Springe nei ynhâld

Battle for the Planet of the Apes

Ut Wikipedy
Battle for the Planet of the Apes
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur J. Lee Thompson
produsint Arthur P. Jacobs
senario John William Corrington
Joyce Hooper Corrington
Paul Dehn
kamerarezjy Richard H. Kline
muzyk Leonard Rosenman
filmstudio 20th Century Fox
APJAC Productions
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Roddy McDowall
Claude Atkins
byrollen Natalie Trundy
Severn Darden
Paul Williams
Austin Stoker
Lew Ayres
John Huston
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 13 juny 1973
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 93 minuten
budget en resultaten
budget $1,7 miljoen
opbringst $8,8 miljoen
filmsearje
filmsearje Planet of the Apes
● foarich diel Conquest of the Planet of
   the Apes
● folgjend diel Planet of the Apes (remake)

Battle for the Planet of the Apes is in Amerikaanske dystopyske, post-apokalyptyske science fiction-aventoerefilm út 1973 ûnder rezjy fan J. Lee Thompson, mei yn 'e haadrollen Roddy McDowall en Claude Atkins. De titel betsjut "Striid om 'e Planeet fan 'e Apen". De film is it fyfde diel yn 'e Planet of the Apes-filmsearje en folget as sadanich op Conquest of the Planet of the Apes út 1972. It ferhaal folget de yntelliginte en pratende sjimpansee Caesar by it opsetten fan in beskaving fan minskapen, dy't de minsklike dominânsje oer de Ierde ferfange moat. Dêrby kriget er te meitsjen mei sawol ferset fan 'e oerlibjende minsken, as mei ûndermining fan syn gesach troch de ekstremistyske gorillageneraal Aldo.

Battle for the Planet of the Apes krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De film wie it lêste diel yn 'e oarspronklike Planet of the Apes-filmsearje út 'e 1960-er en 1970-er jierren. De earstfolgjende film dy't yn it ramt fan 'e mediafranchise makke waard, wie Planet of the Apes út 2001, in remake fan Planet of the Apes út 1968. De twadde film fan 'e Planet of the Apes-rebootfilmsearje út 'e 2010-er jierren, Dawn of the Planet of the Apes, hat itselde útgongspunt as Battle for the Planet of the Earth, mar mei offisjeel gjin remake hjitte.

Yn in ramtferhaal, dat spilet yn "Noard-Amearika, yn it jier 2670", fertelt de 'Wetjouwer', in orang-oetan, it ferhaal fan wat der mei apelieder Caesar barde nei't er by in steatsgreep de macht yn syn stêd oernommen hie (sjoch: Conquest of the Planet of the Apes). Yn 'e iere ienentweintichste iuw, jierren nei't de minsklike beskaving troch de minskheid sels ûnder fuotten helle is mei in kearnoarloch en de dêropfolgjende nukleêre holokaust, besiket de yntelliginte sjimpansee Caesar in nije maatskippij stal te jaan. Mei help fan syn oarehelte Lisa en fan syn soan Cornelius docht er war om ûnderwilens de frede te bewarjen tusken de minskapen en de oerlibjende minsken. Dêrby wurdt er tsjinwurke troch de agressive gorillageneraal Aldo. Dyselde wol alle minsken finzensette dy't yn 'e Apestêd omdoarmje om it wurk op te knappen dat de apen sels leaver net dogge.

Der brekt opskuor út as de minsklike ûnderwizer Abe "nee" seit tsjin 'e apen en as reäksje dêrop oanfallen wurdt troch oanhingers fan Aldo, dy't him syn plak leare wolle. Caesar komt tuskenbeiden en bêdet de boel del, mar hy wanhopet suver oer it oplossen fan 'e swierrichheden dêr't er mei te krijen hat. Sadwaande freget er him ôf oft syn eigen âldelju Cornelius en Zira him, as se lang genôch libbe hiene, leare kinnen hiene hoe't er dy problemen oerwinne moat. MacDonald, de minsklike assistint fan Caesar en de jongere broer fan syn eardere meistanner (de MacDonald út Conquest of the Planet of the Apes), fertelt Caesar dêrop dat der byldmateriaal fan 'e ferhearren fan Cornelius en Zira út 1973 bestiet, dat opslein wêze moat yn in ûndergrûnsk argyf yn 'e no radio-aktive ruïnes fan 'e stêd dêr't Caesar foarhinne libbe. Dat, Caesar set mei MacDonald en syn orang-oetan-adviseur Virgil ôf nei wat no bekendstiet as de Ferbeane Stêd.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn 'e stêd oankommen, ûntdekke Caesar-en-dy dat de ruïnes bewenne wurde troch mutearre en troch radio-aktiviteit skeinde minsken, dy't bestjoerd wurde troch gûverneur Kolp, in eardere plysje-ynspekteur dy't foarhinne efter Caesar oan siet (sjoch: Conquest of the Planet of the Apes). Caesar, MacDonald en Virgil kringe it ûndergrûnske argyf binnen, fine de opnamen fan syn âlden en leare sa oer de takomst en de úteinlike ferneatiging fan 'e Ierde yn in nije oarloch tusken apen en minsken. Se moatte lykwols hommels fan rutens spylje as de soldaten fan Kolp efter harren oan komme. Werom yn 'e Apestêd makket Caesar de ûntdekking fan it bestean fan 'e mutanten buorkundich, mei't er yn noed sit oer de mooglikheid dat Kolp in oanfal op 'e Apestêd útfiere sil. Wannear't Caesar MacDonald en inkele oare minsken by it beried belûkt, liedt Aldo yn lulkens en walging de gorilla's fuort.

