Brigitte Bardot
Brigitte Bardot | ||
akteur | ||
Brigitte Bardot yn 1962 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Brigitte Anne-Marie Bardot | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 28 septimber 1934 | |
berteplak | Parys | |
jierren aktyf | 1952-1973 |
Brigitte Anne-Marie Bardot, ek wol BB neamd, (Parys, 28 septimber 1934) is in Frânsk earder fotomodel, sekssymboal, aktrise en sjongster.
Brigitte Bardot hat yn totaal 48 films makke. Yn 1958 briek hja ynternasjonaal troch mei Roger Vadim's "Et Dieu créa la femme", wêryn't sy it weesfamke Juliette spile. De film feroarsake in sensaasje yn de Feriene Steaten en brocht Bardot wrâldferneamdens.
Brigitte Bardot wie it bêst op har plak yn lichte komeedzjes, dêr't hja in dúdlik talint foar hie. In goed foarbyld derfan is 'Une Parisienne' út 1957; nei't sy sels sein hat ien fan de pear films wêr't hja grutsk op is.
Sûnt de jierren 70 is Bardot warber as bisterjochteäktiviste en set sy har yn foar natuerbehâld op it skiereilân efter St. Tropez. Bardot har mienings oer saken sa as ymmigraasje, de islam en homoseksualiteit binne kontroversjeel en hawwe har reputaasje yn de rin fan de jierren gjin goed dien.
Sy hat ien bern, Nicolas-Jacques Charrier (berne yn 1960).
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Brigitte Tast, Hans-Jürgen Tast (Hrsg.) Brigitte Bardot. Filme 1953-1961. Anfänge des Mythos B.B. (Hildesheim 1982) ISBN 3-88842-109-8.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stifting Brigitte-Bardot
- Radioscopie de Brigitte Bardot (1976) : ynterview troch Jacques Chancel (Ina Archives Télé)
- Brigitte Bardot by IMDB
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Brigitte Bardot fan Wikimedia Commons. |