Springe nei ynhâld

Beneath the Planet of the Apes

Ut Wikipedy
Beneath the Planet of the Apes
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Ted Post
produsint Arthur P. Jacobs
senario Paul Dehn
kamerarezjy Milton R. Krasner
muzyk Leonard Rosenman
filmstudio 20th Century Fox
APJAC Productions
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen James Franciscus
Kim Hunter
byrollen Maurice Evans
Linda Harrison
Paul Richards
James Gregory
Charlton Heston
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 26 maaie 1970
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 95 minuten
budget en resultaten
budget $2,5 miljoen
opbringst $32,8 miljoen
filmsearje
filmsearje Planet of the Apes
● foarich diel Planet of the Apes
● folgjend diel Escape from the Planet of
   the Apes

Beneath the Planet of the Apes is in Amerikaanske science fiction-aventoerefilm út 1970 ûnder rezjy fan Ted Post, mei yn 'e haadrollen James Franciscus en Kim Hunter. De titel betsjut "Under de Planeet fan 'e Apen". De film is in ferfolch op it súksesfolle Planet of the Apes út 1968. It ferhaal folget Brent, in astronaut dy't, krekt as Taylor yn 'e foargeande film, ek bedarret op 'e troch yntelliginte, pratende minskapen dominearre planeet. Hy hat foar in diel deselde ûnderfinings as Taylor, mar ûntdekt dan in ûndergrûnske stêd dy't bewenne wurdt troch mutearre minsken mei telepatyske fermogens. Beneath the Planet of the Apes krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar wie yn 'e bioskopen kommersjeel súksesfol. In trêde film yn 'e Planet of the Apes-searje waard yn 1971 útbrocht ûnder de titel Escape from the Planet of the Apes.

Nei de foarfallen út Planet of the Apes (sjoch dêre) reizgje de út syn eigen tiid rekke Amerikaanske astronaut Taylor en syn stomme selskipsfrou Nova troch de woastyn fan 'e Ferbeane Sône op 'e takomstige, troch minskapen oerhearske Ierde. Taylor is op 'e siik nei in gaadlik plak om in nij bestean op te bouwen, fier by de Apestêd wei. Op in stuit sjit der ynienen fjoer út 'e grûn omheech en in djippe kleau iepenet him yn 'e ierde. Taylor ûndersiket yn betizing in deunby klif en ferdwynt foar de eagen fan 'e kjel wurden Nova troch de rotswand hinne. Nova besiket him te folgjen, mar foar har is de rotswand solide stiente, dat se bliuwt yn wanhope allinnich efter.

Underwilens hawwe de Amerikaanske autoriteiten yn 'e tweintichste iuw in misje útstjoerd om 'e fermiste Taylor en syn bemanning te sykjen. Ek dit twadde romteskip bedarret troch it ferskynsel fan tiidsdilataasje yn 'e fiere takomst, en krekt as it romteskip fan Taylor-en-dy stoart ek dit skip del yn 'e Ferbeane Sône. Brent, de iennichste oerlibbene fan 'e bemanning fan it twadde romteskip, sjocht it keale lânskip dêre oan foar it oerflak fan in fiere planeet. Nei't er "Skipper", de kommandant fan 'e rêdingsmisje, begroeven hat, moetet Brent Nova, dy't de militêre identifikaasjeplaatsjes fan Taylor draacht. Nova kin him fansels net fertelle wat der bard is, dat yn 'e hope dat Taylor noch libbet, reizget Brent mei har nei de Apestêd, dêr't er skokt is om in beskaving fan yntelliginte, pratende minskapen oan te treffen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De oarlochssuchtige generaal Ursus, in gorilla, stokelet de apen op om 'e Ferbeane Sône te feroverjen, sadat it gebiet brûkt wurde kin foar de jacht en de lânbou. Dr. Zaius, de orang-oetan-minister fan Wittenskip en ferdigener fan 'e Religy, hat dêr grutte beswieren tsjin, mei't der op it gebiet in religieus taboe rêst. Mar Ursus wit de stipe fan it folk te winnen foar syn plannen, dat hy negearret it iggewearjen fan Zaius. Brent wurdt ferwûne by in konfrontaasje mei in gorillasoldaat, wêrnei't Nova him nei de wente ta bringt fan 'e sjimpansees Cornelius en Zira, dy't wittenskippers binne en freonen fan Taylor. Wylst Zira de wûne fan Brent fersoarget, fertelt se him wat Taylor earder middenmank de apen oerkommen is.

