Afrikaansk
Afrikaansk | ||
algemien | ||
eigen namme | Afrikaans | |
lânseigen yn | Súd-Afrika, Namybje, fersprate mienskippen yn Kanada, it Feriene Keninkryk, Austraalje, Nij-Seelân, Botswana, Simbabwe, Lesoto, Argentynje | |
tal sprekkers | 6,45 miljoen as memmetaal, 10,3 miljoen as 2e of 3e taal.[1] | |
skrift | it Latynske alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Yndo-Jeropeesk
| |
dialekten | Kaapsk Afrikaansk, Eastgrins-Afrikaansk, Oranjerivier-Afrikaansk, Eastkaapsk Afrikaansk, Earlamsk | |
taalstatus | ||
offisjele status | offisjele taal yn Súd-Afrika, erkende minderheidstaal yn Namybje | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | af | |
ISO 639-2 | afr | |
ISO 639-3 | afr |
Afrikaansk (eigen namme: Afrikaans) is in Westgermaanske taal, basearre op it Nederlânsk fan de 17e iuw. De taal waard pas op 8 maaie 1925 offisjeel erkend[2] en is sadwaande de tred jongste Germaanske taal dy’t in amtlike status hat (it Faeröersk waard yn 1948 amtlik erkend en it Lúksemboarchsk yn 1984[3]). It Afrikaansk wurdt it meast sprutsen yn Súd-Afrika, it is dêr ek ien fan de alve offisjele talen. Dêrnjonken is it ek in wichtige taal yn Namybje, dêr’t it as lingua franca brûkt wurdt. Yn totaal wurdt de taal troch likernôch 6,4 miljoen minsken as memmetaal brûkt.
Afrikaansk en Nederlânsk binne noch foar in grut part ûnderling fersteanber. Ek foar Frysk-sprekkers is it Afrikaansk goed oan te learen. De útspraak en grammatika fan it Afrikaansk is mear analytysk en ienfâldiger as oare Germaanske talen. Neist it Nederlânsk, de wurdskat fan it Afrikaansk bestiet foar 85% út Nederlânske wurden, hawwe ek in protte oare talen it Afrikaansk beynfloede, bygelyks Maleisk, Portegeesk, Frânsk, Dútsk, Ingelsk en oare Afrikaanske talen.
Klassifikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Afrikaansk wurdt sjoen as in ûndertaal fan it Nederlânsk. It is klassifisearre as Yndo-Jeropeeske taal, it is ûnderdiel fan de Westgermaanske tûke fan de Germaanske talen. Afrikaansk heart tegearre mei it Nederlânsk ta de Nederfrankyske taalgroep, dat wer fan it Aldnederlânsk ôfkomt. Nederfrankyske fariëteiten wurde yn Jeropa en Nederlân, it noarden fan Belgje, Frânsk-Flaanderen yn Frankryk en it Dútske gebiet lâns de Ryn tusken Keulen en de grins mei Dútslân en Nederlân sprutsen. Bûten Jeropa wurde Nederfrankyske dialekten yn Súd-Afrika, Namybje, Suriname, Kurasau, Arûba, Bonêre, Saba, Sint-Maarten en Sint Eustaasjes sprutsen.
De Nederfrankyske dialekten wurde tegearre mei it Nedersaksysk ûnder it Nederdútsk groepearre. Der is in skieding ûntstien tusken it Nederdútsk en Heechdútsk fanwegen de Heechdútske klankferskowing.[4]
Dialektyske stamme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is net wis út hokker Nederfrankyske dialekten it Afrikaansk him krekt ûntwikkele hat. Der binne benammen in soad Hollânske grammatikale skaaimerken en lûden yn it Afrikaansk werom te finen, njonken inkele West-Flaamske ynfloeden. Earder waarden ek Siuwske ynfloeden ornearre, mar dizze gedachte is troch D.C. Hesseling op basis fan migraasjesifers wjerlein.[5]
Skiednis fan it Afrikaansk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan it Afrikaansk.
