Barry Atsma
Barry Atsma | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Barry Atsma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk Britsk | |
berne | 29 desimber 1972 | |
berteplak | Londen (Ingelân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
jierren aktyf | 1993 – no | |
prizen | Gouden Keal 2010 Rembrandt Award 2010 | |
offisjele webside | ||
www.barryatsma.nl |
Barry Atsma (Londen, 29 desimber 1972) is in Nederlânsk film- en tillefyzje-akeur, dy't behalven de Nederlânske ek de Britske nasjonaliteit hat. Hy waard bekend troch syn rol as Bob Ensink yn 'e dramasearje Rozengeur & Wodka Lime en wûn yn 2010 sawol in Gouden Keal as in Rembrandt Award foar syn haadrol yn 'e film Komt een Vrouw bij de Dokter. Oare bekende rollen fan sines binne Vincent van Gogh yn Van Gogh: Een Huis voor Vincent, Wigbolt Ripperda yn Kenau, Johan de Witt yn Michiel de Ruyter en Hugo Warmond yn Knel.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Atsma waard yn 1972 berne yn 'e Londenske wyk Bromley, dêr't syn âlden doe wennen om't syn heit foar de multinational Unilever wurke. Fanwegen syn berteplak hat Atsma behalven de Nederlânske ek de Britske nasjonaliteit. Om't it gesin omreden fan it wurk fan syn heit gauris ferhúzje moast, brocht Atsma syn jonkheid troch yn ferskate lannen, wêrûnder net allinnich Ingelân en Nederlân, mar ek Grikelân en Brazylje. Nei't er de middelbere skoalle ôfrûne hie, begûn er mei in rjochtestúdzje, mar hy stapte al rillegau oer nei in oplieding oan 'e Hegeskoalle foar de Keunsten Utert, dêr't er yn 1996 ôfstudearre.
Aktearkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Atsma sette yn 1993 útein mei in wurkpaad as akteur mei in weromkearende rol as Philip Harinxma yn 'e soapsearje Goede Tijden, Slechte Tijden. Fierders spile er ier yn syn karriêre Bob Voskuil jr. yn Bureau Kruislaan en hied er gastrollen yn 'e plysjesearje Baantjer en yn 'e komeedzjesearje Ben Zo Terug. Atsma briek troch mei de rol fan Bob Ensink, dy't er fan 2001 oant en mei 2005 fertolke yn 'e dramasearje Rozengeur & Wodka Lime. Fan 2002 oant 2012 makke er diel út fan 'e Toanielgroep Amsterdam, dêr't er net inkeld foar aktearre, mar ek regisearre.
Op 'e tillefyzje hie Atsma yn 2005-2006 de rol fan Felix Waltz yn 'e dramarige Waltz, oer in sirkusfamylje, en yn 2007-2008 de rol fan Jeffrey Woesthoff yn 'e dramasearje Voetbalvrouwen. Hy spile yn 2006 yn 'e minysearje Fok Jou! en hie yn 2007 weromkearende rollen as de tenniscoach yn acht ôfleverings fan Willemspark en as Stag Hartman yn trije ôfleverings fan Gooische Vrouwen. Yn 'e minysearje De Prins en het Meisje, ek út 2007, fertolke Atsma de rol fan prins Constantijn fan Oranje-Nassau fan Amsberg, en yn 'e minysearje Van Gogh: Een Huis voor Vincent, út 2013, spile er keunstskilder Vincent van Gogh. Fierders wied er te sjen yn û.m. Hart tegen Hard (2011) en Het Sinterklaasjournaal (2016), en yn tillefyzjefilms as HannaHannah (2007), Ooit (2008) en Amsterdam (2009).
Op it wite doek makke Atsma yn 2003 syn debút yn De Passievrucht. Letter spile er û.m. yn films as Ik Omhels Je met 1000 Armen (2006), nei it boek mei deselde namme fan Ronald Giphart, Nachtrit (2006), Morrison Krijgt een Zusje (2008) en De Storm (2009). Foar syn haadrol as Stijn yn Komt een Vrouw bij de Dokter (2009), nei de bestseller mei deselde namme fan Raymond van de Klundert, ûntfong Atsma yn 2010 in Gouden Keal en in Rembrandt Award, beide yn 'e kategory bêste akteur. Neitiid spile er yn films as Loft (2010) en Taped (2012), en hied er de rol fan Dennis yn Mannenharten (2013), wêrmei't er syn twadde Rembrandt Award foar bêste akteur wûn.