Nei't syn wûne wat opbettere is, besiket Brent mei Nova de Apestêd te ûntflechtsjen, mar se wurde ûntdutsen en finzen nommen troch de gorilla's. Ursus jout opdracht it pear te brûken foar sjitoefenings, mar Zira helpt harren om te ûntkommen. Brent en Nova flechtsje nei de Ferbeane Sône, dêr't se beskûl sykje yn in grot dy't tagong jout ta ruïnes út it troch minsken dominearre ferline fan 'e Ierde. Wannear't Brent it metrostasjon Queensboro Plaza fan 'e metro fan New York werom ken, kriget er einlings foar it ferstân dat er him net op 'e iene of oare fiere bûtenierdske planeet befynt, mar op in takomstige, post-apokalyptyske Ierde.

Der is in gûnzjend lûd dat Brent en Nova folgje, djipper de tunnels yn. Geandewei begjint Brent him almar mear agitearre en nuver te hâlden en dragen, oant er op in stuit Nova oanfalt en har besiket te fermoardzjen. Hy behearsket himsels op it lêste momint. Tige kjel wurden rint er tebek by har wei en giet in oare romte binnen, en bejout him sa yn 'e ruïnes fan 'e Sint-Patrickskatedraal. Dêr treft er in kloft mutearre minsken oan dy't oars as de primitive minsken op it ierdoerflak harren yntelliginsje en fermogen ta praten beholden hawwe, en dêropta it fermogen ta telepaty ûntwikkele hawwe.

Brent en Nova wurde troch de mutanten finzen nommen en ûnderfrege. Brent wurdt dêrby twongen om 'e opmars fan it apeleger fan generaal Ursus nei de Ferbeane Sône út te bringen. It docht bliken dat de mutanten de neiteam binne fan minsken dy't de nukleêre holokaust yn New York oerlibbe hawwe. Yn harren ûndergrûnske skûle binne se al dy iuwen ûnopmurken bleaun troch de apen en hawwe se in eigen kultuer ûntjûn dy't fierhinne basearre is op 'e ferearing fan in oerâlde nukleêre bom. De mutanten beweare dat se freedsum binne, mar se brûke ferstânsbehearsking en yllúzje om harren fijannen op 'e doele te bringen.

No't de mutanten fan 'e bedoelings fan Ursus en syn oanhingers ôfwitte, besykje se de ferovering fan 'e Ferbeane Sône troch de apen tsjin te kearen. Dêrfoar kringe se de tinzen fan 'e apen binnen en besykje harren op 'e flecht te jeien mei yllúzjes fan fjoer en oare grouwels. Zaius trochsjocht harren trúks lykwols en komt foar dat de apen útnaaie. Dêrop risselwearje de mutanten mei in religieus ritueel om as lêste rêdmiddel harren "Godlike Bom" ûntploffe te litten.

Brent wurdt skaat fan Nova en yn in sel smiten dêr't er Taylor oantreft. Ien fan 'e mutanten, dy't útleit dat se de beide astronauten net tastean kinne om 'e ûndergrûnske stêd te ferlitten en it bestean derfan te ferrieden oan 'e apen, brûkt syn telepatyske fermogens om Brent en Taylor te twingen en befjochtsje inoar oant de dea. Nova ûntkomt lykwols oan har bewekker en draaft nei de sel dêr't de beide astronauten fjochtsje, wylst se har earste wurd útraast: "Taylor!" De mutant dy't it gefjocht ôftwingt, ferliest dêrtroch op in krúsjaal momint syn konsintraasje, wêrnei't de beide astronauten him deameitsje en mei Nova út harren finzenskip ûntkomme. Taylor ken de bom fan 'e mutanten werom as in kobaltbom, dy't sa swier is dat er by it ôfgean de hiele Ierde ferneatigje soe.

De apen ûntdekke de tagong ta de ûndergrûnske stêd en falle dy binnen. By harren opmars nei de ruïnes fan 'e katedraal deadzje se gâns mutanten, wylst oaren kriichsfinzen nommen wurde of selsmoard dogge. Yn 'e gaos komt Nova om. Taylor en Brent berikke de katedraal krekt op it stuit dat Mendez, de lieder fan 'e mutanten, deasketten wurdt by it pleatsen fan 'e bom yn in aktivearringsposysje. De beide astronauten besykje foar te kommen dat Ursus by fersin de bom ôfgean lit, mar Taylor wurdt delsketten en syn smeekbeaën oan Zaius binne om 'e nocht. Brent wit Ursus te deadzjen, mar wurdt dan sels deasketten. Dêrop ferflokt de deadlik ferwûne Taylor Zaius en bringt, wylst er yninoar sakket, de hân del op 'e aktivearringsknop fan 'e bom, sadat de hiele planeet mei eltsenien derop ferneatige wurdt.

