Apia
Apia | ||
Apia op Upolu | ||
Bestjoer | ||
Lân | Samoä | |
Distrikt | Tuamasaga | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 37.708 (2006) | |
Oerflak | 60 km² | |
Befolkingsticht. | 6.534,27/ km² | |
Hichte | 2 m | |
Oar | ||
Stifting | >1800 Haadstêd 1959 | |
Tiidsône | SST (UTC-11) |
Apia is de haadstêd fan de Oseanyske eilannekloft en lân Samoä. De stêd leit oan de noardkust fan Upolu, Samoä's twads grutste eilân, oan in natuerlike haven by de mûning fan de rivier Vaisigano. Dêr wurdt Ingelsk en Samoaansk praat. Apia is in lytse stêd mei sa'n 38.000 ynwenners (2006). It is Samoä's ienige stêd en haven.
Apia hat in mjuks fan âlde koloniale huzen en moderne westerske bouwurken, gewoanwei oantsjut as Fale Palagi ('hûs fan de wite man'); de tradisjonele wenten fan Samoä wurde Fale Samoa neamd.
De ferneamde 19e-iuwske Skotske skriuwer Robert Louis Stevenson is begroeven op in hichte oan de râne fan de stêd; syn hûs dêre, Vailima, is no in museum ta syn eare.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Apia wie oarspronklik in lyts doarp dêr't de lettere haadstêd de namme fan oernaam hat. It âlde doarp Apia bestiet noch yn it moderne Apia, dêr't no ek in protte oare doarpen ta beheare.
It moderne Apia waard stifte yn de fyftiger jierren fan de 19e iuw en hat de offisjele haadstêd fan Samoä west sûnt 1959.[1]
Begjin 20e iuw begûn Samoä’s stiid foar ûnôfhinklikens, organisearre yn de nasjonale Mau-beweging. Apia wie doe it plak dêr't geweldleaze protestmarsen holden waarden en dêr't doe in protte Samoänen arrestearre binne. Op de saneamde 'Swarte Sneon' roan in freedsume Mau-gearkomst út op it deadwaan fan haadman Tupua Tamasese Lealofi III troch Nij Seelânske plysjes, dat wie op 28 desimber 1929.[2]
-
Apia ± 1839
-
Oerheidsgebouwen
-
Plattegrûn Apia
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Apia hat in tropysk reinwâld klimaat mei frijwat fêst waar en temperatueren it hiele jier troch. Apia's meast drûge moannen binne july en augustus mei in trochsneed delslach fan sa'n 80 mm. Desimber oant maart falt it measte wetter, maklik mear as 300 mm. De trochsneed temperatuer foar Apia is 26 graden Celsius.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Apia is in part fan it polityk distrikt Tuamasaga en fan it kiesdistrikt Vaimauga-west en Faleata-east. Apia hat gjin stedsbestjoer. Apia bestiet nammentlik út sa'n 45 selsstannige doarpen. It eigentlike Apia proper is mar in doarpke tusken mûningen fan de rivieren Vaisigano (east) en Mulivai (west) en de doarpen Vaisigano en Mulivai; meielkoar foarmje dy 'de stêd Apia'.
-
It gerjochtsgebou te Apia
-
Katedraal fan Apia
-
Klokketoer en Sintrale Bank fan Samoä te Apia
-
Op it fleanfjild fan Apia
Underwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Apia hat in oantal beuker-, legere- en middelbere-skoallen en ek ynstituten foar fuortset ûnderwiis,[3] dêr't ek de iennichste universiteit fan Samoä ta heart, de Nasjonale Universiteit fan Samoä. Fierders hat de Lânbouskoalle fan de Universiteit fan de Súd-Pasifyk in kampus [4] yn Alafua oan de râne fan Apia.
Universiteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nasjonale Universiteit fan Samoä
- Universiteit fan de Súd-Pasifyk
- Medyske Universiteit fan Oseaanje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Apia, Samoa fan Wikimedia Commons. |