Springe nei ynhâld

Aristofanes

Ut Wikipedy
Aristofanes
skriuwer
Aristofanes (in yllústraasje op grûn fan in búste dy't by Tuskulum fûn is).
Aristofanes (in yllústraasje op grûn fan in búste
dy't by Tuskulum fûn is).
persoanlike bysûnderheden
echte namme Aristofanes (Ἀριστοφάνης)
nasjonaliteit Ateensk
berne ±446 f.Kr.
berteplak Atene (Attika)
stoarn ±386 f.Kr.
stjerplak Delfy (Fosis)
etnisiteit Gryksk
wurk
taal Aldgryksk
sjenre toaniel, poëzij
perioade Klassike Aldheid
streaming âlde komeedzje
bekendste
  wurk(en)
Eirēnē ("Frede")
Ornithes ("Fûgels")
Lysistrata
jierren aktyf 427386 f.Kr.
offisjele webside
n.f.t.

Aristofanes (yn it Aldgryksk: Ἀριστοφάνης; Atene, ±446 f.Kr.Delfy, ±386 f.Kr.) wie in ferneamd Ateensk toanielskriuwer yn it âlde Grikelân. Syn oeuvre bestie út it doedestiden nije sjenre fan 'e komeedzje, dêr't er yn syn libben likernôch fjirtich fan skreau. Alve dêrfan binne folslein of frijwol folslein oerlevere, wylst fan oaren fragminten bewarre bleaun binne. Syn wurken binne de iennichste wiere foarbylden fan 'e âlde komeedzje, en foarmje sadwaande de definysje fan dat subsjenre. Aristofanes wurdt wol de "Heit fan 'e Komeedzje" neamd. As gjin oar lei hy it deistich libben yn it âlde Atene yn syn wurken fêst. Syn flymskerpe spot waard troch foaroansteande tiidgenoaten freze.

Der is folle minder bekend oer Aristofanes as oer syn toanielstikken. Sterker noch, syn stikken binne de wichtichste boarne foar ynformaasje oer himsels. It wie yn âlde komeedzjes nammentlik wenst om it koar foar de toanielskriuwer sprekke te litten yn in taspraak dy't de parabasis neamd waard. Sadwaande binne der inkele biografyske feiten oer Aristofanes bekend, al hawwe die allegear te krijen mei syn libben as toanielskriuwer; oer syn priveelibben witte wy sa goed as neat.

Talia, de muze fan 'e komeedzje, mei in masker yn 'e hân (op in sarkofaach yn it Louvre te Parys).

In útspraak út 'e parabasis fan it stik Wolkens soe ynterpretearre wurde kinne yn 'e sin dat Aristofanes noch mar kwealk achttjin jier wie doe't syn earste komeedzje, De Iters, foar it earst opfierd waard. Ut deselde parabasis is ek ôflaat dat er al ier keal waard. Hoewol't er soms opsprekt oer syn eigen orizjinaliteit as toanielskriuwer, docht út syn wurk konsekwint wjerstân bliken tsjin nije ynfoeden yn 'e Ateenske maatskippij. Aristofanes oerlibbe de Peloponnezyske Oarloch, twa oligargyske revolúsjes en trije demokratyske restauraasjes; dat is wol foar bewiis nommen dat er, nettsjinsteande syn polityk engaazjemint, net sels aktyf wie yn 'e polityk.

Wy witte dat Aristofanes teminsten ienris, yn 427 f.Kr., de toanielwedstryd op it Ateenske Feest fan Dionysus wûn, mei it stik De Babyloaniërs. De toanielwedstryd op it minder wichtige Feest fan Dionysus Lennaius wûn er teminsten trije kear, mei De Koalebranders yn 425 f.Kr., mei Ruters yn 424 f.Kr. en mei Kikkerts yn 405 f.Kr. Dy lêste komeedzje wie sels sa populêr dat it op it folgjende feest nochris opfierd waard, wat in unyk barren wie. Aristofanes hie yn elts gefal trije soannen dy't ek toanielskriuwers waarden: Araros, Filippos en in trêden dy't òf Nikostratos òf Filetairos hiet.

Yn syn stikken karikaturisearre Aristofanus politisy, lykas de demogooch Kleön, filosofen, lykas Sokrates, en oare toanielskriuwers, lykas Euripides, waans ynfloed op syn eigen wurk oft er ienris trouwens mei tsjinnichheid tajoech. Pommeranten út syn tiid wiene der neat net te happich op om it ûnderwerp fan syn gekoanstekkerij te wurden. Sa hold Plato út dat Aristofanes syn Wolkens klearebare kwealaster wie, dy't bydroech ta de feroardieling en terjochtstelling fan syn learmaster Sokrates (hoewol't oare toanielskriuwers Sokrates likegoed parodiëarre hiene). Oan 'e oare kant sketst Plato yn syn It Sympoasium it byld fan Aristofanes as in tige sympatyk man, dy't likernôch sân jier nei de opfiering fan Wolkens mei Sokrates oansit oan it miel. Dêrby komt boppedat neat fan antypaty tusken de beide mannen nei foarren. Fierders is dy tekst wol ynterpretearre as soene Aristofanes en Plato freonen west hawwe, wat befêstige liket te wurden troch it loovjend grêfskrift dat Plato nei't men seit foar Aristofanes skreaun hat.

