Blierkop
De Blierkop is in âld koweras dat al yn de lette midsiuwen beskreaun waard. Fan âlds komt de blierkop yn de provinsje Grinslân foar, mar ek yn de Rynstreek tusken Utert en Leien. De blierkop is oarspronklik in ko fan it fleis-molktype (60%-40%). Blierkoppen binne fokt mei krekt mear klam op fleis- as op molkeproduksje.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blierkop is egaal swart of read mei in wite kop en in wite sturtpunt. Om de eagen hinne hat de blierkop swarte as reade 'blieren'. De ûnderkant fan it liif is ek wyt. Wite plakken yn it kleure part of kleure plakken yn it wite part en al te hege poaten, binne net winske.
Dêrneist binne ek de hurde bonken, de goede fruchtberens en it maklik ôfkealjen eigenskippen fan de blierkop. In blierkopko hat in skofthichte fan sa'n 138 sm en waacht om de 600 kg hinne. De bollen wurde trochsneed 148 sm heech en wage 800 kg. De trochstrings molkproduksje sit om de 6000 kilo it jier, mei in fetpersintaazje fan 4,35% en in aaiwytpersintaazje fan 3,60%.
Tsjintwurdich wurde blierkoppen ek wer ynkrúst. It heterosiseffekt jout sterkere kij omdat de HF-kij stadichoan te kwetsber wurden binne en de molkproduksje hat suver net te lijen troch 1x yn te krusen mei in blierkop, wylst it keal de sterke eigenskippen wol oerkrijt.