Barabbas
Barabbas (Arameesk: Bar-abbâ, "soan fan de heit") is in persoan yn it Nije Testamint. Barrabas spile in rol yn it lijensferhaal fan Kristus. Hy wie in feroardiele misdiediger, neffens it Nije Testamint sels in moardner. It folk gunde de skuldige Barrabas leaver de frijheid dan de ûnskuldige Jezus en waard dêrom yn it ramt fan in amnestyregeling mei Pesach frijlitten.
Historisiteit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Moderne teologen binne oer it algemien fan betinken dat Barabbas gjin histoaryske persoan wie en dat it bibelske ferhaal oer him net op wierheid berêst. Yn inkele âlde manuskripten wurdt foar Barabbas de folsleine namme Yeshua Bar-abbâ (oftewol "Jezus Barabbas") brûkt. In minderheid fan 'e teologen, ûnder wa Benjamint Urrutia en Stevan Davies, hat op basis dêrfan de teory oppenearre dat Barabbas en Jezus fan Nazaret eins ien en deselde persoan wiene.
De frijlitting fan Barrabas
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De joadske lieders woene fan Jezus ôf en hiene besletten dat Jezus dea moast. Nei't Jezus ferret wie en yn de hôf finzen nommen wie, brochten de hegepreesters Him de oare deis ûnder falske beskuldigings nei Pontius Pilatus, de Romeinske bestjoerder fan Judea. Fan de ûnderfreging fan Jezus waard Pilatus net folle wizer, hy koe Jezus net op in misse stap betraapje en wist dat de beskuldigings fan de joadske lieders net dogen. Ek Pilatus syn frou ornearre dat Jezus ûnskuldich wie en trune der by Pilatus op oan om Jezus frij te litten. It wie yn de tiid in goed gebrûk om by it oansteande Pesachfeest in finzene frij te litten en Pilatus naam dy tradysje te baat troch it folk de kar te jaan tusken it frijlitten fan Jezus en de moardner Barrabas. Pilatus gokte der op dat by de fraach wa't amnesty krije moast, de joaden dan dochs leaver foar Jezus keazen, om't Barrabas in grutte misdiediger wie.
Neffens it Markus-evangeelje hie Barrabas by in opskuor immen fermoarde en dêrom siet er finzen. Faaks wied er lid fan de Sikariërs, in ekstremistyske joadske fersetsbeweging, dy't de Romeinen mei geweld út Judea ferdriuwe woe. En sa frege Pilatus oan de kliber folk wa't er frijlitte moast, mar it folk, oanfitere troch de hegepreesters, skandearre massaal "Barrabas" en op Pilatus' fraach wat er dan dwaan moast mei Jezus, raasden hja dat Er krusige wurde moast. Pilatus besocht de minsken op oare gedachten te krijen, mar hja raasden noch hurder dat Jezus krusige wurde moast. It folk waard dwyl en it slagge Pilatus net mear om it del te bêdzjen. Doe naam Pilatus it beslút om syn hannen te waskjen yn ûnskuld. Nochris sei er dat Jezus ûnskuldich wie, hyn sei by eintsjebeslút dat hja it fierder mar útsykje moasten en achte him net ferantwurdlik foar de dea fan in ûnskuldige. De joaden rôpen dat harren dat neat skille koene en raasden "lit Syn bloed mar oer ús en ús bern hinne komme".
Pilatus liet doe Barrabas frij en Jezus waard oerdroegen oan de soldaten, dy't Him giselen en letter oan it krús sloegen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|