Antependium
Mei it Antependium, in Latynske gearfoeging fan 'e wurden ante (foar) en pendere (hingje), wurdt de beklaaiing fan 'e foarkant en/of de siden fan 'e ûnderbou fan it alter bedoeld. De beklaaiing is meastentiids yn 'e foarm fan stof, mar kin likegoed fan hout, stien of edelmetaal wêze.
Antependia komme sawol yn protestantske as yn roomske tsjerken foar. Lykas paraminten (de kazuifel fan in preester of de stola fan in dûmny) wurde se yn 'e liturgyske kleuren holden en binne se faak fersierd mei symboalen dy't passe by de tiid fan it tsjerklik jier.
It komt ek foar dat it begryp rommer útlein wurdt as in doek, dat earne tsjin oan of oer hinget, lykas oer de preekstoel.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al sûnt de 4e iuw is by it alter in foarhang gebrûk. Se waarden eartiids pallium of vestus altaris neamd en beklaaiden foar in part alle kanten fan it alter. It wurd antependium dûkt pas yn 'e lette midsiuwen op. Yn 'e midsiuwen is it alter fan 'e mensa (de alterplaat) oant de flier fakentiden net mei stof, mar mei bewurke hout, edelmetaal of stien beklaaid. Ek dy beklaaiing wurdt antependium neamd. As de beklaaiing fan stof wie, waard eartiids de foarkant ryk en kostber mei motiven bestikke.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Antependium fan Wikimedia Commons. |