Earehôf Drylts
It Earehôf Drylts is in ûnderdiel fan it algemiene begraafplak fan Drylts. De grêven lizze flakby de yngong. Der steane twa stiennen mei dêrop de nammen:
Namme | Funksje | Underdiel | Sq | Ferstoarn | Leeftyd |
---|---|---|---|---|---|
Roland Montgomery Bull | Navigator/radar operator | Royal Canadian Air Force | 410 Sq | 10-04-1943 | 24 |
John Edward Leach | Piloat | Royal Canadian Air Force | 410 Sq | 10-04-1943 | 26 |
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 10 april 1943 patrouillearre in Mosquito, de DZ 743 fan it No. 410 Squadron RCAF, yn Súdwest-Fryslân. Tichtby it stasjon fan Drylts waard in trein ûnder fjoer nomd. Dêrby kaam de Mosquito ûnder fijannich fjoer te lizzen. It fleantúch draaide skerp en besocht leech oer it stasjon te fleanen om de minsken op it perron te jeien mar rekke dêrnei troch syn lege fleanhichte de beamtoppen op de Stedsleane en stoarte del. De twa bemanningsleden kamen dêrby om it libben. Se waarden begroeven op it algemiene begraafplak yn Drylts.
Efter de twa CWGC-grêven steane twa saneamde stele, by de grêven fan de Fryske fersetsstriders Hendrik Huizenga en Jurjen Hoomans. Beiden waarden by in razzia op 5 april 1945 yn Drylts oppakt. Mei trije oare fersetsstriders waarden se op 6 april 1945 troch de Dútsers fusillearre op de Sânfurderhoeke tusken Sondel en Nijemardum. Nei de oarloch, op 23 oktober 1946, waarden se opnij beïerdige op it algemiene begraafplak yn Drylts.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Earehôf Drylts fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|