It Nederlânsk kaam oan op it Afrikaanske kontinint doe't Jan van Riebeeck yn 1652 oan kaam by Kaap de Goeie Hope en dêr in koloanje stifte. Doe begûn ek de skreaune skiednis fan Súd-Afrika. De Kaapkoloanje waakste gau en fral Nederlanners en Flamingen, mar ek in soad Dútsers en Frânsen, kamen foar de Feriene Eastyndyske Kompanjy yn de koloanje wenjen. De lêsten learden it Nederlânsk rap, ek harren nammen waarden faak fernederlânske. De befolkingsgroep dy't sa ûntstie, neamde himsels op in stuit Afrikaners of Boeren. Sûnt 1740 begûn dy sprektaal yn Súd-Afrika in eigen libben te krijen. It Nederlânsk dêr feroare stadich, trochdat it troch oare talen beynfloede waard, lykas it Maleisk fan de Maleiers, dy't troch de Nederlanners as wurkkrêften nei Súd-Afrika helle waarden. Mar de skriuwtaal bleau oant 1925 folslein basearre op it Europeeske Nederlânsk. Der wie wyls wol in eigen foarm fan it Nederlânsk ûntstien, it Kaapsk-Nederlânsk.
Doe't de Kaapkoloanje yn Britske hannen kaam, waard it Ingelsk de offisjele taal fan it gebiet. De Boeren lutsen hieltyd fierder it binnenlân yn, dêr't se trije steaten stiften, de Oranje Frijsteat, de Transfaal en de Republyk Natalia, dêr't it Nederlânsk de offisjele taal waard. Nei it útbrekken fan de Boerenoarloggen tusken de Britten en de Boeren, dy't ferlern waarden troch de Boeren, kamen ek dy gebieten ûnder it bewâld fan de Britten. De Boeren kamen lykwols op foar it behâld fan harren taal en tradysjes. Yn 1882 waard it Nederlânsk njonken it Ingelsk de offisjele taal yn it Kaapske parlemint. Yn 1888 waard it Nederlânsk erkend as offisjele taal fan de Súd-Afrikaanske Republyk, it lettere Transfaal. Fan 1910 oant en mei 1983 wienen it Nederlânsk en it Ingelsk tegearre de offisjele talen fan Súd-Afrika. Al moat der rekken mei hâlden wurde dat sûnt 1925 it Nederlânsk troch it Afrikaansk ferfong waard, mar pas yn 1983 waard it Nederlânsk út de grûnwet helle.
Oant de 19e iuw hat it Afrikaansk allinnich as sprektaal bestien en wie it Nederlânsk de formele skreaune taal. It Nederlânsk wie foaral de taal fan skoalle en tsjerke. De opkomst fan kranten hat derfoar soarge dat minsken foar it earst yn de eigen taal publisearje koenen. Hjir kaam de earste foarm op fan it Afrikaansk as skriuwtaal. It like noch bot op it Nederlânsk en waard allinnich brûkt troch de blanken. Foar Kaapske moslims wie it Afrikaansk neist it Arabysk al yn de njoggentjinde iuw as in folweardige taal brûkt foar de godstsjinst, mar dat wie mear om in praktyske reden. Sy woenen it islamitysk leauwe befoarderje; de Moslimmienskip wie net belutsen by de taalbeweging. Op 14 augustus 1875 waard yn Paarl it Genootskap van Regte Afrikaners stifte, ûnder lieding fan Stephanus du Toit. Dy organisaasje hie as doel om it Afrikaansk te befoarderjen en om de taal út te bouwen, ûnder mear troch de bibel oer te setten. Dat oersetten fan de bibel wie klear yn 1933.
Yn de tweintichste iuw waard de wurdskat fan it Afrikaansk útwreide, ûnder oare trochdat de taal in nije funksje as amtlike taal krige, wêrtroch't de taal yn it ûnderwiis, it bestjoer, de literatuer, de keunst en de wittenskip brûkt wurde koe. Sa waakste de taal fan 50.000 oant likernôch 750.000 wurden. Der binne mear as 200 Afrikaanske wurdboeken útkaam.[6] Om de taal út te bouwen binne faak wurden brûkt út it Nederlânsk.
