Springe nei ynhâld

Albuquerque (Nij-Meksiko)

Ut Wikipedy
Albuquerque
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Nij-Meksiko
County Bernalillo County
Sifers
Ynwennertal 555.417(2012)
Oerflak 469,5 km² (ynkl. wetter)
467,9 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1.126,9 / km²
Stêdekloft 902.000 (2012)
Hichte 1.619,1 m
Oar
Stifting 1706
Tiidsône UTC –7
Simmertiid UTC –6
Koördinaten 35°06′39″N 106°36′36″W
Offisjele webside
www.cabq.gov
Kaart
De lizzing fan Albuquerque yn Bernalillo County en yn 'e steat Nij-Meksiko.

Albuquerque (útspr.: [ˈælbəˌkɜɹki], likernôch: "el-buh-kur-ky"), soms ôfkoarte ta ABQ, is de grutste stêd fan 'e Amerikaanske steat Nij-Meksiko en teffens it haadplak fan it omlizzende Bernalillo County. De stêd leit yn it sintrale part fan Nij-Meksiko, oan wjerskanten fan 'e bopperin fan 'e Rio Grande, oan 'e noardlike râne fan 'e Chihuahuawoastyn. Eastlik fan 'e stêd rint fan noard nei súd it Sandiaberchtme. Neffens in offisjele skatting út 2012 troch it Amerikaanske Folkstellingsburo hie Albuquerque doe goed 555.000 ynwenners. As alle foarstêden meirekkene wurde, komt de hiele stêdekloft út op in befolking fan mear as 900.000 minsken. Mei in hichte fan krapoan 1.127 m boppe seenivo is Albuquerque ien fan 'e heechst leine grutte stêden yn 'e Feriene Steaten.

Albuquerque waard yn 1706 stifte as in doarp oan 'e noardlike foargrins fan 'e Spaanske koloanje Nij-Spanje (dy't yn 1821 ûnôfhinklik wurde soe ûnder de namme Meksiko). It wurdt algemien oannommen dat it doarp troch de provinsjale gûverneur don Francisco Cuervo y Valdes ferneamd is nei don Francisco Fernández de la Cueva y Enríquez de Cabrera, dy't fan 1653 oant 1660 as ûnderkening fan Nij-Spanje tsjinne hie. Ien fan dyselde syn aadlike titels wie nammentlik hartoch fan Alburquerque (mei in r yn it twadde wurdlid), in plak yn 'e westlike Spaanske provinsje Badajoz. By Albuquerque moat de earste r al ier út 'e namme weifallen wêze. De namme betsjut "wite iik", fan alba, "wyt" en querque, "ikebeam", en ferwiisd nei de koarkiik, dy't rûnom foarkomt yn westlik Spanje en wêrfan't de skoars wyt wurdt nei't de koark rispe is.

In satellytbyld fan Albuquer- que, mei de meänderjende Rio Grande en rjochts it Sandiaberchtme.

Yn Nij-Meksiko giet lykwols it ferhaal dat de namme Albuquerque in ferbastering is fan it Arabyske al-barquq, dat "de prom" betsjut, of mooglik fan it dêrfan ôflate Galisyske albaricoque, dat "abrikoas" betsjut. De abrikoas waard nammentlik mooglik al yn 1743 nei Nij-Meksiko ta brocht troch Spaanske kolonisten, dêr't de Ciudad de Albaricoque ("Stêd fan 'e Abrikoas") by in abrikoazehôf stifte wêze soe. Om't de Spanjerts it Galisyske wurd net goed útsprekke koene, soene se it ferbastere hawwe ta albuquerque. Dit ferhaal is wierskynlik basearre op in folksetymology, mei't de Albuquerque al fier foar 1743 stifte wie.

Albuquerque wie lange tiid in ienfâldich plattelânsdoarp dat it benammen fan it ferbouwen fan lânbougewaaksen hawwe moast. Dêrnjonken wie it ek lange tiid it sintrum fan 'e skieppehâlderij yn it Wylde Westen. Oarspronklik wie der boppedat in Spaanske militêre fêsting, in presidio, dêr't in fêst garnizoen lei. Nei't Nij-Meksiko yn 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch fan 1846-1848 troch de Feriene Steaten ferovere wie, ferlear Albuquerque syn militêre funksje.

Under de Amerikaanske Boargeroarloch waard it yn febrewaris 1862 beset troch Konfederearre troepen út Teksas ûnder lieding fan generaal Henry Hopkins Sibley. Koarte tiid letter waard dyselde yn noardlik Nij-Meksiko nei de Slach by Glorieta Pass weromdreaun, wêrby't ûnderweis werom nei Teksas op 8 april 1862 by Albuquerque in efterhoedegefjocht plakfûn mei Noardlike troepen ûnder kolonel Edward R.S. Canby, dat bekend kaam te stean as de Slach by Albuquerque.

Doe't yn 1880 de Atchison, Topeka and Santa Fe Railroad in spoar by Albuquerque lâns oanlei, liet dat it Old Town of Ald-Albuquerque links lizze, mei as gefolch dat 3 km eastlik dêrfan, by it nije spoarstasjon, it New Town of Nij-Albuquerque ûntstie. Troch de spoarferbining begûn dêrnei de befolking stadichoan te groeien. Datselde jiers waard de revolverman Milt Yarberry oansteld as de earste marshal fan Albuquerque, om it groeiende geweld yn it doarp de kop yn te drukken. Yn 1885 waard Albuquerque formeel in town en krige it syn earste boargemaster, en yn 1891 krige it stedsrjochten. Fral fan 1900 ôf fêstigen har fanwegen it drûge klimaat in protte lju yn Albuquerque dy't litten oan tuberkuloaze.

