Springe nei ynhâld

Bard

Ut Wikipedy
De Bard, in skilderij út 1817 troch John Martin.

In bard wie fan âlds de lyryske dichter en sjonger út 'e Keltyske tradysje. De ierste dokumintearre barden waarden beskreaun troch Romeinske skiedskriuwers. Sokke artysten waarden troch foarsten betelle om harren eare te besjongen, of kamen op eigen manneboet op 'e lapen mei lieten oer (faak biografyske mar ek wol mytologyske) heldedieden. Yn Wales stiene barden yn heech oansjen; yn Ierlân foarmen de filid de heechste klasse fan hofdichters, en namen barden in leger plak yn. Likegoed wiene se ek dêr sakrosankt, en wie it taboe om in bard wat oan te dwaan. Dat joech harren grutte macht, en talintearre barden koene sadwaande mei harren lieten machtige eallju meitsje en brekke.

Neitiid rekke it wurd 'bard' yn Ingelân yn gebrûk as in soarte fan synonym foar 'trûbadoer'; sokke barden songen net mear inkeld foar de adel, mar ek foar it miene folk en doarmen troch it hiele lân om. Harren fersen wiene net altyd oarspronklik, mar faak ek basearre op âlde folkslietsjes, dêr't se soms eigen tekst of in nije meldij oan tafoegen. By wiere barden gie it yn prinsipe om in mûnlinge tradysje, mei't se harren muzyk net skriftlik fêstleine. Noch wer letter waard 'bard' in soarte fan earetitel dy't soms oan grutte dichters of ek wol skriuwers taparte waard. Sa stiet de grutte Ingelske toanielskriuwer en dichter William Shakespeare bekend as The Bard, en ek de grutte Fryske Renêssânseskriuwer Gysbert Japiks wurdt soms wol "de bard" neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.