It bisdom Rotterdam (Latyn: Dioecesis Roterodamensis) is ien fan de sân bisdommen fan de Nederlânskeroomsk-katolike tsjerkeprovinsje. It bisdom omfiemet de provinsje Súd-Hollân en in pear plakken yn de provinsje Utert (Oudewater, Vijfheerenlanden, Woerden en sûnt 2011 Kamerik).
It bisdom waard stifte op 16 july 1955 troch in ôfsplitsing fan it bisdom Haarlim. It fyftichjierrich jubileum fan it bisdom waard yn 2005 fierd mei in jubileummisse, dêr't ek de doedestiidske prins Willem-Aleksander en prinses Maksima by wiene.
As katedraal fan it nije bisdom tsjinne oant 1967 de neogoatyskeSint-Ignatiustsjerke. By de wijing as katedraal waard Laurentius, de patroanhillige fan Rotterdam, tafoege oan de namme. De Laurentius- en Ignatiuskatedraal waard yn 1967 sletten en twa jier letter ôfbrutsen. Sûnt dy tiid is de H.H. Elisabet en Laurentiustsjerke de katedraal fan it bisdom.