Cor Bruijn
Cornelis Pieter (Cor) Bruijn (Wormerfear, 17 maaie 1883 - Hilversum, 6 novimber 1978) wie in Nederlânsk skriuwer fan meast streekromans en berneboeken. Syn bekendste boek is Sil de strandjutter (1940).
Bruijn waard berne te Wormerveer, dêr't syn heit winkelman wie. Bruijn wie de âldste fan tsien bern. Hy gie nei de Rykskweekskoalle yn Haarlim en waard ûnderwizer.
Hy wie yn 1903 belutsen by de oprjochting fan de Humanitêre Skoalle yn Laren, Noard-Hollân, dêr't er fan 1906 oant 1916 haadûnderwizer wie. Yn 1916 rekke er oan 't wurk by Hilfersomske Skoalleferiening. Fan 1942 ôf, doe't er om reden fan ôfnimmende sûnens betiid mei pensjoen gien wie, lei er him hielendal ta op de skriuwerij. Yn 1955 wûn er de priis foar it bêste berneboek fan it jier mei Lasse Länta. Yn 1957 skreau er it skiednisboek Ons Hilversum dat troch de gemeente Hilfertsom oan de skoalbern útdield waard.
By it ferstjerren fan Nynke fan Hichtum skreau Bruijn in gedicht dat er foarlêzen hat by har kremaasje.
Bruijn stoar mei 95 jier yn Hilfertsom. Margreet Bruijn, syn dochter skreau in biografy oer har heit dy't yn 1984 ferskynde.
Koarte bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1909 - De oorlog (Vertellingen voor oudere kinderen)
- 1918 - Langs de waterkant (Een half jaar uit het leven van een Hollandse jongen)
- 1922 - Keteltje in de Lorzie
- 1923 - Keteltje in het veerhuis
- 1925 - Het vonkende vuur
- 1926 - Michiel de Stroper (een verhaal uit de Hessische bergen)
- 1928 - Rinke Luit, de vrolijke veerman
- 1930 - Keteltjes thuisvaart
- 1937 - Koentje van Kattenburg
- 1940 - Sil de strandjutter
- 1943 - Arjen
- 1946 - Wendelmoet
- 1948 - Vrijheid!
- 1949 - Ochtendschemering
- 1952 - Simon en Johannes
- 1953 - Vlucht naar het eiland
- 1955 - Lasse Länta (een verhaal uit Lapland)
- 1958 - Het witte rendier
- 1960 - De vogels van mijnheer Dupont
- 1961 - Wijd was mijn land (mijn jeugd aan de Zaan)
- 1962 - De Vuistslag
- 1972 - Nils Eira (trije dielen: Toen de boshaan riep, De vlucht naar Kautokeino en Geroofd van het eiland), útj. Van Holkema & Warendorf , Bussum, 1972
- 1973 - De triomf van Roel de Knoet, útj. Bruna, Utert
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Margreet Bruijn, De man achter Sil. Over Cor Bruijn als idealist, onderwijspionier en schrijver, 1883-1978. De Haach / Wormerveer: Leopold / Utjouwerij Noord-Holland, 1984.