Boerakker
Boerakker | ||
Grifformearde tsjerke fan Boerakker (2010) | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerkertier | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 810 (2023) [1] | |
Oerflak | 11,65 km² wêrfan lân: 11,46 km² wêrfan wetter: 0,19 km² | |
Befolkingsticht. | 70 ynw. / km² | |
Oar | ||
Postkoade | 9362 | |
Tiidsône | UTC 1 | |
Simmertiid | UTC 2 | |
Koördinaten | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Lokaasje fan Boerakker yn de eardere gemeente Mearum |
Boerakker is in doarp yn de gemeente Westerkertier fan de provinsje Grinslân. It doarp leit benoardeasten Mearum. It hie yn 2021 likernôch 800 ynwenners. Boerakker leit oan it Dwarsdiep en oan it begjin fan de Matsloot. Troch de bewenners fan Boerakker wurde beide wetters oantsjut mei Old Diep of Oale Diep.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Untstean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boerakker is ûntstien yn in feangebiet tusken de hege sânrêgen fan Langewâld yn it noarden en Fredewâld yn it suden fan it Westerkertier. De sânwei "Boerenakkers" of "Buurackers" stammet mooglik al út de lette Midsiuwen. De namme "Buiracker" komt foar op in fersegeling út 1686, wêryn't Lubbe Iwema in pleats yn Niebert ferkeapet oan Jan en Johannes Engberts. De earste bebouwing, dy't te sjen is, is oanjûn op in militêre topografyske lânkaart fan begjin 19e iuw. Op de kadastrale kaart fan de gemeente Mearum en De Like út 1829 steane de grifformearde tsjerke en twa wenningen neamd. Yn 1867 stiene der tsien wenningen.
Groei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken 1900 en 1910 ûntstie der in feitlik doarp, mei sa'n fyftjin huzen. Yn de tsientallen jierren dêrnei groeide it út oant it hjoeddeistige doarp. Yn de jierren '70 en '80 fan de 20e iuw waard it doarp oan de westkant útwreide mei nijbou, oan de Olde Ie. Yn 2006 fûn útwreiding plak yn súdlike rjochting by de haadwei lâns.
Lange tiid wie Boerakker gjin 'gewoan' doarp. It lei oant de gemeentlike weryndieling yn 1990 yn twa gemeenten, nammentlik de gemeenten Marum en De Like. De Hoofdweg foarme de grins. Nei de weryndieling kaam it doarp yn de gemeente Mearum te lizzen. Nijsgjirrich wie dat beide gemeenten in ferskillende status oan it doarp joegen. De gemeente De Like beskôge Boerakker as in diel fan Tolbert, wylst Mearum oan Boerakker in doarpsstatus joech. It bûtengebiet fan Boerakker oan de east- en noardkant fan De Jammer hearde by de gemeente De Like ûnder de namme fan Boerakker, gemeente Leek. Nei de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2019 heart it hiele doarp oan de gemeente Westerkertier.
Gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste grifformearde tsjerke fan Boerakker waard yn 1911 oan de Hoofdweg boud. Yn 1929 waard njonken de besteande tsjerke in gruttere tsjerke boud, dy't de hjoeddeistige tsjerke waard. De âlde tsjerke docht sûnt tsjinst as ferieningsgebou. Yn de (nije) tsjerke stiet in oargel út 1991 fan Albert Hendrik de Graaf. Dêrfoar stie yn de tsjerke in Frysk oargel út 1808 fan Albert fan Gruisen, dat sûnt 2006 yn de herfoarme tsjerke fan Wadenoijen stiet.
Doarpshûs
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarpshús Taveno, dat ek oan de Hoofdweg stiet, waard fan 1990 ôf hierd en yn 2005 kocht troch de frijmakke tsjerke. It doarpshús hjit sûnt Sport- en Moetingssintrum 'Oomkegast' en stiet no oan de wei De Olde Ie.
Skoallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp telde oant 2012 twa basisskoallen: de Iepenbiere Basisskoalle "De Til" oan De Olde Ie en de Kristlike Basisskoalle “'t Fundament" oan de Hoofdweg. "De Til" fierde yn july 2010 syn 100-jierrich bestean, "It Fundament" die dat in jier earder, yn 2009. Yn 2012 binne de skoallen gearfoege yn in ien skoalle, neamd “De Klimboom”.
Oare gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de grifformearde tsjerke oer stiet de pastorij út 1923, ien fan de pear markante wenningen yn it doarp. In oare opfallende wenning is it eardere "Café de Zon" mei trochreed.
-
Hoofdweg yn 'e winter
-
Pastorij foar de grifformearde tsjerke oer
-
sws De Klimboom (earder CBS 't Fundament)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|