De ferkenners dy't troch Kolp útstjoerd binne, ûntdekke it bestean fan 'e Apestêd. Mei't Kolp derfan oertsjûge is dat Caesar de mutanten útrûgje wol, beslút er in preëmptive oanfal op 'e Apestêd út te fieren, ek al docht syn assistint Méndez war om him dat te ûntpraten. Underwilens makket Aldo plannen foar in steatsgreep om 'e gorilla's oan 'e macht te bringen, mei himsels as heechste lieder. Caesar syn soan Cornelius ferskûlet him yn in beam en harket Aldo en syn neiste meistanners ôf as se it dêroer hawwe. Hy wurdt lykwols opmurken troch Aldo, dy't mei syn swurd de tûke ôfhout dêr't Cornelius op sit. Fan gefolgen falt de jonge sjimpansee te pletter en rekket dêrby deadlik ferwûne. De oare deis wurde in pear fan Aldo syn gorillaferkenners oanfallen troch de mutanten fan Kolp. Aldo makket gebrûk fan 'e ôfwêzigens fan Caesar, dy't stikken fan fertriet oan it stjerbêd fan syn soan klústere is, om alle minsken yn 'e Apestêd finzen te setten en it arsenaal te plonderjen. Cornelius beswykt lang om let oan syn wûnen, mar mei syn lêste wurden flústeret er syn heit ta dat it net minsken wiene dy't him tenei kommen binne.

As it legerke mutanten fan Kolp de Apestêd oanfalt, oarderet Caesar de ferdigeners om har werom te lûken. De mutanten tsjogge op oer in slachfjild dat besiedde is mei de liken fan tsientallen apen. Kolp sjocht dêr ek Caesar lizzen en wol persoanlik kontrolearje oft dy wol hielendal dea is, en sa net, dat euvel ferhelpe. De apen dêr't de mutanten har middenmank bejouwe, dogge lykwols mar sabeare, en as se ynienen 'wer ta libben komme', ferslane se it leger fan Kolp en nimme de measte mutanten finzen. Kolp besiket mei syn oerbleaune troepen de wyk te nimmen werom nei de Ferbeane Stêd, mar se wurde opwachte troch it gorillaleger fan Aldo en oan 'e lêste man ta ôfslachte.

Neitiid folget der in konfrontaasje tusken Caesar en Aldo oer de pleatslike minsken, dy't noch altyd troch de gorilla's finzen holden wurde. Aldo jout syn gorilla's befel om alle minsken dea te meitsjen, mar Caesar springt der tuskenyn om dat tsjin te kearen. Aldo bedriget Caesar dêrop sels ek mei de dea, mar Virgil, dy't fan MacDonald de wiere tadracht oangeande de dea fan Cornelius oan 'e weet kommen is, bringt de rol dy't Aldo dêrby spile hat út. Caesar wurdt alhiel breinroer, net inkeld troch de moard op syn soan, mar ek om't Aldo de hillichste wet fan 'e apen brutsen hat: dat aap nea aap deadzje sil. Hy efterfolget de gorillageneraal in beam yn, en harren gefjocht heech boppe de grûn liedt ta de fal fan Aldo, dy't op deselde wize omkomt as Cornelius.

