Springe nei ynhâld

Bôge fan Galearius

Ut Wikipedy

De Bôge fan Galearius is in momumint yn de Noard-Grykske stêd Tessaloniki. It monumint is boud yn de 4e iuw ta eare fan de Romeinske keizer Galearius.


De bôge fan Galearius

De bôge fan Galearius stiet yn de Dimitrios Gounari Strjitte, in strjitte dy't eartiids it sintrum wie fan Thessaloniky, om-ende-by 1.5 km east-noard-east fan it moderne sintrum fan de stêd. De bôge waard boud yn 298-299 en ynwijd yn 303, om de oerwinning te fieren dy't Galearius helle hie op de Perzen. Oarspronklik bestie de struktuer fan it gebou út fjouwer grutte pylders op alle siden en twa smelle pylders oan de foarkant dat oarspronklik de iepening wie fan in sintrale koepel

Distiid bestiet it monumint allinnich noch út trije pylders mei dêr boppe-op in part fan in bakstiennen mitselwurk. De oare parten binne fernield, nei alle gedachten troch ierdskoddinggen, dy't Thessaloniky troffen hawwe yn de rin fan de tiid. De twa wichtigste pylders binne bedekt mei platte stiennen skulpturen marbles, dy't in foarstelling jouwe fan de krigen fan Galearius. De sintrale iepening is 9.7 meter wiid en 12.5 meter heech en de twadde iepening is 4.8 meter breed en 6.5 meter heech.