Springe nei ynhâld

Bristol (Ingelân)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bristol (stêd))
Bristol
It wapen en biedwurd fan Bristol
It wapen en biedwurd fan Bristol
Bestjoer
Lân Ingelân
Provinsje Bristol
Gemeente Bristol
Sifers
Ynwennertal 441 300 (2010)
Oerflak 110 km²
Befolkingsticht. 3 639 / km²
Hichte 10 m boppe seenivo
Oar
Postkoade BS
Tiidsône GMT
Koördinaten 51° 27′, -2° 35′
Offisjele webside
www.visitbristol.co.uk
Lizzing Bristol yn Ingelân
Sicht op Bristol út in gasballon wei
Clifton Hingbrêge

Bristol is in stêd yn Ingelân, 190 km westlik fan London mei sa'n 410.300 ynwenners (2010), dy leit oan de mûning fan rivier de Avon. It is in stêd en in seremoanjeel greefskip fan Ingelân. Dy situaasje is unyk yn Ingelân, alle oare stêden mei de status fan in Unitary Authority hawwe net de status fan greefskip. De stêd hat in ynternasjonale haven en is in bekend sintrum fan fleantúchyndustry, mei BAE Systems, dêr't guon fan de Concordes boud waarden. Ek is Bristol in sintrum foar auto- en wynymport. Cameron Ballonnen yn Bedminster beweare dat se de grutste fabrikant fan hjitteloftballons binne.

De stêd hat in âld sintrum en in ferneamde universiteit. De Clifton Suspension Bridge waard yn 1830 ûntwurpen troch de ferneamde yngenieur Isambard Kingdom Brunel. Yn Bristol stiet ek it âldste teater fan Ingelân, it Theatre Royal út 1766.

Yn de Twadde Wrâldkriich rûn de stêd in soad skea op.

Stedsdielen fan Bristol

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ashley, Avonmouth, Bedminster, Bishopston, Bishopsworth, Brislington East, Brislington West, Cabot, Clifton, Clifton East, Cotham, Easton, Eastville, Fillwood, Fishponds, Frome Vale, Hartcliffe, Henbury, Hengrove, Henleaze, Hillfields, Horfield, Kingsweston, Kingswood, Knowle, Lawrence Hill, Lockleaze, Redland, Southmead, Southville, St George East, St George West, St Pauls, Stockwood, Stoke Bishop, Westbury on Trym, Whitchurch Park en Windmill Hill.

13 kilometer súdlik fan de stêd leit 'Bristol Airport', in fleanfjild mei ferskate Europeeske reisdoelen. Der binne twa belangryke treinstasjons; Bristol Temple Meads en Bristol Parkway. Bristol leit op twa sneldiken, de M4 is in east-west ferbining (Londen, Bristol, Wales), de M5 is in noard-súdwest ferbining (Birmingham, Bristol, Plymouth).

Berne yn Bristol

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]