Bisdom Kopenhagen (Roomsk-Katolike Tsjerke)
Bisdom Kopenhagen | ||
Sint-Ansgartserke | ||
Basisgegevens | ||
Lân | Denemark | |
Tsjerkeprovinsje | immediatum | |
Katedraal | Sankt Ansgar Kirke | |
Patroanhillige | Sint-Ansgar | |
Hiemside | Hiemside Katolike Tsjerke yn Denemark | |
Skiednis | ||
Oprjochting | 1868 | |
Statistyk | ||
Oerflak | 2.160.570 km² | |
Befolking | 5.699.000 (2015) | |
Wêrfan katolyk | ± 44.000 (2015) | |
Parochy's | 45 (2017) |
Het roomsk-katolike bisdom Kopenhagen (Latyn: Dioecesis Hafniae) is it iennige roomske bisdom fan it hiele keninkryk Denemark, ynklúsyf Grienlân en de Fêreu-eilannen. Dêrmei is it wat oerflak oanbelanget it grutste bisdom fan 'e wrâld. It bisdom stiet fuort ûnder de Hillige Stoel. De katedraal fan it bisdom stiet yn Kopenhagen en is oan de hillige Ansgar wijd, de apostel fan Skandinaavje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it jier 1536 waard yn it keninkryk Denemark de reformaasje ynfierd. De katolike biskoppen waarden ôfset en troch lutherske superyntendinten ferfongen, dy't yn 'e 17e iuw wer de biskopstitel oannommen. Pas yn 'e 19e iuw waarden wer katolike misjonarissen yn it lân tastien, dy't op 7 augustus 1868 it Apostoalysk Fikariaat Noardmissy stiften, dat fuort ûnder de Hillige Stoel foel en it hiele lân omfieme. Ut de yn 1855 stifte Noardpoalmissy (Praefectura Apostolica Poli Arctici) waarden Iislân, Grienlân en de Fêreu-eilannen en fanút it Sweedske fikariaat it eilân Bornholm tafoege.
Al in jier letter waard it fikariaat degradearre ta de Apostolyske Prefektuer fan Denemark. Op 15 maart 1892 waard de prefektuer wer opwurdearre ta it Apostoalysk Fikariaat fan Denemark. Yn 1920 waard Súd-Jutlân mei de Breve Quae catholico fanút de Apostoalyske Prefektuer Sleeswyk-Holstein oan it Deenske fikariaat oerdroegen.
De parochianen fan de Roomske Tsjerke yn Denemark besteane fral út migranten en harren neiteam.
Grienlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de kronyk fan Adam fan Bremen wie Grienlân al yn 1076 kerstene. Yn it earste fearn fan 'e 12e iuw bestie der in biskopssit yn Garðar (hjoed-de-dei Igaliku). It bisdom Gardar waard yn 1126 stifte en yn 1378 opheft, mar yn 1996 wer op 'e nij stifte as it titulêrbisdom Gardar.
Mei't de Inuit it eilân kolonisearren, kaam der om 1400 hinne in ein oan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke op Grienlân. Sûnt de 18e iuw waard it eilân troch protestantske prekers op 'e nij kerstene.
De roomske mienskip fan Grienlân telt mar in pear hûndert minsken, dy't ûnder ien parochy falle, de Kristus-Kening-parochy yn Nuuk. Dy parochy is wat oerflak oanbelanget de grutste parochy fan 'e wrâld.
Fêreu-eilannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op de Fêreu-eilannen wenje likernôch 150 katoliken út in grut tal ferskillende lannen. De mienskip hat in troch de arsjitekt Arni Winther ûntwurpen Marijetsjerke (Mariukirkjan) yn Tórshavn.
Biskoppen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste trije biskoppen fan Kopenhagen wiene titulêr biskopp en apostoalysk fikaris.
Amtsperiaode | Namme | Nasjonaliteit |
---|---|---|
08.09.1869-15.12.1883 | Hermann Grüder | Dútslân |
17.02.1884-17.03.1922 | Johannes Von Euch | Dútslân |
10.10.1922-13.12.1938 | Josef Ludwig Brems, O.Praem | Belgje |
13.12.1938-06.10.1964 | Johannes Theodor Suhr, O.S.B. | Denemark |
22.03.1965-22.03.1995 | Hans Ludvig Martensen, S.J. | Denemark |
22.03.1995-no | Czeslaw Kozon | Denemark |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: op dizze side.
|