It stedsplein fan it Old Town fan Albuquerque.

Ald- en Nij-Albuquerque bleaune aparte mienskippen oant de 1920-er jierren, doe't it tuskenlizzende gebiet folboud waard. Yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw rûn Route 66, de ferneamde autowei nei Kalifornje, troch Albuquerque hinne. De earste reizgers oer dy wei teagen yn 1926 troch de stêd, en al rillegau ûntstie der in libbene hannel om 'e reizgers te betsjinjen, mei motels, restaurants en sûvernierwinkels. Yn 1939 waard de Loftmachtbasis Kirtland by Albuquerque stifte, en yn 'e 1940-er jierren waarden ek de Basis Sandia en it Nasjonaal Laboratoarium Sandia der fêstige, mei as gefolch dat de stêd in wichtige rol spile by de ûntwikkeling fan 'e atoombom. Yn 'e 1960-er en 1970-er jierren waard de ferpaupere binnenstêd fan Albuquerque alhiel renovearre, wêrby't in protte histoaryske gebouwen sloopt waarden om romte meitsjen foar nije pleinen (plazas), wolkekliuwers en parkearplakken.

Albuquerque leit yn 'e midden fan wat wol de Technologykorridor fan Nij-Meksiko neamd wurdt, in konsintraasje fan high-techbedriuwen en -oerheidsynstellings dy't him útstrekt by de bopperin fan 'e Rio Grande lâns. De grutste wurkjouwer fan 'e stêd is de Loftmachtbasis Kirtland, folge troch de Universiteit fan Nij-Meksiko, it Nasjonaal Laboratoarium Sandia, it iepenbier skoaldistrikt fan Albuquerque en de sikehûsorganisaasje Presbyterian Health Services. Kompjûterprodusint Intel hat in grut fabryk yn Rio Rancho, in foarstêd fan Albuquerque, en fleantúchbouwer Northrop Grumman is fêstige oan 'e autosnelwei Interstate 25 (of I-25), noardeastlik fan Albuquerque.

Albuquerque hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It gerjochtsgebou fan Albuquerque.
In strjitte yn in bûtenwyk fan Albuquerque. Op 'e eftergrûn kin men yn 'e dize de wolkekliuwers fan it sintrum gewaarwurde.

Albuquerque is de thúsbasis fan it honkbaltiim de Albuquerque Isotopes en it iishockeytiim de New Mexico Mustangs. Der binne yn 'e stêd mear as 300 ferienings, stiftings en oare organisaasjes fêstige op it mêd fan keunst, muzyk, dûns, literatuer, film en âlde ambachten. Dêrta heart ek in ferskaat oan museä en keunstgalleryen, lykas it Albuquerque Museum of Art and History (AMAH) en it Natuerhistoarysk en Wittenskiplik Museum fan Nij-Meksiko. It meastepart fan 'e prizige boetyks en heech oanskreaune restaurants is te finen yn it histoaryske sintrum fan 'e stêd, it Old Town, krektlyk as ferskate teäters. Yn 'e neite fan 'e stêd leit it Nasjonaal Monumint Petroglyph. Elts jier wurdt yn Albuquerque fierders it Albuquerque International Balloon Fiesta holden, in ballonfeest mei ynternasjonale alluere.

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Albuquerque yn 2012 in befolking fan 555.417 minsken. De befolkingstichtens bedroech 1.126,9 minsken de km². Yn 1890 hie de Albuquerque noch mar 3.800 ynwenners, en yn 1960 goed 201.000.

It Rooseveltpark yn Albuquerque.
De botanyske tún fan Albuquerque.
Befolkingsgroei
jier ynwennertal % taname
1890 3.785
1900 6.238 64,8%
1910 11.020 76,7%
1920 15.157 37,5%
1930 26.570 75,3%
1940 35.449 33,4%
1950 96.815 173,1%
1960 201.189 107,8%
1970 244.501 21,5%
1980 332.920 36,2%
1990 384.736 15,6%
2000 448.607 16,6%
2010 545.852 21,7%

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Albuquerque 12,0% âlder as 65 jier en 24,5% jonger as 18 jier. Fierders bestie 38,5% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 13,5% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 46,7% Latino's; 42,1% blanken; 4,6% Yndianen; 3,3% swarten; 2,6% Aziaten; 0,7% oaren of fan mingd etnysk komôf.

It Albuquerque International Balloon Fiesta.

Berne yn Albuquerque

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Snie yn Albuquerque.

Albuquerque hat in steppeklimaat, mei mylde oant kâlde winters en hjitte oant gleonhjitte simmers, hoewol't it simmerwaar yn 'e regel te hurdzjen is fanwegen de tige lege luchtfochtichheid. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 32,3 °C (nachts 19,1 °C), en yn desimber, de kâldste moanne, is dat 7,8 °C (nachts –3,1 °C). Rekôrtemperatueren wiene 42 °C yn july en –27 °C yn jannewaris. Albuquerque kriget jiers trochinoar mar 239,5 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 23,6 sm snie.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.