James Franciscus.
Kim Hunter.
haadrollen
personaazje                             akteur/aktrise
Brent James Franciscus
dr. Zira Kim Hunter


byrollen
personaazje akteur/aktrise
dr. Zaius Maurice Evans
Nova Linda Harrison
Mendez Paul Richards
generaal Ursus James Gregory
Taylor Charlton Heston
de Grouwe Man Victor Buono
Caspay Jeff Corey
Albina Natalie Trundy
minister Thomas Gomez
swarte man Don Pedro Colley
dr. Cornelius David Watson
"Skipper" Tod Andrews
stêfdrager Gregory Sierra
voice-over oan 'e ein fan 'e film Paul Frees

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't yn 1968 Planet of the Apes in grut kommersjeel en ek filmkritysk súkses waard, begûn filmstudio 20th Century Fox nei te tinken oer in ferfolchfilm. Senarioskriuwer Rod Serling, dy't foar in diel ferantwurdlik west hie foar it skript fan 'e oarspronklike film, waard dêroer befrege, mar syn ideeën hie de studio gjin belangstelling foar. Ynstee waard Pierre Boulle, de Frânske skriuwer fan 'e roman La Planète des singes, dêr't de earste film op basearre wie, by it projekt belutsen. Hy skreau in kladskript foar in ferfolchfilm dy't Planet of the Men ("Planeet fan 'e Minsken") komme moast te hjitten, wêryn't protagonist George Taylor lieding joech oan in rebûlje fan 'e ta slaaf makke minsken om it bestjoer fan 'e planeet te ûntskuorren oan 'e apen. Dêrfoar moast er slach leverje mei it gorillaleger fan generaal Ursus. It senario fan Boulle miste neffens de studiobazen by 20th Century Fox lykwols de "fisuele skok en ferrassing" fan 'e earste film en waard dêrom ôfwiisd.

Linda Harrison spile yn 'e film de rol fan Nova.

Associate producer Mort Abrahams stelde doe in wiidweidige list op fan eleminten dy't de produsinten yn 'e ferfolchfilm hawwe woene. Neitiid waard de Britske senarist Paul Dehn oannommen om dêr in ferfilmber skript fan te meitsjen, dat de wurktitel Planet of the Apes Revisited ("In Nij Besyk oan 'e Planeet fan 'e Apen") krige. Dehn ferwurke syn eigen trauma fan 'e atoombombardeminten fan Hiroshima en Nagasaki oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn it senario, en de eangst foar it útbrekken fan in kearnoarloch dy't ein 1960-er jierren rûnom yn 'e wrâld libbe.

Ien fan 'e eleminten dy't Abrahams en Dehn optochten, wie in bern dat heal minske en heal aap wie, mar dat helle de úteinlike film net fanwegen de doedestiden maatskiplik net te ferantwurdzjen ymplikaasje fan bestialiteiten. Neffens Dehn waard in wichtich diel fan 'e úteinlike plot fan 'e ferfolchfilm, te witten: de ûndergrûnske stêd, suggerearre troch de ein fan 'e oarspronklike film, wêryn't Taylor in heal bedobbe en ferrinnewearre Frijheidsbyld ûntdekt, wat logyskerwize betsjut dat de Ferbeane Sône oer it âlde New York hinne lizze moat. It elemint fan 'e planeetferneatigjende kobaltbom, dat oarspronklik bedoeld wie om in ein oan 'e filmsearje te breidzjen, wie in idee fan akteur Charlton Heston dat yn opdracht fan studiobaas Richard D. Zanuck oan it senario tafoege waard foar't er ûnder de opnamen fan Beneath the Planet of the Apes troch de studio ûntslein waard. Noch foar de premiêre fan 'e film waard by 20th Century Fox lykwols al neitocht oer in nije ferfolchfilm.

Franklin J. Schaffner, dy't de earste film makke hie, waard útnûge om ek de ferfolchfilm te regissearjen, mar hy koe net om't er him al fêstlein hie foar de biografyske oarlochsfilm Patton. Dêrop waard Ted Post frege, dy't lykwols fûn dat it senario "nearne op sloech". De studio woe witte wat der neffens him krekt oan skeelde, en Post antwurde mei in lang sjapiter dat gearfet wurde kin mei syn útspraak "it ferlies fan 'e planeet is it ferlies fan alle hoop". Post besocht Michael Wilson, de oare skriuwer fan it senario fan 'e earste film, it skript fan 'e ferfolchfilm nochris oereidzje te litten, mar dat koe net om't dat troch besunigings dy't de studio trochfierde bûten it budget foel. Dêrop giene Post en haadrolspiler James Franciscus, dy't de dieden fan syn personaazje better ferklearre hawwe woe en mear djipgong oan syn personaazje jaan woe, tegearre oer it senario gear, wat nei in wike wurk mear as fyftich bledsiden mei oantekenings opsmiet fan feroarings en ideeën dy't se yn it skript ferwurke sjen woene.

De ferfolchfilm kaam úteinlik Beneath the Planet of the Apes te hjitten, en Ted Post naam, nettsjinsteande syn beswieren tsjin 'e plot, dochs de rezjy op him. As produsint wie Arthur P. Jacobs by it projekt belutsen foar 20th Century Fox en syn eigen produksjebedriuw APJAC Productions. Foar de film wie oarspronklik in budget beskikber fan $5 miljoen, mar dat waard troch 20th Century Fox noch foar it begjin 'e opnamen midstwa dien ta $2,5 miljoen, fanwegen ferliezen dy't de filmstudio lit hie mei grutte produksjes as Star!, Hello, Dolly! en Tora! Tora! Tora! De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Milton R. Krasner. De filmmuzyk fan 'e earste film wie fersoarge troch Jerry Goldsmith en de produsinten woene him graach wer hawwe, mar hy wurke op dat stuit mei Schaffner gear oan 'e produksje fan Patton. Dêrom kaam Leonard Rosenman foar him yn 't plak, dy't war die om 'e opfallende filmmuzyk fan Goldsmith mei syn eigen styl te ferweven.

Akteur Charlton Heston waard útnûge om op 'e nij yn 'e hûd fan Taylor te krûpen, dy't oarspronklik de protagonist fan 'e ferfolchfilm wurde soe. Richard D. Zanuck, de algemien direkteur fan 20th Century Fox, fûn dat hy ûnmisber wie foar de produksje. Heston hie dêr lykwols gjin boadskip oan en wegere de rol. Nei lang oantrúnjen gied er dochs oerstaach, mar allinnich op betingst dat syn rol lyts wêze en syn personaazje deagean soe, en dat syn salaris oan in goed doel jûn wurde soe. Yn oerlis mei associate producer Mort Abrahams besleat senarioskriuwer Paul Dehn doe om Heston fuort al oan it begjin fan 'e film ferdwine en pas oan 'e ein weromkeare te litten, wylst syn rol yn it meastepart fan 'e film omwurke waard ta dy fan in oare Amerikaanske astronaut, Brent. Dy rol waard akseptearre troch tillefyzje-akteur James Franciscus, yn 'e hope dat it him helpe soe om troch te brekken as filmakteur.

Linda Harrison, Kim Hunter en Maurice Evans kearden werom yn 'e rollen fan Nova, Zira, resp. Zaius, dy't se yn Planet of the Apes ek spile hiene. Roddy McDowall koe net weromkeare om fannijs Cornelius te spyljen, om't er yn Skotlân wie, dêr't er de film Tam-Lin regissearre. David Watson waard ree befûn om 'e rol fan Cornelius oer te nimmen. Sadwaande wie Beneath the Planet of the Apes, yn 'e mande mei de tekenfilmsearje Return to the Planet of the Apes, it iennichste diel fan 'e Planet of the Apes-franchise út 'e 1960-er en 1970-er jierren dêr't McDowall net by belutsen wie. Orson Welles waard de rol fan 'e gorillageneraal Ursus oanbean, mar hy wegere om't er net fan it begjin oant de ein fan syn byldtiid in apemasker drage woe. Dy rol waard doe taparte oan James Gregory.

Linda Harrison en James Franciscus yn Beneath the Planet of the Apes.

