Springe nei ynhâld

Boeing 747

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Boeing 747-400)
Boeing 747

Rol Wide-body ferkearsfleamasine
Makker Boeing
Earste flecht 9 febrewaris 1969
Yn tsjinst 22 jannewaris 1970 by Pan American World Airways
Ut tsjinst n.f.t
Farianten Boeing 747SP
Boeing 747-400
Boeing 747-8
Boeing VC-25
Boeing E-4
Tal makke Fan 1968 ôf: 1548 (des. 2018)
Grutte brûkers British Airways
Lufthansa
Korean Air
Atlas Air
KLM
Trochûntwikkeling
De City of Everett, it earste testtastel
In Boeing 747-100 fan British Airways (1976)
De cockpit fan in 747-200

De Boeing 747, ek gauris Jumbo-jet of Jumbo neamd, is in ferkearsfleanmasine fan de Amerikaanske fleanmasinebouwer Boeing. Sûnt de earste flecht op 9 febrewaris 1969 wie de 747 krapoan fjirtich jier lang de grutste passazjiersfleanmasine fan de wrâld. Mei syn karakteristike boppeferdjipping is it ien fan de meast ferneamde tastellen yn de loftfeart.

De Boeing 747-100 wie it earste model fan de 747-famylje en waard yn 1966 oankundige. Net lang dêrnei, yn 1968, kaam de 747-200. Yn 1980 waard de 747-300 lansearre en nochris fiif jier letter de 747-400. It nijste model, de 747-8, folge yn 2005. Fan alle farianten binne ferskillende útfierings boud.

De earste 747-100's hiene in boppeferdjipping dy't as salonromte bedoeld wie. Dizze útfiering hie trije ruten oan wjerskanten. Letter, doe't loftfeartmaatskippijen ek op dizze ferdjipping graach stuollen ha woene, betocht Boeing in útfiering mei tsien ruten. De 747-100 hie motoaren fan it type Pratt & Whitney JT9D-3A. Mei-inoar binne der 168 tastellen boud. It prototype, de City of Everett, hat Boeing sels holden.

Alhoewol't de 747-100 genôch kapasiteit en in knap berik foar de middellange ôfstannen hie, wie it tastel net sa geskikt foar de langere ôfstannen. De fraach nei in fariant dy't dizze tekoartkommings net hie waard hieltyd grutter en soarge al gau foar de komst fan de 747-200. Dizze hie krêftigere motoaren, in heger maksimaal startgewicht en in grutter berik as de 747-100. Fan de 747-200 wiene der 393 boud doe't yn 1991 de produksje beëinige waard.

De 747-300 hie in boppeferdjipping dy't mear as 7 meter langer wie as dy fan de 747-200. Ek wie de trep nei boppe ta net langer in spiraaltrep mar in rjochte. Troch inkelde aerodynamyske feroarings koe de 747-300 krekt wat hurder fleane as de eardere farianten. It tastel fleach foar it earst op 5 oktober 1982 en waard foar it earst ôflevere op 23 maart 1983. Yn septimber 1990 waard de lêste 747-300 ôflevere oan Sabena.

De 747-400 is in ferbettere fariant mei in grutter berik. De úteinen fan de fleugels hawwe saneamde 'winglets', dy't it brânstofferbrûk mei fjouwer persint werombringe. De cockpit is flink fernijd, wêrtroch't it tredde bemanningslid, de boardmeganisien, net langer nedich is. Fan de 971 knopkes en meterkes binne der noch 365 oer. De earste keaper fan de 747-400 wie Northwest Airlines en yn febrewaris 1989 fleach it tastel foar it earst. De lêste passazjiersferzje fan de 747-400 waard yn april 2005 ôflevere oan China Airlines.

Yn novimber 2005 waard de 747-8 oankundige. It tastel produsearret minder lûd en is better foar it miljeu. De romp is 5,6 meter langer as dy fan de 747-400 en de motoaren binne fan it type General Electric GEnx-2B67. De passazjiersferzje hat in stuolkapasiteit fan 467 yn in konfiguraasje mei trije ferskillende klassen en hat in berik fan mear as 15.000 kilometer. De earste testflecht waard útfierd op 20 maart 2011 en yn maaie 2012 wie Lufthansa de earste maatskippij dy't it tastel yn tsjinst naam.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]