Caesar beseft no dat apen neat better binne as harren eardere minsklike eigners, dat hy stimt yn mei it fersyk fan MacDonald om apen en minsken yn 'e Apestêd tenei as inoars gelikensen te behanneljen. Ceasar, Virgil en MacDonald hoopje dat beide soarten tenei freedsum gearlibje sille yn in maatskippij dy't se mei-inoar opbouwe, mar de gewearen wurde wer opburgen yn it arsenaal, om't se wol foar it ferstân hawwe dat se yn takomstige konflikten miskien noch ferlet hawwe sille fan 'e wapens. Se kinne inkeld hoopje dat der ienris in dei komme sil dat se wapenreau fierders net mear nedich binne.

Yn 2670 seit de Wetjouwer dat it no mear as 600 jier lyn is sûnt Caesar ferstoarn is en dat dy dei noch altyd net kommen is. Syn taharkers blike in groep apejongen en minsklike bern te wêzen. Wylst de Wetjouwer seit dat de hoop dat dy dei dochs ris komme sil, noch altyd libben is, lit in close-up fan in stânbyld fan Caesar sjen hoe't in inkele trien út ien fan syn eagen rôlet.

Roddy McDowall.
Claude Atkins.
Natalie Trundy.
haadrollen
personaazje                akteur/aktrise
Caesar Roddy McDowall
generaal Aldo Claude Atkins


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Lisa Natalie Trundy
gûverneur Kolp Severn Darden
Virgil Paul Williams
MacDonald Austin Stoker
Mandemus Lew Ayres
de Wetjouwer John Huston
Cornelius Bobby Porter
ûnderwizer Abe Noah Keen
kaptein fan 'e mutanten Richard Eastham
Alma France Nuyen
Méndez Paul Stevens
dokter Heather Lowe
Jake Michael Stearns
soldaat Cal Wilson
jonge sjimpansee Pat Cardi
maat fan Jake John Landis

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Battle for the Planet of the Apes waard regissearre troch J. Lee Thompson, dy't ek Conquest of the Planet of the Apes makke hie, it foargeande diel fan 'e Planet of the Apes-filmsearje. Hy wurke op basis fan in skript dêr't Paul Dehn foar frege wie as skriuwer, mei't dyselde ek de senario's oanlevere hie foar de oare trije ferfolchfilms fan 'e Planet of the Apes-searje. Om sûnensredens moast Dehn diskear lykwols it wurk al yn 'e begjinfaze oerjaan. Dêrop waarden senaristen John William Corrington en Joyce Hooper Corrington as syn ferfangers oansteld, ek al hiene dy noch nea in science fiction-skript skreaun en al hiene se op dat stuit, sa joech Hooper Corrington letter ta, sels noch nea in Planet of the Apes-film sjoen.

Tsjin 'e ein fan 'e preproduksjefaze fan Battle for the Planet of the Apes wie Dehn safierhinne opbettere dat er beskikber wie om it senario fan 'e Corringtons nochris oer te eidzjen en op te poetsen. Neffens himsels wie it mear as dat en hie hy 90% fan dialooch yn it úteinlike filmskript werskreaun. Ek hied er de ein feroare. It senario fan 'e Corringtons einige mei bylden fan in boarterstún dêr't apejongen en minskebern slaande deilis rekken, mar Dehn keas ynstee foar in close-up fan in stânbyld en in trien dy't út in stiennen each rint. Dat waard letter troch Joyce Hooper Corrington karakterisearre as "stom". Dêr heakke se oan ta: "We wiene der beroerd fan doe't we it seagen." Dehn frege it Writers Guild of America, it ynfloedrike Amerikaanske fakbûn fan senarioskriuwers dat sizzenskip oer sokke dingen hat, om him yn 'e begjintitels en de ôftiteling in fermelding as senarist te jaan, mar dat fersyk waard ôfwiisd. Inkeld de Corringtons mochten as senarioskriuwers fermeld wurde. Wol krige Dehn in fermelding as de betinker fan it ferhaal dêr't it senario op basearre wie.

As produsint wie Arthur P. Jacobs by it projekt belutsen foar de filmstudio's 20th Century Fox en syn eigen APJAC Productions. Battle for the Planet of the Apes wie de op ien nei lêste film dy't hy produsearre, mei't er minder as twa wiken nei de premiêre fan 'e film, op 27 juny 1973, mei 51 jier kaam te ferstjerren. Dat wie, mear as in ferlies oan populariteit, miskien de reden dat der neitiid gjin fierdere dielen yn 'e Planet of the Apes-rige mear makke waarden. Foar Battle for the Planet of the Apes wie in budget beskikber fan $1,7 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Richard H. Kline, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Leonard Rosenman. De opnamen, yn ein 1972 en begjin 1973, fûnen fierhinne plak op 'e Fox Movie Ranch yn wat no it Steatspark Malibu Creek is. Regisseur J. Lee Thompson wie ûntefreden oer de produksje om't der winliken in grutter budget nedich wie om it senario goed te ferfilmjen.

