Coventry
Appearance
Coventry | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Regio | West Midlands | |
Greefskip | West Midlands | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 315.700 (2006) | |
Oerflak | 98,64 km² | |
Befolkingsticht. | 3.108 / km² | |
Oar | ||
Stifting | 1043 | |
Tiidsône | GMT (UTC 0) | |
Simmertiid | (UTC 1) | |
Offisjele webside | ||
Coventry |
Coventry is in stêd (city) en in distrikt yn de West Midlands fan Ingelân. Coventry leit 153 kilometer noardwestlik fan Londen en 39 kilometer beëasten Birmingham.
Bombardemint op Coventry
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Twadde Wrâldkriich, op 14 novimber 1940, waarden grutte parten fan de stêd rekke troch in Dútsk bombardemint. Ek de ferneamde katedraal fan de stêd waard doe ferwoastge. Letter yn de kriich krige Coventry mear bombardeminten te fernearen. De Sint-Michaelkatedraal waard op 'en nij boud njonken de ruïnes fan de âlde en waard yn 1962 ynwijd.
Underrjocht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Coventry hat twa universiteiten. De Universiteit fan Coventry leit op in moderne kampus yn it stedssintrum. De Universiteit fan Warwick sit 5 km besuden it sintrum oan de grins mei Warwickshire.
Stedsbyld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Panorama Coventry City
Berne yn Coventry
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nigel Hawthorne (1929-2001), akteur
- Clint Mansell (1963), muzikus en filmmuzykkomponist
- Clive Owen (1964), akteur
- Marlon Devonish (1 juny 1976), sprinter
- Terry Hall (19 maart 1959), sjonger en muzikus (The Specials)
Stedebannen (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ostrava (Tsjechje)
- Saint-Étienne (Frankryk), sûnt 1955
- Sarajevo (Bosnje en Herzegovina)
- Windsor (Kanada)
- Arnhim (Nederlân)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Coventry fan Wikimedia Commons. |