Aldgillis (studinteferiening)
D.S.S.F.S. Aldgillis | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | studinteferiening | |
fêstige yn | Delft (Súd-Hollân) | |
off. taal | Frysk | |
oprjochte | 1931 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Aldgillis, folút it Delftsk Studinte Selskip foar Fryske Stúdzje Aldgillis (D.S.S.F.S. Aldgillis), is in Frysktalige studinteferiening foar studinten út Fryslân dy't yn Delft studearje.[1][2] De feriening waard yn 1931 oprjochte troch in stikmannich Fryske studinten oan 'e Technyske Universiteit Delft[1][2] en is oansletten by de Federaasje fan Fryske Studinteferienings.[1][2] Aldgillis is ferneamd nei de sânde-iuwske Fryske kening mei deselde namme.[1]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aldgillis waard yn earste ynstânsje yn 1931 oprjochte troch in stikmannich Fryske en Frysktalige studinten oan 'e Technyske Universiteit Delft.[1][2] De feriening hold al yn 1934 op te bestean, mar waard yn 1939 fannijs oprjochte.[1] Aldgillis belibbe syn grutste bloei yn 'e desennia fuort nei de Twadde Wrâldoarloch.[1] Nei 't yn 1961 yn Ynskedee de Technyske Universiteit Twinte oprjochte wie, naam it tal Fryske studinten yn Delft ôf en dêrmei ek it tal leden fan Aldgillis.[1]
Yn 1966 waard ta gelegenheid fan it ferieningslustrum foar it earst sûnt 1950 wer it Frysktalige sjongspul De Jonkerboer fan Paulus Folkertsma en Ype Poortinga opfierd.[1] Fan 1968 ôf rikte Aldgillis in pear jier efterinoar de Aldgillispriis út oan in persoan dy't him fertsjinstlik makke hie foar Fryslân.[1] Under de ûntfangers fan 'e priis, besteande út in oarkunde en in flesse jenever, wiene û.o. de letterkundige Anne Wadman en de eardere Kommissaris fan 'e Keninginne yn Fryslân Harry Linthorst Homan.[1]
Sûnt it begjin 2002 late Aldgillis in sliepend bestean[2] en wie de feriening ek net mear lid fan 'e Federaasje fan Fryske Studinteferienings.[2] De argiven waarden letter oerdroegen oan 'e kolleksje fan Tresoar yn Ljouwert.[1]
Yn 2019[1] waard de feriening nij libben ynblaasd[1][2] troch de Fryske studinten Marten Wijnja[1][2] en Sieger Falkena.[1] It lidmaatskip fan 'e Federaasje fan Fryske Studinteferienings waard dêrmei fernijd,[2] sadat der wer trije lidorganisaasjes wiene (mei Bernlef yn Grins en W.S.S.F.S. yn Wageningen).[2] It plan wie om 'e werlibbing fan Aldgillis yn it foarjier fan 2021 te fieren mei in seremoanje yn Starum,[1][2] by it grêf fan kening Aldgillis, dat troch de leden fan 'e feriening tradisjoneel ûnderholden waard.[2] Omreden fan 'e wrâldwide pandemy fan it koroanafirus moast dat lykwols ôflast wurde.[2]
Bekende âld-leden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bekende âld-leden fan Aldgillis binne Jan Sipkema en Henk Kroes, âld-foarsitters fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden. Beiden hawwe ek foarsitter fan Aldgillis west.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|