Dialekten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Afrikaansk hat in stik as wat dialekten, dy't ferspraat oer Súd-Afrika en Namybje foarkomme. Fan dizze dialekten binne der guons dy't mear nijmoadrige Nederlânske ynfloeden krigen hawwe as oare. Dat komt trochdat se mear yn kontakt wienen mei it Europeeske Nederlânsk. De folgjende haaddialekten fan it Afrikaanske wurde hjoed de dei ûnderskieden:
- Kaapsk Afrikaansk (Afrikaansk: Kaapse Afrikaans): Dit dialekt wurdt it meast sprutsen yn de West-Kaapprovinsje, it dialekt hat in soad ynfloeden fan it Maleisk.
- Eastgrinsk-Afrikaansk (Oosgrens-Afrikaans): Dit dialekt foarmet de basis fan it Standertafrikaansk. It wurdt benammen sprutsen yn de provinsjes Mpumalanga, Gauteng en Limpopo.
- Oranjerivier-Afrikaansk (Oranjerivier-Afrikaans): Dit dialekt wurdt sprutsen om de Oranjerivier hinne, it noardwesten fan Súd-Afrika en it suden fan Namybje. It dialekt is ûntstien troch it kontakt fan de kolonisten mei de ynhiemske Hottentotten.
- Eastkaapsk Afrikaansk (Oostkaaps Afrikaans): Dit dialekt wurdt sprutsen yn de provinsje East-Kaap.
- Oarlamsk (ek wol neamd: Oarlangs, Oarlansk; Afrikaansk: Oorlams): Dit dialekt wurdt it meast sprutsen yn it eardere Transfaal. It meastepart fan de sprekkers is swart. It dialekt hat in soad ynfloeden fan de Bantûtalen en is sadwaande in kreoaltaal basearre op it Afrikaansk.
Fan dizze dialekten hat it Kaapsk-Afrikaansk de measte ynfloed fan it hjoeddeiske Nederlânsk ûndergien.
De Nederlânske taalfariëteiten oan de Kaap tusken 1652 en om en de by 1800 binne selden op skrift setten, wat betsjut dat hjoed de dei net krekt te sizzen is hokker dialekten der sprutsen binne. Om 1800 hinne waarden de neikommende omgongsfariëteiten oan de Kaap sprutsen, nammentlik:
- Suver Nederlânsk (Suiwer Nederlands)
- Boarger Afrikaansk of Kaapsk-Hollânsk, brûkt troch de aristokrasy
- Hottentot-Hollânsk (of Hottentot-Afrikaansk)
- Slaven-Afrikaansk (Slawe-Afrikaans)
- Frjemdeling-Afrikaansk[7]
De skriuwer A.N.E. Changuion beskriuwt yn 1844 de neikommende dialekten:
- Suver Nederlânsk
- Heech-Hollânsk, brûkt troch de boargerlike kringen oan de Kaap
- Plat-Kaapsk fan oare blanken en Ingelsken
- Plat-Kaapsk fan die Hottentotten en oar 'grau'.[8]
Yn 1875 wie S.J. du Toit de miening tadien dat der trije soarten Afrikaansk sprutsen waarden oan de kop:
- Hearen-Afrikaansk (Heere-Afrikaansk)
- Boeren-Afrikaansk
- Hottentot-Afrikaansk[9]
Du Toit wie fan miening dat de Boeren-Afrikaanders de wiere ynwenners fan Súd-Afrika wienen, dat neffens him moast it standertafrikaansk op dat dialekt basearre wurde.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Afrikaansk wurdt net allinnich yn Súd-Afrika sprutsen: bûten Súd-Afrika binne grutte Afrikaansktalige mienskippen te finen yn bygelyks Namybje, dêr’t 89.900 minsken de taal machtich binne.[1] Oare boarnen sprekke foar Namybje oer 160.000 memmetaal sprekkers. Fierders soe dêr mear as 75% fan de minsken it Afrikaansk machtich wêze.[10] Benammen om en yn Windhoek hinne wurdt de taal sprutsen; dêr wurdt de taal ek troch 25% fan de minsken thús sprutsen. [11]
Yn Botswana wenje likernôch 20.000 Afrikaansktaligen, yn Sambia likernôch 41.000 en yn Swasilân 13.000. Ek yn Malawy wennet in lytse groep Afrikaansktaligen.[12] Bûten Afrika libje grutte mannichten Afrikaanders yn it Feriene Keninkryk, 100.000 sprekkers,[13] Nij-Seelân, 21.000 sprekkers, Austraalje, 13.000 sprekkers en Kanada, 24.000 sprekkers (neffens de folkstelling fan 1974, it tal Súd-Afrikaanske ymmigranten is nei dy tiid groeit nei 60.000).
