David LaChapelle
David LaChapelle | ||
keunstner | ||
David LaChapelle yn 2011 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Amearikaansk | |
berne | 11 maart 1963 | |
berteplak | Hartford (Konettikut) | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Fotograaf, fideoregisseur, filmregisseur | |
medium | Fotografy, fideo, film | |
offisjele webside | ||
lachapellestudio.com |
David LaChapelle (Konnektikut, 11 maart 1963) is in Amerikaansk fotograaf en regisseur.
LaChapelle is foaral bekend om syn fotografy, dy't faak ferwiisd nei temas út de keunstskiednis en somtiids in sosjale boadskip oerbringe wol. Syn fotografyske styl is beskreaun as "hyper-realistysk en slûchslim subversyf" en as "kitcherich pop surrealisme". Wol de 'Fellini fan de fotografy' neamd, hat LaChapelle meidien oan ynternasjonale publikaasjes en hat er syn wurk útstald yn kommersjele galerys en ynstellingen ynde hiele wrâld.
LaChapelle folge de Carolina School of the North Arts en de School of the Arts yn New York. Syn earste profesjonele opdracht as fotograaf wie foar Ynterview magazine, in kâns dy't er oanbean krige troch Andy Warhol. Syn wurken binne útjûn yn fjouwer boeken, LaChapelle Land, Hotel LaChapelle en Heaven to Hell, en befetsje beide sterke en bizarre portretten fan ferneamde lju. Yn 2006 waard Artists and Prostitutes útbrocht, in boek mei it hiele oeuvre fan LaChapelle. Dat boek kaam út yn in beheinde oplage.
Syn earste film Rize, in dokumintêre oer it dûnsfenomeen krumping hie syn premjêre by it Sundance Film Festival yn 2005 en waard yn deselde simmer útbrocht yn 'e bioskopen. Ek regissearre er in advertinsje foar H & M's nije denimkolleksje; dy commercial wie basearre op it ferhaal fan Romeo en Julia.
Muzykfideo's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fideoregisseur fan de neifolgjende klips:
1997
- The Dandy Warhols - "Not If You Were The Last Junkie on Earth"
1999
- Kelis - "Good Stuff"
- Moby - "Natural Blues"
2000
- Enrique Iglesias - "Sad Eyes"
2001
- Elton John - "This Train Don't Stop There Anymore"
- Mariah Carey - "Loverboy"
2002
- Elton John - "Original Sin"
- The Vines - "Outathaway"
- Christina Aguilera feat. Redman - "Dirrty"
- Avril Lavigne - "I'm With You"
2003
- Jennifer Lopez - "I'm Glad"
- Whitney Houston - "Try It On My Own"
- Christina Aguilera feat. Lil' Kim - "Can't Hold Us Down"
- Macy Gray - "She Ain't Right For You"
- Christina Aguilera - "The Voice Within"
- blink-182 - "Feeling This"
- No Doubt - "It's My Life"
2004
- Britney Spears - "Everytime"
- Joss Stone - "Super Duper Love"
- Norah Jones - "Those Sweet Words"
- Elton John - "Answer In The Sky"
- Elton John - "All That I'm Allowed"
- Usher - "Burn"
- Gwen Stefani feat. Eve - "Rich Girl"
- Untwurp en regissearre Elton John's Las Vegas show "The Red Piano"
2005
- Robbie Williams - "Advertising Space"
2006
- Hilary Duff - "Supergirl"
- Elton John - "Someone Saved My Life Tonight"
2007
- Amy Winehouse - "Tears Dry on Their Own"
- Jennifer Lopez - "Do It Well"
2012
- Florence and the machine - Spectrum
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- LaChapelle Land - 1996
- Hotel LaChapelle - 1999
- Artists and Prostitutes - 2006 (beheinde oplage)
- Heaven to Hell - 2006
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Photographer of the Year Award by de VH1 Fashion Awards
- Ien fan de Ten Most Important People in Photography yn de wrâld neffens American Photo
Eksposysje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2018 - Grinzer Museum
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory David LaChapelle fan Wikimedia Commons. |