Aldetrine
Aldetrine | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Weststellingwerf | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 215 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Befolkingsticht. | 9,89 km², wêrfan: - lân: 9,60 km² - wetter: 0,28 km² | |
Stêdekloft | 22 ynw. / km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8479 | |
Tiidsône | UTC 1 | |
Simmertiid | UTC 2 | |
Koördinaten | 52° 51' N 5° 56' E | |
Offisjele webside | ||
Side Sonnegea-Aldetrine | ||
Kaart | ||
Aldetrine (Nederlânsk: Oldetrijne; Stellingwerfsk: Ooldetriene) is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf. It leit súdwestlik fan Wolvegea en noardeast fan Munnikebuorren. De taal fan 'e ynwenners is meast Stellingwerfsk. It doarp foarmet mei Sonnegea in twillingdoarp.
Aldetrine hat 215 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aldetrine waard al yn in oarkonde út 1320 neamd as 'Oldentrinde'. De eardere herfoarme tsjerke wie oant de reformaasje oan Katarina fan Aleksanderje wijd.
Yn 1794 waard de tsjerke ferfongen troch in nije; ein 19e iuw barde dat nochris. Dy tsjerke wurdt hjoeddedei brûkt as doarpssintrum foar de doarpen Sonnegea en Aldetrine.
Der is in soad fean ôfgroeven yn dizze streek.
Súdeast fan Aldetrine kin mei in kabelpont foar fuotgongers en fytsers de Linde oerstutsen wurde rjochting Oldemarkt.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarpssintrum is yn 'e mande mei Sonnegea en underbrocht yn de eardere herfoarme tsjerke fan Aldetrine. Sonnegea-Aldetrine hat in histoaryske wurkgroep.
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mienskiplike iepenbiere basisskoalle mei Sonnegea hjit De Lantscheene, dat lângrins of doarpsgrins betsjut. Yn 2023 makke de gemeente bekend dat fanwegen brek oan bern de skoalle sletten wurdt.[3][4]
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1910 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2007 | 2013 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 439 | 155 | 144 | 137 | 130 | 180 | 209 | 245 |
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Herman Wesstra (1843-1911), arsjitekt
- Hanneke de Jong (1952-), skriuwster
Publikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jan Boonstra, Henk Spijker, Grietje Postma: "Sonnega-Oldetrijne"
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Meenthe, De Weeren, Tsjerkhofsleane, Pieter Stuyvesantwei, Sonnegeawei.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Weststellingwerf | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldeholtpea • Aldeholtwâlde • Aldetrine • Aldlemmer • Blesdike • De Blesse • Boyl • Easterstreek • Finkegea • De Hoeve • De Langelille • Munnikebuorren • Nijeholtpea • Nijeholtwâlde • Nijetrine • Nijlemmer • Noardwâlde • Pepergea • Sânhuzen • Skerpenseel • Slikenboarch • Sonnegea • Spangea • Steggerda • Teridzert • Wolvegea | ||
Buorskippen: Boekelte • De Grêft • Rysberkampen • Skoattersyl (foar in part) | ||
· · |