Bad Hersfeld
Bad Hersfeld | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Hessen | |
lânkring | Hersfeld-Rotenburg | |
Stedsyndieling | 11 Stadtteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 30.642 (2022) | |
Oerflak | 73,87 km² | |
Befolkingsticht. | 415 ynw./km² | |
Oar | ||
Postkoade | 36251 | |
Koördinaten | 50° 52' N 9° 42' E | |
Offisjele webside | ||
www.malmesbury.gov.uk | ||
Kaart | ||
Bad Hersfeld is in plak yn 'e Dútske dielsteat Hessen. It is de kreisstêd fan 'e lânkring Hersfeld-Rotenburg. Bad Hersfeld leit yn it sintrum fan it lân, krekt wat westlik fan it geografyske sintrum.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiednis fan it plak begûn yn it jier 736, doe't Sturmius, in learling fan Bonifatius, him dêr nei wenjen sette om as hearremyt yn it ûnlân te libjen. Tritich jier letter sette Lullus, de opfolger fan Bonifatius as biskop fan Mainz, mei de bou fan it kleaster fan Hersfeld útein. Dêrmei waard it fûnemint lein foar de ûntwikkeling fan de stêd en it tsjerklike stift, de ryksabdij Hersfeld. Doe't Lullus yn 1786 ferstoar, waard er yn it koer fan 'e kleastertsjerke byset. It kleaster krige ûnder abt Brun yn 'e jierren 831-850 in nije stiftstsjerke.
Yn Bad Hersfeld wurdt alle jierren it âldste folksfeest fan Dútslân fierd. It feest is ferneamd nei biskop Lullus en waard yn 852 foar it earst fierd. De feestdei falt op 16 oktober, de stjerdei fan Lullus.
Yn 1521 preke Marten Luther op 1 maaie yn 'e kleastertsjerke fan Hersfeld. Twa jier letter waard de stêd definityf in protestantske stêd. Yn 1761 ferneatigen Frânske troepen by harren ôftocht de foarrieden, dy't yn 'e kleastertsjerke opslein wiene. Dêrmei waard ien fan 'e grutste tsjerkegebouwen fan Dútslân ferneatige. Sûnt 1951 wurde de ruïnes brûkt foar de Bad Hersfelder Festspiele mei toaniel, opera en konserten.
Yn 1963 waard de stêd offisjeel as in kuerplak erkend. De boarnen Lullus en Vitalis soene genêskrêftige wurking hawwe by swierrichheden oan 'e lever, galle, mage en terms.
Kearnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente bestiet njonken de Innenstadt (Bad Hersfeld) út de folgjende Stadtteile:
- Allmershausen
- Asbach
- Beiershausen
- Eichhof
- Heenes
- Hohe Luft
- Johannesberg
- Kathus
- Kohlhausen
- Petersberg
- Sorga
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bad Hersfeld fan Wikimedia Commons. |