Antrasyt (kleur)
Appearance
antrasyt | ||
kleurkoördinaten | ||
heksadesimaal | #293133 | |
RGBª (r, g, b) | (41, 49, 51) | |
CMYKº (c, m, y, k) | (20, 4, 0, 80) | |
ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) |
Antrasyt is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan griis. It is in dûnkergriis dat kwa tint wat de kant fan syaan útskaait. De namme komt fan antrasyt, in foarm fan stienkoal dy't oan hege druk en temperatuer bleatstien hat.
By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is antrasyt in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan alle trije primêre kleuren (read, grien en blau). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it krektlyk in tertiêre kleur, dy't yn prinsipe produsearre wurdt troch de ferminging fan 'e primêre kleuren maginta, giel en syaan. Yn 'e praktyk wurdt lykwols ynstee fan syaan swart tafoege.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |