Alyssa Alps
Alyssa Alps | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | ? | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 6 desimber 1969 | |
berteplak | Rock Island (Illinois) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, ympressario | |
jierren aktyf | 1989 – 2005 | |
offisjele webside | ||
www.alyssaalps.com (deade link) |
Alyssa Alps, echte namme ûnbekend (Rock Island (Illinois), 6 desimber 1969), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en stripper, dy't fral yn 'e jierren njoggentich tige populêr wie. Hja stie benammen bekend om har grutte boarsten (kup 50FF), dy't se krigen hie troch in boarstfergruttingsoperaasje.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alyssa Alps waard berne yn Rock Island, yn 'e steat Illinois, mar groeide op yn 'e steat Wiskonsin. Se sette yn 1989, doe't se 19 jier wie, útein mei te wurkjen as stripper yn in fêste stripklub. Dêrnjonken posearre se foar in ferskaat oan neakenblêden, lykas Hustler's Busty Beauties, Juggs en Gent. Oan it begjin fan 'e jierren njoggentich briek se troch mei har fotorapportaazjes yn in oar grutte-boarsteblêd, Score. Yn 1991 wie se sa bekend wurden dat se begjinne koe mei in karriêre as feature dancer (in stripper dy't fan harsels ferneamd is en by stripklubs lâns reizget om oeral in pear jûnen efterinoar op te treden as de haadattraksje).
Alps brocht it grutste part fan 'e jierren njoggentich troch op toernee by stripklubs yn hiele Noard-Amearika lâns, en skreau dêr ferskate jierren lang eltse moanne in kollem oer yn Score. Ek fear se ien kear mei op 'e jierlikse Boob Cruise (in rûnfeart op in echt cruiseskip foar lêzers fan Score en oare belangstellenden wêrby't modellen net inkeld jûns optrede, mar harren ek oerdeis by de oare passazjiers jouwe, sadat dy echt mei harren yn 'e kunde komme kinne). Dy cruise die se trouwens yn 'e hoedanichheid fan ferslachjouster, mar op oantrún fan Score posearre se ûnder de reis dochs in kear neaken.
Hoewol't fans der by har allegeduerigen op oankrongen om ek pornografy te meitsjen, beheinde Alps har har hiele karriêre ta neakenfotografy en ien inkele fotorapportaazje mei in oar rûnboarstich model, Heather Hooters, dy't sa ûnskuldich wie dat ek dêr net fan pornografy sprutsen wurde koe. Tusken 1993 en 2001 makke se of wurke se mei oan seis fideo's, dy't krektlyk neat ekstremers toanden as har bleate lichem. Yn 2005 hold se op mei posearjen en strippen, en liet se har boarsten ferlytsje. Neitiid sette se har nei wenjen yn Alaska en wie se aktyf as ympressario foar modellen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Alyssa Alps yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Alyssa Alps yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |