Epkema skreau Latynske en Fryske poëzy, publisearre in (kontroverzjele) útjefte fan Gysbert Japicx syn Fryske Rymlerije (1821), mei wurdboek dêrta (1824). Syn Thet Freske Riim waard postúm besoarge troch Jacob van Leeuwen (1835) dy't dêr ek in biografy by skreau. Fierders publisearre Epkema Latynske en Grykske learboeken (somtiden anonym).
Ecco Epkema wie lid fan de foarneamste letterkundige ferienings yn Nederlân. Hy hat twaris troud west, earst yn 1792 mei Gesina Neledoc, trije jier letter mei Sibylla Catherina Bruining. Mei de lêste krige er sân bern.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Epkema, Ecco.
|
- Frysk letterkundige
- Frysk klassikus
- Frysk ûnderwizer
- Frysk dichter
- Skriuwer yn it Frysk
- Frysk útjouwer
- Nederlânsk letterkundige
- Nederlânsk klassikus
- Nederlânsk ûnderwizer
- Nederlânsk dichter
- Nederlânsk útjouwer
- Studint oan de Universiteit fan Frjentsjer
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Wurdum
- Persoan berne yn 1759
- Persoan stoarn yn 1832