Mei de populist Kleön wie der lykwols gjin sprake fan in freonskiplike relaasje. Yn Aristofanes syn stik De Babyloaniërs stelt er de bûnsgenoaten fan Atene yn it Delysk-Attysk Seebûn foar as slaven dy't ôfbodde wurde by it meallen fan nôt foar de Ateners. Mei't der op it Feest fan Dionysus, dêr't De Babyloaniërs opfierd waard, ek altiten útlânske gesanten en oare gasten fan omfierrens oanwêzich wiene, brocht dit byld it Ateenske regear mar frijwat yn ferlegenheid. Guon ynfloedrike boargers, mei Kleön as de meast útsprutsene, ferspijden it stik as poere kwealaster tsjin 'e steat, en hawwe Aristofanes mooglik foar it gerjocht dage. Yn lettere toanielstikken lit Aristofanes kear op kear koarte neat fan Kleön hiel, en hoewol't syn satiryske tirades gjin effekt hân lykje te hawwen op Kleön syn politike karriêre, hie Kleön oarsom blykber ek neat te sizzen oer de ynhâld fan Aristofanes syn stikken, mei't de oanfallen op him trochgiene oant nei syn dea.

Dit binen de oerlevere toanielstikken fan Aristofanes; de jiertallen binne fan 'e (earste) opfiering as ûnderdiel fan 'e jierlikse toanielwedstryd op it Ateenske Feest fan Dionysus.

  • 425 f.Kr.: Acharneis
  • 424 f.Kr.: Hippeis ("De Ruters")
  • 422 f.Kr.: Sfēkes
    • Fryske oersetting: Ealjebijen (fert. Klaas Bruinsma, 199?)
  • 421 f.Kr.: Eirēnē
    • Fryske oersetting: Frede (fert. Klaas Bruinsma, 199?)
  • 419-416 f.Kr.: Nefēlai ("Wolkens"; de earste, ferlern giene ferzje wie út 423 f.Kr.; oerlevere is in ûnfoltôge, op 'e nij besjoene ferzje)
  • 414 f.Kr.: Ornithes
    • Fryske oersetting: Fûgels (fert. Klaas Bruinsma, 199?)
  • 411 f.Kr.: Lysistrata
    • Fryske oersetting: Lysistrata (fert. Klaas Bruinsma, 199?)
  • ±411 f.Kr.: Thesmoforiazousai ("De Froulju dy't it Feest fan de Tesmofoaria Fiere")
  • 405 f.Kr.: Bātrachoi
    • Fryske oersetting: Kikkerts (fert. Klaas Bruinsma, 199?)
  • ±392 f.Kr.: Ekklesiazousai ("De Parlemintsfroulju")
  • 388 f.Kr.: Ploutos ("Woltier"; de earste, ferlern giene ferzje wie út 408 f.Kr.)

Ferlern gien en fragmintaryk oerlevere wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wêr't gjin jiertal jûn wurdt, is de datearring ûnbekend.

  • Aiolosikon (earste ferzje)
  • Aiolosikon (386 f.Kr.; twadde ferzje)
  • Alderdom
  • Amfiaraos (414 f.Kr.)
  • Anagyros
  • De Babyloaniërs (426 f.Kr.)
  • De Bakpannemanlju
  • De Boeren (424 f.Kr.)
  • Daidalos
  • De Danaïden
  • De Froulju dy't it Feest fan de Tesmofoaria Fiere (twadde ferzje)
  • Earrebarren
  • De Fenisyske Froulju
  • Frede (twadde ferzje)
  • Froulju yn Tinten
  • Gerytades (ûnwis, mooglik 407 f.Kr.)
  • De Helden
  • De Iters (427 f.Kr.)
  • De Jiertiden
  • Keapfarders (423 f.Kr.)
  • Kokalos (387 f.Kr.)
  • De Lemnyske Froulju
  • Polyidos
  • Proägon (422 f.Kr.)
  • De Sintaur
  • De Telemessiërs
  • Trifales
  • Wolkens (423 f.Kr.; earste ferzje)
  • Woltier (408 f.Kr.; earste ferzje)


Ferlern gien wurk fan twifelige taskriuwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mooglik skreaun troch Archippus.

  • Dionysos Skipbrekkeling
  • Eilannen
  • Niobos
  • Poëzij

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.