Springe nei ynhâld

Earste Alvestêdetocht

Ut Wikipedy
Earste Alvestêdetocht
De rûte fan 'e Earste Alvestêdetocht (tsjin 'e klok yn)
De rûte fan 'e Earste Alvestêdetocht (tsjin 'e klok yn)
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Fryske alve stêden
datum 2 jannewaris 1909
evenemint Alvestêdetocht
edysje 1
bysûnderheden
soarte evenemint reedriderstocht
org. troch Frysk Iisbûn
winner(s) Minne Hoekstra
winnende tiid 13:50 oeren
tal dielnimmers 23
offisjele webside
www.elfstedentocht.nl

De Earste Alvestêdetocht wie de earste offisjele edysje fan 'e Alvestêdetocht op redens, dy't ferriden waard op 2 jannewaris 1909. Dizze reedriderstocht waard organisearre troch it Frysk Iisbûn op inisjatyf fan Pim Mulier. Winner wie Minne Hoekstra út Wergea mei in tiid fan 13 oeren en 50 minuten.

Nei't Pim Mulier, in sportman, skriuwer en sjoernalist út Haarlim dy't berne wie yn Wytmarsum, yn 'e strange winter fan 1890 op 1891 op eigen manneboet in alvestêdetocht riden hie, waard er neitiid ynspirearre om te kommen ta in alvestêdetocht yn organisearre ferbân. Dy soe dan troch alle dielnimmers op deselde dei ferriden wurde moatte, by wize fan wedstryd. Yn 1908 lei er dat plan foar oan it Frysk Iisbûn. Dy organisaasje seach wol wat yn in evenemint foar ien kear. Mulier stie eins in reedriderstocht foar eagen dy't elts jier holden wurde soe, ynsafier't de waarsomstannichheden dat talieten. Hoewol't dat ferskil fan miening bestean bleau, waard úteinset mei de tarieding fan it barren.

Tsjin 'e ein fan 1908 waard troch it Nederlânsk Bûn foar Lichaamlike Opfieding (NBLO) in organisearre Alvestêdetocht útskreaun, dy't organisearre wurde soe troch it Frysk Iisbûn. De datum soe noch neier bepaald wurde en oant en mei 5 jannewaris 1909 wie der gelegenheid ta ynskriuwing. Doe't it ein desimber lykwols hurd begûn te friezen en it iis goed genôch ornearre waard foar in Alvestêdetocht, waard lykwols abrupt besletten en helje de tocht nei foarren. De nije eindatum foar de ynskriuwing waard ferskood nei 1 jannewaris. Wa't te lang wachte hie mei ynskriuwen, fiske sadwaande efter it net. Sels ynskriuwings dy't op âldjiersdei binnen kamen, waarden om ûnbekende reden net mear akseptearre. Uteinlik die bliken dat mar 48 persoanen har op 'e tiid ynskreaun hiene, ta ûnfernoegen fan in soad lju dy't te let west hiene.

Op 2 jannewaris 1909, de deis dat de Earste Alvestêdetocht plakfine soe, waard it ynienen teiwaar. De grutste helte fan 'e ynskreaunen seach doe fan dielname ôf. De 23 oerbleaune reedriders melden har by Hotel Amicitia oan 'e Wurdumerdyk yn Ljouwert. Dêr krigen se fan it Iisbûn te hearren dat dielname op risiko wie. Foarsitter Hijlkema joech harren ek noch in oar boadskip mei: "U dient de tocht eigenlijk niet te beschouwen als een wedstrijd; alleen de flink getrainde jongelui onder u mogen denken aan het winnen van een prijs." Nettsjinsteande dat waarden der wol prizen útrikt foar de earste trije dielnimmers dy't de einstreek berikten, dat de tocht hie wol deeglik in kompetatyf elemint. Oan 'e oare kant wie de sfear gemoedlik, en waard der, as in groepke riders eefkes bekommen wie, gewoan wachte oant eltsenien klear wie om fierder.