Yn 'e histoaryske oarlochsfilm Kenau, út 2014, fertolke Atsma de rol fan Wigbolt Ripperda, de kommandant fan it oranjesinnige garnizoen ûnder it Belis fan Haarlim (1572-1573). Datselde jiers spile er ek de rollen fan Jaap van Hoensbroeck yn 'e film Lucia de B. en fan Michael yn 'e Britsk-Dútsk-Kanadeesk-Súdafrikaanske film Hector and the Search for Happiness. Yn 2015 wie Atsma as de Hollânske riedpinsjonaris Johan de Witt te sjen yn 'e histoaryske spektakelfilm Michiel de Ruyter, oer de santjinde-iuwske Nederlânske seeheld mei dy namme, en teffens spile er dat jier jitris de rol fan Dennis, yn 'e ferfolchfilm Mannenharten 2.
Yn 2016 spile Atsma yn Knielen op een Bed Violen, de ferfilming fan 'e bestseller mei deselde namme fan Jan Siebelink. Yn 2017 hied er in rol yn 'e Amerikaanske aksjekomeedzje The Hitman's Bodyguard. Yn 2018 wied er te sjen yn 'e titelrol as fersetsman Walraven van Hall, yn 'e film Bankier van het Verzet. Njonken syn aktearwurk die Atsma yn 2010 voice-overs as de stjoerderstim fan Net 5, en ek presintearre er de dokumintêrerige Down voor Dummies (2014) oer trije famkes mei it syndroom fan Down. Yn 2017 en 2018 hie Atsma ien fan 'e haadrollen yn 'e dramasearje Klem, as belestingynspekteur Hugo Warmond, in widner mei twa dochters, dy't tsjin wil en tank by de ûnderwrâld belutsen rekket.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Atsma hie fan 1994 oant 2011 in relaasje mei aktrise Izaira Kersten, mei wa't er twa dochters krige. Neitiid sette er him nei wenjen yn Utert en sûnt novimber 2015 hat er in nije relaasje mei aktrise Noortje Herlaar. Atsma is ambassadeur fan it Diabetes Fûns en it Wilhelmina Bernesikehûs. Ek set er him yn foar bern mei it syndroom fan Down.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1993 | Bureau Kruislaan | Bob Voskuil jr. | gastrol; 2 ôfl. |
1993 | Goede Tijden, Slechte Tijden | Philip Harinxma | weromkearende rol; 4 ôfl. |
1999 | Baantjer | Jelle van Delft | gastrol; ôfl. De Cock en de Pianomoord |
2000 | Ben Zo Terug | Rick | gastrol; ôfl. Positief Denken |
2001–2005 | Rozengeur & Wodka Lime | Bob Ensink | fêste rol; 52 ôfl. |
2002 | Baantjer | Vincent | gastrol; ôfl. De Cock en de Moord in Club Exotica |
2005–2006 | Waltz | Felix Waltz | minysearje |
2006 | Fok Jou! | Frans | minysearje |
2006 | De Afdeling | Anton | gastrol; ôfl. A Perfect Match |
2007 | Willemspark | tenniscoach | weromkearende rol; 8 ôfl. |
2007 | Gooische Vrouwen | Stag Hartman | weromkearende rol; 3 ôfl. |
2007 | De Prins en het Meisje | Constantijn fan Oranje-Nassau fan Amsberg | minysearje |
2007 | HannaHannah | Wim | tillefyzjefilm nom. Gouden Keal foar bêste byrol fan in akteur |
2007–2008 | Voetbalvrouwen | Jeffrey Woesthoff | fêste rol; 16 ôfl. |
2008 | Ooit | Jos | tillefyzjefilm |
2009 | Amsterdam | pedofyl | direkt-op-fideo útbrocht |
2010 | n.f.t. | voice-over | stjoerderstim fan Net5 |
2011 | Het Gordijnpaleis van Ollie Hartmoed | Dimitri | gastrol; ôfl. De Vlinderworp |
2011 | Hart tegen Hard | Paul Smit | fêste rol; 12 ôfl. |
2013 | Van Gogh; Een Huis voor Vincent | Vincent van Gogh | minysearje |
2014 | Down voor Dummies | as presintator | dokudrama oer 3 famkes mei it syndroom fan Down |
