Earebegraafplak Ede
Earebegraafplak Ede is in begraafplak op de Paasberg yn it Gelderske plak Ede. It is it lêste rêstplak foar 30 sneuvele Nederlânske fersetsminsken út de Twadde Wrâldoarloch. Yn Ede is it de offisjele lokaasje dêr't op 4 maaie de deaden betocht wurde. Lokaal wurdt meastentiids praat oer Het Mausoleum.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de oanlis fan it betinkplak wie it gebiet op de Paasberg in boskich kuierpark dêr't al in monumint wie ta eare fan kostskoallehâldster Anna Maria Moens. Ein 1944 lykwols waarden, mei it each op de oankommende opmars fan de alliearden, hast alle beammen troch de Dútske besetter kapt en waarden stellingen en rinfuorgen oanlein; sadwaande feroare it park yn in treastleaze woastenij. Hast fuort nei de oarloch krigen de eardere distriktskommandant fan de Binnenlandse Strijdkrachten Derk Wildeboer en Zwerus de Nooij sr. it idee foar in monumint ta oantins foar fallen fersetsstriders. In groep fan âld-fersetsstriders organisearre in jildynsammelaksje dêr't romhertich gehoar oan jûn waard troch de Edeske befolking. Der waard safolle jild byinoar fandele (71.935 gûne) dat dêrmei letter ek noch oare monuminten yn de omkriten fan Ede finansiere wurde koene. Foar it ûntwerp waard yn Wageningen kontakt socht mei tún- en lânskipsarsjitekt Jan Bijhouwer. De Edeske boukundige Jan Brands en kweker Ten Ham wiene ek belutsen by de bouplannen. De bou waard útfierd troch de Edese oannimmer Gaasbeek en meiwurking waard ferliend troch de Kanadeeske striidkrêften dy 't, yn ôfwachting fan har weromgean nei hûs, yn Ede legere wienen.
It earebegraafplak waard op 2 augustus 1947 iepene yn it bywêzen fan prins Bernhard, boargemaster Joost Boot en kommissaris fan de Keninginne Cypriaan Gerard Carel Quarles fan Ufford. Der leine lange tiid 29 fersetsminsken yn it mausoleum begroeven. Op 26 april 2012 waard it stoflik omskot fan Christiaan Hollebrands byset. [1] Yn 2017 -2018 is it mausoleum restaurearre.[2]
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mausoleum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gehiel bestiet út in park mei romme gazons dêr't in mausoleum op boud is, in oarlochsmonumint makke fan bakstien dêr't 30 minsken yn begroeven lizze. Op de foarkant binne 40 wat djipper lizzende platen fan natuerstien, dêr't de nammen fan de betocht persoanen yn gouden letters te lêzen binne.[3] Dêrboppe stiet de tekst: “GESTEUND DOOR HET RECHT STREDEN ZIJ VOOR DE VRIJHEID”. Links is op it mausoleum it wapen fan Ede oanbrocht en neist it mausoleum stiet oan dizze kant in flaggemêst. Rjochts stiet boppe op it mausoleum in brûnzen byld fan de keunstner Piet Esser. Dy figuer stelt in fallen strider foar dy't him wer ferheft. Dêrûnder is in plakette dêr 't in tekst út it Bibelboek Joël op werjûn is:
IS DIT GESCHIEDT IN UWE DAGEN
OF OOK IN DE DAGEN UWER VADEREN?
VERTELT UWEN KINDEREN DAARVAN
EN LAAT HET UWE KINDEREN HUNNEN
KINDEREN VERTELLEN. EN DERZELVER
KINDEREN AAN EEN VOLGEND GESLACHT
— JOEL 1 VERS 2 EN 3
Oan 'e lofterkant fan it monumint sit in stiennen tinkplaat mei it wapen fan Ede en de tekst:
1940-1945
DE DANKBARE
BEVOLKING
VAN EDE
De 30 persoanen dy't yn it Mausoleum byset binne:[4]
Betinkpylder
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 5 maaie 1960 waard der in ekstra tinkpylder ûntbleate ta neitins oan de yn de Twadde Wrâldoarloch en yn Yndonezië sneuvele Edese militêren. Dizze pylder wie makke út wite natuerstien, mei ûnderoan in lytse swarte plakette. Op de wite tinkpylder stiene 51 nammen fan militêren, op de swarte plakette stie de tekst:
TIJDENS DE TWEEDE WERELDOORLOG EN IN INDONESIË GEVALLEN VOOR HET VADERLAND BIJ ZEE-, LAND- EN LUCHTMACHT.
Omdat de nammelist net alhiel korrekt wie, is op 15 augustus 2013 in nij monumint set. Op it âlde monumint stiene by fersin de nammen fan twa militêren dy't wol sneuvele binne yn Ede, mar net út dat plak kamen. Ek ûntbrutsen de nammen fan njoggen Edese slachtoffers. It nije monumint fan de hân fan keunstneres Linda Swaap bestiet út in plaat fan kortenstiel, dêr't boppe-oan de folgjende tekst út pûnst is:
GEVALLEN VOOR HET VADERLAND 1940-1949
Dêrûnder is in blank metalen plaat fêstmakke mei dêrop in list mei nammen fan de omkommen militêren, it plak dêr 't hja stoaren en har kriichsmachtûnderdiel. Under de plakette stiet de folgjende tekst:
Ter herinnering aan de militairen uit de gemeente Ede die omgekomen zijn in de Tweede Wereldoorlog en daarna tijdens de strijd in Nederlands-Indië
Edeske Joaden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 18 april 2012 waard yn it park in monumint ta neitins fan de Edeske Joaden ûntbleate, dy't yn de Twadde Wrâldoarloch weifierd binne en ombrocht waarden yn konsintraasjekampen.[5]
Fotogalery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
It brûnzen byld
-
Plakkaat tankbere befolking
-
Boerd by de yngong
-
"In dit mausoleum rusten onze gevallenen"
-
Monumint sûnt 2013
-
Monumint foar de Joaden út Ede út 2012