Lykas by alle iere Alvestêdetochten it gefal wie, waard de rûte tsjin 'e klok yn riden, dus fan Ljouwert earst nei Dokkum. Hijlkema hie de dielnimmers noch warskôge om tuike-oan te dwaan, want "wie eerst in Dokkum is, zou wel eens het laatst in Stavoren kunnen zijn." Dat blieken profetyske wurden: J. Schaap út Reduzum wie as earste yn Dokkum, mar moast yn Starum de striid opjaan. Ek oaren dy't tusken Ljouwert en Frjentsjer hieltyd oan kop leine, wiene letter net mear yn 'e top 10 werom te finen. Tsjin 'e tiid dat de dielnimmers Harns berikten, tekenden har twa favoriten foar de einsege ôf: Minne Hoekstra út Warmenhuzen (berne yn Wergea) en Gerlof van der Leij út Marrum. Harren foarsprong rûn op in stuit op oant trije kertier, mar yn Snits waarden se byhelle troch Tiete Solke Rooseboom út Amsterdam.

De Earste Alvestêdetocht yn Ljouwert. Yn 'e midden, 5e fan lofts mei burdsje, de winner Minne Hoekstra út Warmenhuzen, lofts fan him Gerlof van der Leij, de twadde-priiswinner út Marrum, rjochts sjoernalist jhr. Jan Feith.

It trijetal waard beselskippe troch in sjoernalist dy't net formeel oan 'e Alvestêdetocht meidie, jhr. Jan Feith fan it Algemeen Handelsblad, dy't yn Dokkum opstapt wie. Underweis tusken Snits en Ljouwert praten de mannen gesellich mei-inoar, wêrby't se it û.m. hiene oer hoe't de tocht einigje moast. Hoekstra woe yn rêstich tempo nei Ljouwert ride en it krekt foar de einstreek op in sprint oankomme litte. Rooseboom woe lykwols gewoan sa hurd mooglik de tocht útride en ûntsnapte út 'e groep. De oare beide mannen moasten doe wol efter him oan. Hoekstra bliek de measte reserves te hawwen en liet Rooseboom en Van der Leij op 't lêst in hiel ein efter him. Hy kaam (beselskippe troch Feith) binnen mei in tiid fan 13 oeren en 50 minuten. Van der Leij finishte trije minuten dêrnei en Rooseboom wer trije minuten letter.

posysje dielnimmer wenplak tiid
1 Minne Hoekstra Warmenhuzen¹ 13:50
2 Gerlof van der Leij Marrum 13:53
3 Tiete Solke Roosenboom Amsterdam 13:56
4 Jan Boon Rotterdam 15:06
5 Jacob Haye Kaastra Huzum 15:06
6 Sjerp Kaastra Huzum 15:06
7 Jan Ferwerda Ljouwert 15:06
8 jhr. H.W.M. van Coehoorn van Sminia Haarlim ??:??
9 J. Lieftinck Haarlim ??:??

¹) Wenplak neffens de opjefte fan 'e Keninklike Feriening De Fryske Alve Stêden. Oare boarnen jouwe Hoekstra syn berteplak Wergea as wenplak.

Oprjochting fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De belangstelling dy't der wie foar de Earste Alvestêdetocht brocht de Fryske kranteman Mindert Hepkema derta om te pleitsjen foar de oprjochting fan in feriening dy't spesjaal bedoeld wie om tenei de organisaasje fan Alvestêdetochten te beävensearjen. Dat idee krige stipe fan Pim Mulier. Op 15 jannewaris 1909, minder as twa wiken nei de Earste Alvestêdetocht, waard sadwaande de Vereeniging De Friesche Elf Steden oprjochte, dy't by syn hûndertjierrich bestean, yn 2009, it predikaat Keninklik krije soe. Hepkema waard de earste foarsitter fan 'e feriening, en soe dat bliuwe oant yn 1947.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Alvestêdetocht
alvestêdetochten foàr 1909 • Earste Alvestêdetocht (1909) • Twadde Alvestêdetocht (1912) • Tredde Alvestêdetocht (1917) • Fjirde Alvestêdetocht (1929) • Tolhúster Alvestêdetocht (1929) • Fyfde Alvestêdetocht (1933) • Sechsde Alvestêdetocht (1940) • Sânde Alvestêdetocht (1941) • Achtste Alvestêdetocht (1942) • Njoggende Alvestêdetocht (1947) • Tsiende Alvestêdetocht (1954) • Alfde Alvestêdetocht (1956) • Tolfde Alvestêdetocht (1963) • Trettjinde Alvestêdetocht (1985) • Fjirtjinde Alvestêdetocht (1986) • Fyftjinde Alvestêdetocht (1997) • Alternative Alvestêdetocht