Amerongen
Amerongen | |
---|---|
Amerongen mei it slot | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Nederlân |
Provinsje | Utert |
Gemeente | Utertske Heuvelrêch |
Sifers | |
Ynwennertal | 5.420 (1 jannewaris 2021)[1] |
Oar | |
Tiidsône | UTC 1 |
Simmertiid | UTC 2 |
Koördinaten | 52° 0' 9" NB, 5° 27' 39" EL |
Amerongen is in doarp en eardere gemeente yn de gemeente Utertske Heuvelrêch yn it súdeasten fan de Nederlânske provinsje Utert. Amerongen leit oan de foet fan de Amerongske Berch by de Nederryn. De berch is part fan de Utertske Heuvelrêch, dy't sûnt 2003 in nasjonaal park is. Amerongen hie yn 2021 5.420 ynwenners. De eardere gemeente hie in oerflak fan goed 3.000 bunder.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Amerongen waard foar it earst neamd yn 1126. Yn de midsiuwen hie de hearlikheid Amerongen twa hearen. It laach Abcoude en de domproasdy fan Utert hiene in oandiel. Letter waard de hearlikheid ferparte, dêr't de domproast by yn it besit fan Leersum kaam, en de hearen fan Rede krigen it oare part. De domproast ferkocht syn part yn 1632 oan de prins fan Oranje.
Yn de Tachtichjierrige Kriich fûn op 23 juny 1585 de Slach by Amerongen plak, dêr't de Steatske troepen troch de Spanjerts ferslein waarden.
Yn de omkriten fan Elst leit de Galgeberch. Dy namme ferwiist nei it feit dat der in galge stien hat. De galge wie allinnich ornearre as in symboal. De iennige deastraf dy't yn Amerongen útfierd waard, wie in eksekúsje yn 1687 mei in swurd op in dêrfoar ynrjochte skandesteger.
Amerongen wie in agraryske mienskip. De skiep op it heidelân fan de Heuvelrêch leveren dong foar de ikkers. Boppedat waarden de uterwaarden nei it bedykjen mei syn fruchtber rivierklaai ek tige gaadlik foar de lânbou. Fan de santjinde oant de tweintichste iuw wie der yn Amerongen tabakstylt. Der binne noch in tsiental karakteristike tabakskuorren fan dy snuorje yn it doarp.
Eardere gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant 1 jannewaris 2006 wie Amerongen in selsstannige gemeente, dêr't ek de kearnen Elst (foar in part) en Overberg ûnder foelen. Sûnt dy tiid is Amerongen part fan de nije gemeente Utertske Heuvelrêch, dy't ek út de doarpen Leersum, Doarn, Maarn, Overberg, Maarsbergen en Driebergen-Rijsenburg bestiet. By dy gemeentlike weryndieling waard it Amerongske part fan Elst by de gemeente Rhenen foege.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Amerongen is ferneamd om it Kastiel Amerongen, dat justjes súdlik fan it doarp yn de uterwaarden leit. It kastiel waard yn it rampjier fan 1672 folslein ferwoastge troch de frânsen en waard letter yn de hjoeddeistige styl weropboud. De lêste keizer fan Dútslân, Wilhelm II, hat oardel jier útfanhuze yn it kastiel ear't er nei Hûs Doarn ferhuze. Op 28 novimber 1918 tekene er yn Kastiel Amerongen dat er ôfstân fan 'e troan die. It kastiel is hjoed-de-dei in museum mei in moaie kastieltún.
Op in útrinner fan 'e Amerongske Berch stiet, tsjin de uterwaarden oan en tichteby it kastiel, stiet de Andriestsjerke, in letgoatyske tsjerke dêr't de boustyl fan de toer by ôflaat is fan Utertske Domtoer. De Protestantske Gemeente Amerongen-Overberg is de eigener fan de tsjerke. De tsjerke is te besichtigjen en der wurde rûnliedings jûn.
Justjes noardlik fan de Andriestsjerke is it Tabakmuseum, dêr't de skiednis fan de tabaktylt yn útstald is.
Fjouwer kilometer by de stream del leit súdwestlik fan it doarp it Kear- en slûzekompleks Amerongen yn de Nederryn.
In part fan it doarp is beskerme doarpsgesicht. Fierder binne der yn it doarp in soad ryksmonuminten en gemeentlike monuminten.
Der lizze ferskate heuvels fan de Utertske Heuvelrêch by Amerongen.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Kastiel Amerongen
-
Andriestsjerke
-
Nôtmûne Maallust
-
Amerongske Bosk
-
Sicht op de Amerongske Berch
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Amerongen op webside gemeente Utertske Heuvelrêch
- Skiednis fan Amerongen, Overberg en Elst op de webside fan it Regionaal Histoarysk Sintrum Súdeast-Utert
- http://www.openmonumentendagamerongen.nl/
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Utertske Heuvelrêch | ||
---|---|---|
Doarpen: Amerongen • Doarn • Driebergen-Rijsenburg • Leersum • Maarn • Maarsbergen • Overberg | ||
Buorskippen: Darthuizen • Driebergen • Rijsenburg • Sterkenburg | ||
· · |