Springe nei ynhâld

Baritonsaksofoan

Ut Wikipedy
Baritonsaksofoan

De baritonsaksofoan of baritonsaks is in wat minder brûkte saksofoan as de tenoarsaksofoan of de altsaksofoan. It ynstrumint stiet meast yn Es stimd en hat gauris as ekstra noat de saneamde 'lege-A' wylst de oare saksen in berikt oant de 'lege-bes' ha.

De baritonsaks hat in lege en waarme klankkleur en wurdt in inkelde kear yn in harmony- of fanfare-orkest brûkt. In saksofoankwartet hat de baritonsaks as leechste ynstrumint yn it fermidden. De bariton is ek hiel bekend wurden troch it populêre gebrûk yn in soad 'Motownlieten'.

Ek wat de foarm oangiet is de baritonsaks oars. Hat de tenoarsaks allinnich in bocht yn de hals, de baritonsaks hat in twatal ekstra 180° bochten by it mûlestik.