Springe nei ynhâld

Bisdom Spiers

Ut Wikipedy
Bisdom Spiers

Bistum Speyer

Katedraal
Katedraal
Basisgegevens
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Tsjerkeprovinsje Bamberg
Biskopssit Spiers
Katedraal Dom fan Spiers
Patroanhillige Marije
Hiemside www.bistum-speyer.de
Skiednis
Oprjochting 4e iuw
Hierargy
Biskop Karl-Heinz Wiesemann
Statistyk
Oerflak 5.893 km²
Befolking 1.569.600 (2018)
Wêrfan katolyk 518.610 (33%, 2018)
Dekenaten 10
Parochy's 70
Lokaasje bisdom Spiers yn Dútslân
Lokaasje bisdom Spiers yn Dútslân

It bisdom Spiers (Dútsk: Bistum Speyer; Latyn: Dioecesis Spirensis) is in roomsk-katolyk bisdom yn it súdwesten fan Dútslân. It bisdom makket ûnderdiel út fan 'e tsjerkeprovinsje Bamberg.

It bisdom Spiers waard yn 'e 4e iuw stifte en is sadwaande ien fan 'e âldste bisdommen fan Dútslân. It âldste dokumint dêr't út bliken docht dat Spiers in biskop hie datearret fan it jier 346.

Tusken 1085 en 1803 stie it bisdom bekend as Kar-Palts. Troch privileezjes wiene de prinsbiskoppen fan Kar-Palts sawol wrâldske as geastlike hearskers. Kar-Palts waard mei de sekularisaasje yn 1803 opheft.

It bisdom Spiers yn 'e hjoeddeiske foarm datearret fan 1817 en hâldt de grinzen oan fan 'e eardere Beierske Palts, in apart distrikt fan it eardere keninkryk Beieren. Om dy histoaryske redenen heart Spiers by it aartsbisdom Bamberg yn Beieren, ek al hat it gjin direkte grins mei ien fan 'e bisdommen fan dat aartsbisdom.

De katedraal fan it bisdom is de Marije- en Stefanuskatedraal yn Spiers.

  • Bad Dürkheim
  • Donnersberg
  • Germersheim
  • Kaiserslautern
  • Kusel
  • Landau
  • Ludwigshafen
  • Pirmasens
  • Saarpfalz
  • Spiers
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Roomsk bisdom fan Spiers fan Wikimedia Commons.