Arthur McBride
Arthur McBride | ||
algemiene ynformaasje | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | folksmuzyk | |
skriuwer | ûnbekend | |
komponist | ûnbekend | |
oar | ||
útfierings | û.m. Paul Brady, Martin Carthy, Bob Dylan, Andy Irvine, Paddy O'Connor, Planxty, Dave Swarbrick |
Arthur McBride is in Iersk folksferske, dat teminsten al bestie yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw. It is in anty-oarlochsliet dat troch in grut tal Ierske, Britske en Amerikaanske folksmuzikanten opnommen is. De bekendste dêrfan is sûnder mis Bob Dylan. Der besteane ferskate, justjes ôfwikende ferzjes fan it liet. Arthur McBride waard foar it earst optekene omtrint 1840, sawol in Limerick (súdwestlik Ierlân), troch Patrick Weston Joyce, as yn Donegal (noardlik Ierlân), troch George Petrie.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it ferske, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, geane de ferteller en syn neef, in Arthur McBride, in eintsje te kuierjen op it strân, yn guon ferzjes op 'e moarn fan earste krystdei. Dêr komme se trije Britske rekrutearringsfunksjonarissen tsjin, in sersjant, in korporaal en in jonge tamboer. De militêren sprekke de beide neven oan en skilderje in prachtich byld fan 'e tsjinst yn it Britske Leger, wêrby't se wiidweidich de deugden fan it tsjinjen fan 'e kening besprekke. Trochdat soldaten altyd bêste klean drage en jild by 't folop hawwe, hawwe se de moaie froulju om mei te trouwen mar foar it útkiezen.
Arthur McBride sprekt lykwols op en wiist derop dat soldaten yn it Britske Leger inkeld liende klean drage, dy't se net útdwaan meie. Boppedat, sa seit er, witte de trije funksjonarissen dat nije rekruten nei Frankryk ta stjoerd wurde, dêr't se perfoarst op it slachfjild omkomme sille, en de trije mannen soene der gjin momint wekker om lizze as dat mei de beide neven barde. De sersjant wurdt lulk as er dy wurden heart, en driget dermei om syn sabel te lûken de beide jongemannen in wan bruien te jaan.
Mar de beide neven berekkenje har kânsen en helje harren shillelaghs (Ierske kneppels) foar 't ljocht, dêr't se de trije militêren mei op 'e plasse slane (oft se de mannen deadogge of se inkeld bewusteleas slane, wurdt yn 'e midden litten). Dêrop nimme Arthur McBride en de ferteller de swurden fan 'e sersjant en de korporaal en smite dy yn see, en itselde lot treft de tromme fan 'e jonge tamboer nei't se dêr in hoartsje mei balskopt hawwe. Yn guon ferzjes naaie de neven dan út mei de ponge jild dy't de sersjant harren oanbean hie as foarskot op 'e soldij as se tsjinst namen yn it leger.
Utfierings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Arthur MacBride is troch in grut ferskaat oan folksmuzikanten opnommen, wêrûnder Paul Brady, Martin Carthy, Andy Irvine, Paddy O'Connor en Dave Swarbrick. De band Planxty, dy't it ferske útbrocht op syn debútalbum Planxty, út 1973, brocht it by in jonger publyk ûnder de oandacht. De bekendste artyst dy't it ferske opnommen hat, is de Amerikaansk folksmuzyksjonger Bob Dylan, dy't it op syn album Good As I Been to You, út 1992, útfierde. De ferzje fan Paul Brady, út 1977, is opfallend fanwegen de oansjenlike ôfwikings fan 'e gongbere tekst, mei sels ferskate bykommende kûpletten. Hoewol't Brady út Ierlân komt, wied er net bekend mei Arthur McBride foar't er it yn 1972 yn 'e Feriene Steaten hearde.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Arthur McBride (útfiering fan Planxty) op YouTube
- (in) Arthur McBride (útfiering fan Paul Brady) op YouTube
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and references, op dizze side. |