2014 | Penoza | Maik Kneefel | weromkearende rol; 7 ôfl. |
2014 | Alles muß raus: Eine Familie rechnet ab | Oskar Etsch | minysearje |
2014 | Göttliche Funken | Jan | tillefyzjefilm |
2015 | Tatau | Dries | weromkearende rol; 7 ôfl. |
2015 | Begierde: Mord im Zeichen des Zen | Richard Landen | tillefyzjefilm |
2015 | Episodes | Arjen van der Linden | weromkearende rol; 2 ôfl. |
2016 | Sinterklaasjournaal | ûnderwizer | gastrol; ôfl. 16.12 |
2017 | Die letzte Spur | Mark Reeve | tillefyzjefilm |
2017–2020 | Klem | Hugo Warmond | fêste rol; 30 ôfl. |
2018–2019 | The Split | Christie Carmichael | fêste rol; 17 ôfl. |
2018–2020 | Bad Banks | Gabriel Fenger | Dútsk-Lúksemboarchske searje |
2019 | Tatort | Maarten Jansen | gastrol; ôfl. Das Monster von Kassel |
2020 | Lieve Mama | Lex van der Ven | minysearje |
2021 | Du sollst nicht lügen | Hendrik Voss | minysearje |
2021 | Make Up Your Mind | Bobbi Bambam | dragshow |
2021 | Blackout | Axel Kjær | minysearje |
2022 | The Serpent Queen | Oane fan Montmorency | fêste rôl; 8 ôfl. |
films | |||
2002 | Rita Koeling | Freddy | koarte film |
2003 | De Passievrucht | skilder | |
2004 | Bos is Back | Triple W | |
2004 | Le Ciambelle | gasthear | koarte film |
2005 | Lepel | Max | |
2006 | Ik Omhels Je met 1000 Armen | barkeeper | |
2006 | Nachtrit | resjersjeur Nijdam | |
2007 | Hotel Paradijs | Christiaan | koarte film |
2008 | Morrison Krijgt een Zusje | Steven | |
2009 | De Storm | Aldo Hendriks | nom. Rembrandt Award foar bêste Nederlânske akteur |
2009 | Nagelaten | Erik | |
2009 | Komt een Vrouw bij de Dokter | Stijn | Gouden Keal foar bêste akteur Rembrandt Award foar bêste Nederlânske akteur |
2009 | Remains | Erik | koarte film |
2010 | Zwart Water | Paul | |
2010 | Loft | Matthias Stevens | nom. Rembrandt Award foar bêste Nederlânske akteur |
2012 | Taped | Johan | |
2012 | Quiz | Leo | |
2013 | Mannenharten | Dennis | Rembrandt Award foar bêste Nederlânske akteur |
2014 | Kenau | Wigbolt Ripperda | |
2014 | Lucia de B. | Jaap van Hoensbroeck | |
2014 | In Jouw Naam | Ton | |
2014 | Hector and the Search for Happiness | Michael | |
2015 | Michiel de Ruyter | Johan de Witt | |
2015 | Mannenharten 2 | Dennis | |
2016 | Knielen op een Bed Violen | Hans | |
2016 | Siv Sover Vilse | Bastiaan | |
2017 | HHhH | Karl Hermann Frank | ek bekend as The Man with the Iron Heart |
2017 | The Hitman's Bodyguard | oanklager fan it ICC Moreno | |
2018 | Bankier van het Verzet | Walraven van Hall | |
2020 | Engel | heit Engel | |
2021 | The Hitman's Wife's Bodyguard | oanklager fan it ICC Moreno | |
2023 | Klem | Hugo Warmond |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Barry Atsma
- (in) Folsleine filmografy fan Barry Atsma yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Nederlânsk telefyzje-akteur
- Nederlânsk filmakteur
- Nederlânsk toanielakteur
- Nederlânsk toanielregisseur
- Nederlânsk telefyzjepresintator
- Ingelsk telefyzje-akteur
- Ingelsk filmakteur
- Ingelsk toanielakteur
- Ingelsk toanielregisseur
- Ingelsk telefyzjepresintator
- Gouden Keal-winner
- Ingelsk persoan fan Nederlânsk komôf
- Persoan berne yn 1972