Castledawson
Appearance
Castledawson | ||
Haadstrjitte | ||
Bestjoer | ||
Lân | Noard-Ierlân | |
County | Londenderry | |
Distrikt | Magherafelt | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.293 (2001) | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC 0 | |
Offisjele webside | ||
www.castledawsongac.com/ |
Castledawson is in plak in het Noard-Ierske greefskip Londenderry.
Castledawson leit oan de rivier de Moyola en hiet oarspronlik "Dawson's Bridge". It plak leit 6 km fan de noardwest igge fan Lough Neagh en tichteby de plakken Magherafelt en Sperrins.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Castledawson waard ferneamd nei Joshua Dawson, haadsekretaris foar Ierlân en stichter fan it doarp yn 1710, dy't dêr yn 1713 in grut hearehûs sette liet.
Oan de súdwestkant fan it plak leit in âld ringfort (ráth).
Transport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 10 novimber 1856 waard it spoarstasjon fan Castledawson iepene. It gie ticht foar passazjiersferfier op 28 augustus 1950 en op 1 oktober 1959 gie it ticht foar alle ferfier.
De A6 fan Belfast nei Derry rûn oant 1992 troch Castledawson, dat jier waard der in rûnwei oanlein.
-
Alde stiennen brêge oer de Moyola
-
The Old Thatch Inn
-
De Presbyteriaanske tskerke
Berne yn Castledawson
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Seamus Heaney (1939-2013), dichter, toanielskriuwer en fertaler (winner Nobelpriis foar de Literatuer 1995)