Baptisme
It baptisme is in kristlike streaming binnen it protestantisme, ûntstien yn 1609 ûnder Ingelske flechtelingen yn Amsterdam. Twa Ingelske predikanten John Smyth en Thomas Helwys wurde as stifters sjoen. It baptisme kin as in Ingelske fariant fan it anabaptisme beskôge wurde dat waakst is ta in aparte beweging. It ûnderskiedende skaaimerk fan it baptisme is dat de doop troch ûnderdompelen bart. Dit bart pas by folwoeksenen.
Lear en tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om baptist wêze te wollen moat men earst doopt wurde. Dat kin pas nei de bekearing ta it kristendom en middels in iepenbiere belidenis fan it geloof dat Jezus Kristus komd is as ferlosser. De doop bart troch ûnderdompeljen yn wetter. De foarm fan dopen wêrby't bern besprankele wurde mei wetter, de bernedoop, wurdt net leaud troch baptisten, om't bern net bewust binne fan harren dopen.
It wurd “baptist” komt fan it âld Grykske wurd βαπτίζω (sprek út as baptidzo) en betsjut 'dopen'.
Yn de Ingelsktalige wrâld hat de baptistestreaming in soad oanhing. Charles Spurgeon wie in ferneamd baptistepreker. Der binne yn it baptisteleauwe ek wer allegear streamingen dy’t óf frijsinnich binne of ortodoks. Yn de Feriene Steaten is it baptisme ien fan de grutste kristlike streamingen. Dit komt omdat in soad baptisten dy’t ferfolge waarden yn Jeropa nei de Feriene Steaten flechten. De Southern Baptist Convention is ferneamd om harren ortodoksy en harren grutte.
Yn Nederlân is in grut oantal baptistegemeenten oansluten by de Uny fan Baptistegemeenten yn Nederlân. Gemeenten dy’t net oansluten binne neame harren sels frije baptistegemeenten.
Ferneamde baptistegemeenten yn Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Frije Baptistegemeente Bethel yn Drachten bethel.nl
- Uny baptistegemeente de Schutse yn Hoogeveen deschutse.net
- Baptisten Gemeente Deventer yn Dimter [1]
- Baptisten Gemeente De Bron yn Almelo [2]
- de Meerkerk te Hoofddorp [3]
- It Beaken yn Eindhoven [4]
- Trochbrekkers yn Barneveld [5]
- God is Leafde yn Hengelo (Oerisel) [6]
Ferneamde baptisten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Orlando Bottenbley (1951), Nederlânsk predikant
- John Bunyan (1628-1688), Ingelsk predikant en kristlike skriuwer
- William Carey (1761-1834), Ingelsk sindeling
- Jimmy Carter (1924), Amerikaansk presidint (1977-1981)
- Johnny Cash (1923-2003), Amerikaansk countrysjonger
- Bill Clinton (1946), Amerikaansk presidint (1993-2001)
- Tommy Douglas (1904-1986), Kanadeesk predikant, politikus en frijmitseler
- Jerry Falwell (1933-2007), Amerikaansk telefyzjepredikant
- Johannes Elias Feisser (1805-1865), Nederlânske predikant en teolooch, stifter fan it baptisme yn Nederlan.
- Dick Gephardt (1941), Amerikaansk advokaat en politikus
- Al Gore (1948), Amerikaansk fise-presidint (1993-2001) en miljeu-aktivist
- Billy Graham (1918), Amerikaansk predikant, evangelist en kristlik skriuwer
- John Grisham (1955), Amerikaansk skriuwer
- Mike Huckabee (1955), Amerikaansk predikant en politikus
- Jesse Jackson (1941), Amerikaansk predikant, politikus
- Mahalia Jackson (1911-1972), Amerikaansk gospelsjongeres
- Adoniram Judson (1788-1850), Amerikaansk sindeling
- Martin Luther King (1929-1968), Amerikaansk predikant en lieder fan de boargerrjochtebeweging
- Martin Koornstra (1967), kristlik jongereinwurker en evangelist
- Brian Littrell (1975), Amerikaansk pop- en gospelsjonger
- William Miller (1782-1849), Amerikaansk predikant en teolooch
- Levy Mwanawasa (1948), Sambiaansk presidint (2002-heden)
- Olusegun Obasanjo (1937), Nigeriaansk presidint (1976-1979 en 1999-2007)
- David Pawson (1930), Britsk predikant, teolooch, sprekker en kristlik skriuwer
- John D. Rockefeller (1839-1937), Amerikaansk filantroop en ûndernimmer
- Al Sharpton (1954), Amerikaansk predikant en politikus
- Charles Spurgeon (1834-1892), Ingelsk predikant, evangelist en kristlik skriuwer fan boeken en ferskes
- Henk Stoorvogel (1977), Nederlânsk foargonger en kristlike skriuwer
- Wigle Tamboer (1955), Nederlânsk predikant
- Hudson Taylor (1832-1905), Britsk arts en sindeling
- Harry S. Truman (1884-1972), Amerikaansk presidint (1945-1953)
- Rick Warren (1954), Amerikaansk predikant en kristlik skriuwer
Oantal baptisten in de wrâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oantal baptisten yn de wrâld nimt bot ta. Wrâldwiid binne der likernôch 90 miljoen baptisten.
Lannen | oantallen |
---|---|
Feriene Steaten | 47.000.000 |
India | 2.400.000 |
Nigeria | 2.300.000 |
Kongo | 1.900.000 |
Brazylje | 1.200.000 |
Súd-Korea | 774.259 |
kanada | 729.470 |