Springe nei ynhâld

Aztlan

Ut Wikipedy
De sân grotten fan Tsjikomoztok, ôfbylding komt út de Skiednis Tolteka-Tsjichimeka

Aztlan is it legindaryske wenplak fan de foarâlden fan de Nahua, ien fan de wichtichste kultueren yn Meso-Amearika. De namme hâldt nei alle gedachten yn "plak fan de wite fûgels", "plak fan it brânende wetter" of "plak fan de oarsprong".

Neffens Nahuatl leginde wienen der sân stammen yn Tsjikomoztok, it plak fan de sân grotten. Eltse grot fertsjintwurdige in oare Nahua stam: de Ksochimilka, Tlahuika, Akolhua, Tlakskalan, Tepaneken, Tsjalka, en Meksika. Dy stammen gongen stadichoan út de grotten wei en fêstigen har tichtby Aztlán, of Aztatlan.

De boarnen foar Aztlan binne de Boturiny Kodeks, de Kodeks Telleriano-Remensis, en de Aubin Kodeks. Aztlan wurdt fierders ek neamd yn de Skiednis fan Tlakskala (in kodeks fan Diego Muñoz Camargo, in Tlakskalan mestys út de 17e iuw, en yn de Skiednis Tolteka-Tsjichimeka.