Springe nei ynhâld

Ats Bonninga

Ut Wikipedy

Ats Bonninga (Loaiïngea, by Snits? - nei 1494), wie in Fryske ealfrou dy't bekend waard fan har manmoedige ferdigening fan de stins Sydtsmahûs Warns yn Gaasterlân yn 1494 yn de tiid fan it konflikt tusken de Skieringers en de Fetkeapers.

Ats wie in dochter fan Lo(u)w Broers Bonninga en Hylck Feyckesd. fan Harinxma fan Loaiïngea en troude mei Jelmer Sytsma; har heit hearde by de Skieringers.

Neidat de fetkeapers yn 1492 ek in stins yn Warns setten ûntstie der pleatslik striid oer. In soan fan Douwe Galema rekke dêrby dea wêrnei't er de stins fan Sytsma belegere. Om't har man by syn omke haadling Bocko Harinxma wie, ferdigene sy de stins oant har heit Louw Broers en har man Jelmer Sytsma har ûntsette soene. De belegering einige nei bemiddeling fan in pear prysters.

Oer Ats Bonninga ferskynden in protte publikaasjes fan 1522 ôf en spile in wichtige rol by it romantysk sykjen nei in Fryske identiteit yn de 19e iuw.

Yn Warns is in strjitte nei Ats Bonninga ferneamd.

Titelside fan Ats Bonninga
  • A. van Halmael, Ats Bonninga, treurspul (Ljouwert, G.T.N. Suringar, 1830).
  • Gerard Brandt Maas, Levensschetsen van merkwaardige, meest Vriesche, mannen en vrouwen; Eerste en Tweede stukje (Ljouwert 1830-1837).
  • Wijnsen Faber, Ats Bonninga 1494, Iduna (1850) 14-17.
  • Waling Dijkstra, ‘Ats Bonninga’, Friske Hûsfrjeun (1852) 134-135.
  • J. van Reyn, Nederlandsche vrouwen van vroeger en later tijd, geschetst in hare lotgevallen en verdiensten (Rotterdam 1863) 1-8.
  • Waling Dijkstra, Ats Bonninga, Friske Hûsfrjeun (1865) 234-240.
  • P. Gerbenzon, In âld ex-libri’, It Beaken 13 (1951) 156-162.
  • G.J. Jaspers, Een tweede schenking uit de bibliotheek van Low Broers Bonninga, It Beaken (1985) 1, 40-45.
  • H. Halbertsma, Het tragische levenseinde van L. Broers Bonninga: vader vond de dood bij een poging een door zijn dochter verdedigde stins te onzetten, Sneeker nieuwsblad (4, 8, 15, 18 en 29 july, en 15, 19 en 26 augustus 1985).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: