Springe nei ynhâld

Asjtarak

Ut Wikipedy
Asjtarak
Աշտարակ
Monumint fan Davit Bek yn Kapan
Monumint fan Davit Bek yn Kapan
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Armeenje Armeenje
provinsje Sjûnik
Sifers
Ynwennertal 18.834 (2011)
Oerflak 7.5 km²
Hichte 1.110 m
Oar
Tiidsône UTC 4
Koördinaten 40°18'N 44°21'E
Offisjele webside
ashtarak.am
Kaart
Asjtarak (Armeenje)
Asjtarak

Asjtarak (Armeensk: Աշտարակ, itjinge 'toer' of 'fort' betsjut) is it haadplak fan 'e Armeenske provinsje Aragatsotn.

Neffens de sinsus fan 2011 hie de stêd 18.834 ynwenners. By in offisjele rûzing fan 2016 soene dat noch 18.000 wêze.

De stêd leit oan 'e iggen fan 'e Kasagh, likernôch 20 km noardwest fan Jerevan. Asjtarak spilet in grutte rol yn 'e ekonomy fan Armeenje en der binne ferskillende grutte bedriuwen en kulturele ynstituten. Asjtarak is in sintrum fan 'e fiedselferwurkjende yndustry. De stêd hat him ûntwikkele ta in satellytstêd fan Jerevan.

Yn 'e stêd steane ferskillende midsiuwske tsjerken, wêrfan't twa (de Soerb Mariane (1271) en in lytse 7e-iuwske Karmravortsjerke) noch folslein en oaren as ruïne bewarre bleaun binne. De Sint-Sarkistsjerke is in 19e-iuwsk gebou dat op 'e fûneminten fan in eardere tsjerke boud waard. Oare monuminten tsjûgje fan in permaninte bewenning sûnt de ierkristlike tiid.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Asjtarak fan Wikimedia Commons.