De opnamen foar Beneath the Planet of the Apes setten yn febrewaris 1969 útein. De sênes fan Charlton Heston waarden yn acht dagen filme. Fanwegen de besunigings op it budget koe it finansjeel net út om oeral nije filmsets foar te bouwen. Sadwaande waard foar de sênes yn 'e riedskeamer fan 'e mutanten de set fan it metrostasjon Grand Central, 42nd Street brûkt út Hello, Dolly!, en foar it hillichdom fan 'e bom de Harmonia Gardens-set út deselde film.

De distribúsje fan Beneath the Planet of the Apes waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 26 maaie 1970 yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 29 maaie yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde koart nei it útkommen fan 'e film op LP by platemaatskippij Amos Records.

Fan 'e filmkritisy krige Beneath the Planet of the Apes oer it algemien negative resinsjes. Sa omskreau it tydskrift Variety de film as "sentiminteel en oerflakkich", dêr't oan taheakke waard dat "dialooch, aktearjen en rezjy ûnder de maat binne". Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune joech Beneath the Planet of the Apes 2 fan 4 stjerren en skreau: "It ûntbrekt it ferfolch foar it meastepart oan 'e drûge humor fan it orizjineel en ek oan aventoer. It wie in grutte flater om te besykjen en jou de searje in moraal mei."

Yn The Washington Post kwalifisearre Gary Arnold Beneath the Planet of the Apes as "minder as syn foargonger op elts mêd", mar dêr foege er oan ta dat it dochts noch "ridlik fermaaklik [is] mei in fluch tempo, goed genôch foar in matineefoarstelling op sneontemiddei." In ôfwikend lûd liet Kevin Thomas fan 'e Los Angeles Times hearre, dy't Beneath the Planet of the Apes in "oangripende, ynbyldingsrike film" neamde en de makkers dermei lokwinske.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Beneath the Planet of the Apes in goedkarringspersintaazje fan 38%, basearre op 32 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] leveret mear aksje as syn foargonger; spitigernôch giet dat yn it neidiel fan 'e maatskiplike subtekst dy't de bêste dielen fan 'e franchise boppe [midsmjittigens] úttilt." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Beneath the Planet of the Apes in goedkarringspersintaazje fan 40%, basearre op 5 resinsjes.

Beneath the Planet of the Apes brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $19,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $13,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $32,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $2,5 miljoen betsjut dat in winst fan $30,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Neffens filmstudio 20th Century Fox sels wie der ferlet fan in opbringst fan $8,1 miljoen om kyt te spyljen; dan soe de skjinne winst fan Beneath the Planet of the Apes dus $24,7 miljoen bedroegen hawwe.

Adaptaasjes ta oare media

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In ferboeking fan Beneath the Planet of the Apes, mei deselde titel, waard skreaun troch de renommearre science fiction-auteur Michael Avallone. De roman hat in ein dy't justjes oars is, wat in eardere ferzje fan it filmskript wjerspegelet: it slagget Brent net en deadzje generaal Ursus om't syn munysje op it krúsjale momint op is. Sels wurdt er wol deamakke. Taylor lit de bom net ûntploffe om wraak te nimmen, mar om't er it as de iennichste manear sjocht om foar ivich in ein te meitsjen oan alle geweld, dêr't er sa syn nocht fan hat.

In earste ferstripping fan Beneath the Planet of the Apes waard al yn 1970 produsearre troch Gold Key Comics. Dat wie de earste strip dy't yn it ramt fan 'e Planet of the Apes-franchise ferskynde. Letter publisearre Marvel Comics it stripblêd Planet of the Apes, dat fan 1974 oant en mei 1977 in oare swart-wytferstripping fan Beneath the Planet of the Apes ôfprinte, dy't noch wer letter yn kleur werprinte waard yn it spin-offblêd Adventures on the Planet of the Apes, dat bestie fan 1975 oant 1976. Yn 'e 1990-er jierren waard de ferstripping fan Marvel yn swart-wyt werútjûn troch Malibu Comics, dat doe de lisinsje hie, yn in eigen blêd, dat ek Planet of the Apes hiet.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Planet of the Apes
 oarspronklike filmsearje  Planet of the Apes (1968) • Beneath the Planet of the Apes (1970) • Escape from the Planet of the Apes (1971) • Conquest of the Planet of the Apes (1972) • Battle for the Planet of the Apes (1973)
 remake Planet of the Apes (2001)
 rebootfilmsearje Rise of the Planet of the Apes (2011) • Dawn of the Planet of the Apes (2014) • War for the Planet of the Apes (2017) • Kingdom of the Planet of the Apes (2024)