It Steatspark Malibu Creek, no in beskerme natoergebiet, mar yn 1973 diel fan 'e filmranch fan filmstudio 20th Century Fox, dêr't it meastepart fan Battle for the Planet of the Apes filme waard.

De distribúsje fan Battle for the Planet of the Apes waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 13 juny 1973 yn Los Angeles yn premiêre. Letter waard der foar útstjoering yn syndikaasje op 'e Amerikaanske tillefyzje in extended cut fan Battle for the Planet of the Apes makke. Dêrfoar waarden ferskate sênes tafoege dy't foar de bioskoopferzje by de filmmontaazje sneuvele wiene, wylst guon oare sênes langer makke waarden.

Fan 'e filmkritisy krige Battle for the Planet of the Apes oer it algemien negative resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 2 fan 4 stjerren. Hy karakterisearre Battle for the Planet of the Apes as "de lêste sike fan in stjerrende searje" en as "in film dy't inkeld en allinne makke is om 'e dollars út 'e lêst oerbleaune Planet of the Apes-fans te wringen." Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune parte de film mar 1 fan 4 stjerren ta en skreau dat Battle for the Planet of the Apes de minste fan 'e fjouwer ferfolchfilms op it oarspronklike Planet of the Apes wie. Neffens it tydskrift Variety wie Battle for the Planet of the Apes traach en de rezjy fan J. Lee Thompson "plichtmjittich".

Yn The New York Times wie Vincent Canby mylder. Hy foarsei dat Thompson gjin prizen winne soe mei de film, mar fûn ek dat "de ienfâld fan 'e film krityk ûntsenuwd". Neffens him wie de fisazjy fan 'e akteurs dy't de apen spilen noch altyd "opmerklik" en de dialooch wie "út en troch fernimstich en grappich". Hy konkludearre: "Der binne folle mindere manearen om tiid te ferdwaan." Kevin Thomas fan 'e Los Angeles Times roeide tsjin 'e stream yn troch in positive resinsje fan Battle for the Planet of the Apes te skriuwen. Mar sels hy moast dêrby oantekenje dat "de film lansearre [wurdt] út in tinner ûnderstipe útgongspunt as lykfol hokker fan syn foargongers". Nettsjinsteande dat fûn er dat de film dochs "like spannend" waard as de eardere dielen út 'e searje, "tanksij de sterke oantrekkingskrêft fan 'e allegoaryske ûnderbouwing fan 'e searje en de knaphandige rezjy fan J. Lee Thompson, dy't ferskate spektakulêre (ynstee fan bluodderige) gefjochtssênes beävensearret mei deselde finesse dy't er toant by de yntimere mominten fan 'e film."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Battle for the Planet of the Apes in leech goedkarringspersintaazje fan 36%, basearre op 28 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, kwalifisearret de film as "ûntdien fan goede ideeën en fisueel suterich" en betichtet de film fan "it opblazen" fan in "fierde franchise". Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Battle for the Planet of the Apes in goedkarringspersintaazje fan 40%, basearre op 5 resinsjes.

Battle for the Planet of the Apes brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $8,8 miljoen op. It is ûnbekend hoefolle oft de film om utens yn it laadsje brocht, mar as men de Noardamerikaanske opbringst ôfset tsjin it budget fan $1,7 miljoen betsjut dat in winst fan $7,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

In ferboeking fan Battle for the Planet of the Apes ferskynde tagelyk mei de premiêre fan 'e film en ûnder deselde titel. De roman wie skreaun troch science fiction-skriuwer David Gerrold, dy't ek ferantwurdlik wie foar de ferneamde ôflevering The Trouble with Tribbles fan Star Trek: The Original Series.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Planet of the Apes
 oarspronklike filmsearje  Planet of the Apes (1968) • Beneath the Planet of the Apes (1970) • Escape from the Planet of the Apes (1971) • Conquest of the Planet of the Apes (1972) • Battle for the Planet of the Apes (1973)
 remake Planet of the Apes (2001)
 rebootfilmsearje Rise of the Planet of the Apes (2011) • Dawn of the Planet of the Apes (2014) • War for the Planet of the Apes (2017) • Kingdom of the Planet of the Apes (2024)