Springe nei ynhâld

Bywurd

Ut Wikipedy

Bywurden binne in wurdsoarte. De neikommende wurden kinne ta de bynwurden rekkene wurde: soms, juster, stadich, tige. It eigenskipswurd seit wat oer it haadwurd en oer it generaal jout it bywurd in nuânse oan oare wurdsoarten, útsein haadwurden en persoanlike foarnamwurden. It falt net altiten ta om it bywurd yn in sin te beskieden. Ornaris hawwe bywurden gjin bûgingsferskaat, of it moat wêze dat in eigenskipswurd as bywurd yn in sin brûkt wurdt. De bywurden kinne yn fjouwer kategoryen yndield wurde:

  • oanwizende bywurden: dêr, hjir, doe, jinsen, dan, sa, plus alle foarnamwurdlike bywurden dy't mei dêr en hjir begjinne;
  • freegjende bywurden: wêr, hoe, wannear;
  • Onbepaalde bywurden: der, earne, nearne, oeral, ea, nea;
  • betreklike bywurden: dêr’t, wêr't

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikiwurdboek Wikiwurdboek: bywurd – betsjutting, etymology, synonimen, besibbe wurden, oersetting en grammatika