Earsmaits
Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout! |
De earsmaits (Enterobius vermicularis) is in lyts wjirm (~ 5–10 mm) dy't parasitêr foarkomt yn de termen fan de mins. It bistke is gielwyt fan kleur. Yn 1983 is in twadde soarte beskreaun, de Enterobius gregorii.[1] [2] Dit soe lykwols ek in ier stadium fan de Enterobius vermicularis wêze kinne. [3] [4] [5]
De earsmaits heart ta de rûnwjirms, en is yn Nederlân de feroarsaker fan de measte wjirme-ynfeksjes. 60% fan de bern en 20% fan de folwoeksenen is mei de wjirm besmet. Benammen bern rinne se gauris op, bygelyks op 'e kres of de beukerskoalle. Se binne in typysk minsklike parasyt: besmetting bart allinnich fan mins op mins, yn hûsdieren kinne se net oerlibje.
Earsmaitsjen sitte yn it ûnderste diel fan de dikke term en yn de bline term (de ileocaecale regio). Se libje ûngefear 8 wiken, binne kommafoarmich, en lizze harren aikes op de hûd om de anus. Troch klauwen wurde se faak ferspriede. Bûten it lichem kinne de aikes lang yn libben bliuwe, sadat se fia ûnder oare boartersguod, meubels of klean oan de fingers of yn fiedsel terjochte komme om immen oars te besmetten. Ek kin men himsels sa opnij besmette. De aikes komme út yn de tolvefingerige term en de larven sakje noch fierder ôf, en sa is de sirkel rûn.
Earsmaitsen komme faak nachts nei bûten ta en feroarsaakje dan jokte om de anus en skamlippen. Se kinne ek yn de ûntlêsting oantroffen wurde. By heftige ynfeksjes komme se ek yn de fagina foar, dêr't se har lykwols net fuortplantsje kinne. De wjirmkes binne lykwols frij ûnskuldich en feroarsaakje heechút jokte en wat ûndúdlike term- en búkklachten. Wol kin de jokte guon minsken út de sliep hâlde, wat ta wurgens en niteligens liedt. It klauwen kin ûntstekkings en in stikkene hûd feroarsaakje. Besmetting mei Enterobius vermicularis wurdt enterobiasis neamd.
Foarkomme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Faak hanwaskje, yn elk gefal nei dat men fan it húske komt
- Net klauwe by jokte
- Neilen koart knippe sadat der gjin aaikes ûnder sitten gean kinne
- Faak de handoek fernije
- Alle dagen skjin ûnderguod
- Plakken dy’t faak oanrekke wurde goed skjin hâlde (doarknoppen, kastdoarren, wc-bril )
- Apart waskhantsje foar boppe en ûnderlichem en faak in skjinnenien krije
Behanneling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Behanneling bart troch medisinen te nimmen, bygelyks mebendazol, dat sûnder resept by de apteek of de drogist te krijen is. Goede hygiëne is fansels út previntyf eachpunt fan it grutste belang. Wannear't ien gesinslid de wjirm hat, sil lykwols dôchs de hiele húshâlding behannele wurde moatte om foar te kommen dat men inoar allegeduerigen opnij besmet. Earsmaitsen binne op himsels ûnskuldich mar kinne yn kombinaasje mei oare saken wol foar serieuzere problemen soargje lykas ûntstekkings en ynfeksjes. Wa’t faak lêst hat kin de hûsdokter rieplachtsje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|