De Haukes
De Haukes | ||
lokaasje De Haukes. | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Hollâns Kroan | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 135 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Postkoade | 1778 | |
Tiidsône | UTC 1 | |
Simmertiid | UTC 2 | |
Koördinaten | 52° 53 'NB, 4° 56 'EL | |
Kaart | ||
De Haukes is in plak yn 'e gemeente Hollâns Kroan yn 'e provinsje Noard-Hollân.
De Haukes leit yn it súdwesten fan it eardere eilân Wieringen. De plaknamme is ôflaat fan 'e beneaming foar mienskiplike grûn of it is in ferwizing nei leech lizzend sompich lân. Yn 1840 wennen der mar 20 ynwenners yn it plak, tsjintwurdich hat De Haukes 135 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Haven
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Haukes hie de haven fan Wieringen, mar groeide troch de iuwen hinne net út ta in echt doarp. It oanbuorjende Westerlân die dat al en hat ek in eigen tsjerke. No leit de haven fan De Haukes oan 'e Amstelmar. Yn it begjin fan 'e 20e iuw, doe't de Amstelmar noch net bestie, wie De Haukes in oanlisplak foar de fearboat, dy't it stoomspoar (stoomtram) Skagen-Wieringen kompleet makke; dy ferdwûn úteinlik. Ek wie der doe noch in postboat, mar mei it oanlizzen fan 'e Ofslútdyk en de wei dêrhinne ferdwûn it nut fan 'e boat. Tsjintwurdich herinnert allinnich it biljertkafee 'De Postboat' noch oan 'e boat. De haven is no fral fan belang foar wettersporters en rekreanten.
Wierskuorre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Haukes is it ienige plak op Wieringen, dêr't noch in typyske âlde wierskuorre te sjen is. It is in grutte houten skuorre mei swart tarre planken. Yn dat soarte skuorren waard wier (eigentlik seegers) yn balen opslein. Faak waarden yn 'e wierskuorren de balen ek parse. In orizjinele wierskuorre is fersetten nei it Suderseemuseum yn Inkhuzen. Ek steane yn De Haukes eineboeten, dêryn waarden einen hâlden en de aaien waarden ferkocht oan de grutte koekefabriken. Tsjintwurdich stean se leech of se hawwe in oare bestimming krigen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Gemeente Hollâns Kroan | ||
---|---|---|
Doarpen: Anna Paulowna • Barsingerhorn • Breesân • Den Oever • Haringhuizen • Hippolytushoef • Kolhorn • Kreil • Kreileroord • Lutjewinkel • Middenmeer • Nieuwe Niedorp • Nieuwesluis • Oosterland • Oude Niedorp • Slootdorp • Stroe • Van Ewijcksluis • 't Veld • Westerland • Wieringerwaard • Wieringerwerf • Winkel • Zijdewind | ||
Utbuorrens: De Haukes • Kleine Sluis • Moerbeek • Vatrop • Verlaat (foar in part) • Westerklief | ||
· · |