Springe nei ynhâld

Neilittenskip

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Beërf)

In neilittenskip, yn it deistich taalgebrûk ornaris oantsjut as in erfenis, erfskip, erf of beërf, is it gehiel fan replik guod, ûnreplik goed en skulden dat in ferstoarne persoan neilit. Yn Nederlân regelet it erfrjocht sa't dat fêstlein is yn Boek 4 fan it Nederlânsk Boargerlik Wetboek wat dêrmei bart. De persoan dy't in neilittenskip neilit, is de erflitter, wylst immen dy't in (diel fan in) neilittenskip kriget, in erfgenamt hjit. In foarwerp út in neilittenskip is in erfstik. Wat de measte minsken net beseffe, is dat de oanfurding fan in neilittenskip ek oanfurding fan potinsjele skulden omfiemet. Net selden soarget in neilittenskip foar langduorjende rûzje binnen in famylje, as twa of mear djipdrôven har sinnen op ien en itselde stik út 'e ynboel set hawwe of as der op oare wize in skeel feroarsake wurdt troch de ferdieling.

Faak regelet de erflitter foar syn dea oan wa't er syn besittings neilit troch by in notaris dêrta in spesjale akte opstelle te litten, dy't in testamint hjit. Sa'n testamint is bûn oan beskate regels en moat, om rjochtsjildich te wêzen, bgl. ûndertekene wêze troch de erflitter (dy't yn dit ferbân de testateur hjit. Foarhinne wie ek de ûndertekening troch twa tsjûgen fereaske, mar sûnt 2003 hoecht dat net mear. It orizjineel fan it testamint wurdt bewarre troch de notaris, wylst de testateur in offisjele kopy meikriget. Behalven in opsomming fan wat oan wa neilitten wurdt (de erfstelling), kin in testamint ek it tsjindiel omfetsje, ntl. in ûnterving (wêrby't dus oanjûn wurdt dat in beskaat persoan neat krije mei.

As de erflitter net tastaminte hat, sil de neilittenskip ferdield wurde neffens de regels fan erfopfolging by ferstjerren. Dêrmei jout de erflitter dus syn sizzenskip oer de ferdieling fan syn neilittenskip út hannen. Wol kin men ek sels in hânskreaune akte opstelle, wêrby't de foarm der fierders net ta docht en wêrby't it mei in datum en hantekening ta kin om 'e wilsbeskikking autentyk te meitsjen. Yn Nederlân moat sa'n dokumint wol by in notaris yn bewarring jûn wurde om rjochtsjildich te wêzen. Foar de ferdieling fan replik guod dat ta de ynboel heart, kin in erflitter ek in kodisil opstelle, mar skilderijen en oar keunstfoarwerpen binne dêrfan útsletten. Yn tsjinstelling ta it erfrjocht fan foàr 2003 kin in eksekuteur (immen dy't tafersjoch hâldt op 'e útfiering fan in testamint, foàr 2003 in eksekuteur-testamintêr neamd) net mear by kodisil oanwiisd wurde.

Njonken in testamint of kodisil, wêrby't it útslutend oer de ferdieling fan 'e neilittenskip giet, kin de erflitter ek in persoanlik memorandum of regifêst neilitte, wêryn't praktyske details neamd wurde dy't de útfierders fan 'e wilsbeskikking in protte hollebrekken besparje kinne. Sa'n persoanlik memorandum kin bestean út winsken foar de útfeart, in list mei adressen fan famyljeleden, freonen en kunde, it fynplak fan wichtige stikken lykas akten en polissen, de identiteit fan 'e eksekuteur, ynformaasje oer fersekeringsgegevens, skulden, banktegoeden en oare fermogensmiddels, rinnende abboneminten, kontribúsjes en lidmaatskippen, en identiteitsgegevens lykas jins boargerservicenûmer en administraasjenûmers by bgl. in pinsjoenfûns.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.