Arie van der Veer
Arie van der Veer | ||
Van der Veer yn 1997 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 30 jannewaris 1942 | |
berteplak | Flaardingen | |
stoarn | 14 septimber 2024 | |
stjerplak | Swol | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Predikant, presintator | |
reden bekendheid |
Telefyzje- en radioprogrammas fan de EO |
Arie van der Veer (Flaardingen, 30 jannewaris 1942 - Swol, 14 septimber 2024) wie in Nederlânske predikant en âld-foarsitter fan de Evangelyske Omrop (EO).
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy wie in soan fan in mjitteropnimmer. Fan 1961 oant 1966 studearre er teology oan de Teologyske Universiteit Apeldoorn fan de Kristlike Grifformearde Tsjerken. Dêrnei stie er as dûmny fan 1966 oant 1990 yn efterelkoar Nieuwe Pekela en Swol. Under syn lieding waakste de tsjerke yn Swol as in reid.
Fan 1990 oant 1 septimber 2008 wie Van der Veer foarsitter fan de Evangelyske Omrop en krige de EO de A-status. Yn dy funksje rjochte er him bot op ienheid ûnder kristenen út de ferskate tsjerken. Van der Veer neamde dat de oecumene van het hart. Fan 1991 oant 1998 wie er ek ficefoarsitter fan de NOS. Op 24 augustus 2008 waard er beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.[1] Yn oktober 2008 waard kanker by him fêststeld[2] dêr't er lykwols better fan waard. Tegearre mei Rita Renema-Mentink rjochte er de stichting Als kanker je raakt op.
Op 8 juny 2015 ferstoar syn âldste soan Peter van der Veer, dy't lykas syn heit predikant wie yn de Kristlike Grifformearde Tsjerke yn Swol.[3]
Van der Veer ferstoar op 14 septimber 2024 yn de âldens fan 82 jier. Hy wie al jierren oanhelle mei útsiedde prostaatkanker.[4]
Programmas
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van der Veer presintearre de folgjende telefyzjeprogrammas:
- Nederland Zingt (en Helpt)
- Nederland zingt op zondag
- Goud, Wierook en Mirre (programmarige om Kryst en Ald en Nij hinne)
- De Kapel
Ek hold er op de radio eltse sneontemoarn om 11.00 uur in Bibeloertinking. Dy wiene sûnt 2015 te beharkjen yn it programma De Muzikale Fruitmand op Radio 5, ûnder de titel "De Bijbel open".
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Met liefde gemaakt: over genieten en werken in Gods schepping. Frjentsjer (2007) ISBN 978-90-5194-305-4
- Engelen op je weg : dagboek voor zon- en feestdagen. Kampen (2002) ISBN 90-435-0616-8
- Geloven in de toekomst. Kampen (2000) ISBN 90-435-0277-4
- Woorden die tellen. Kampen (1998) ISBN 90-297-1614-2
- Dichtbij God, dichtbij mensen. Kampen (1996) ISBN 90-297-1420-4
- Alles draait om Hem: bijbels leesboek. Kampen (1994) ISBN 90-297-1199-X
- Vul opnieuw mijn hart: Bijbels dagboek. Kampen (1993) ISBN 90-297-1113-2
Yn 'e mande mei oaren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Mei Rita Renema-Mentink, Als kanker je raakt. Frjentsjer (2015) ISBN 9789051944785
- Mei Ellen Laninga, Dit is de dag! : bijbels dagboek voor klein en groot. Kampen (2005) ISBN 90-435-1093-9
- Mei Nel Benschop, Dichtbij God en dichtbij mensen: gedachten en gedichten. Hilversum (1998) ISBN 90-70100-68-1
- Mei Andries Knevel, De boodschap en de kloof: communicatie van het Evangelie in een postmoderne tijd. Hilversum (1997) ISBN 90-70100-65-7
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|