Afrikaansk is de haadtaal foar twa etnyske groepen yn Súd-Afrika: De Afrikaners en de Kleurlingen.
Skrift
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Afrikaansk wurdt meastentiids skreaun yn it Latynske alfabet, mar guon groepen brûke ek it Arabyske skrift. Yn dat gefal wurdt it Getûlysk (Afrikaansk: Getoelies) neamd. Dit wurdt komt fan it Maleiske wurdt tulis, dat "skriuwe" betsjut.
Wurdskat fan it Afrikaansk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken 1900 en de ein fan de 20e iuw is de wurdskat fan it Afrikaansk waakst fan 50.000 oant 750.000 wurden.[14] Mei it útbouwen fan Afrikaansk as in folweardige nijmoadrige amts- en wittenskipstaal binne der hûnderttûzenen wurden by de oarspronklike kearnwurdskat, wat fan it Nederlânsk oflaat is, foege. Alhoewol't Afrikaansk leksikaal sjoen foar it meastepart de Nederlânske woartels bewarre hat, is der, lykas by oare Europeeske talen dy't nei in nij oerseesk gebiet ferspraat binne, in tal wichtige ôfwikings fan it nijmoardige Nederlânsk.
Alde Nederlânske wurden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas it Amerikaansk-Ingelsk in soad wurden út it 17e en 18e-iuwske Ingelsk bewarre hat dy't yn it hjoeddeiske Britske Ingelsk al útstoarn binne (bygelyks fall, wat yn Ingelân troch it Latynske autumn ferfong is), hawwe guon âlde Nederlânske wurden dy't yn it hjoeddeiske Nederlânsk net mear brûkt wurde, of hast net mear brûkt wurde, yn it Kaapsk-Nederlânsk noch wol in funksje.
Kaapsk-Nederlânsk/Afrikaansk | Nederlânsk | Frysk |
---|---|---|
bloeisel | bloesem | bluossem |
fontein | bron | boarne |
plaas | boerderij, hofstede, hoeve' | pleats |
navorsing | onderzoek | ûndersyk |
party | enige, menige | ienige |
ystervark | stekelvarken | stikelbaarch |
Dialektyske wurden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Guon wurden út Nederlânske en Flaamske dialekten, dy't yn Nederlân en Flaanderen net ta de standerttaal hearre, binne al opnaam yn de kearnwurdskat fan it Kaapsk-Nederlânsk en Afrikaansk.
Kaapsk-Nederlânsk/Afrikaansk | Nederlânsk | Frysk |
---|---|---|
bees | rund | ko |
vark | zwijn, varken | baarch |
vat | nemen | krije |
spog | pochen | swetse |
kuier ('n besoek aflê) | kuieren (op je gemak wandelen) | kuierje |
Wurden mei in oare betsjutting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas yn oare oerseeske gebieten besiken Europeeske kolonisten ek oan de Kaap om mei bekende wurden út harren eigen wurdskat nei nije bisten, planten en oare saken te ferwizen. Sadwaande krigen guon Nederlânske wurden in nije kontekst en in nije betsjutting.
In grut tal foarbylden komt út de lânbou. In dam is yn it Nederlânsk in wâl, wylst yn it Afrikaansk it ek ferwiist nei it wetter dat troch de wâl tsjinhâlden wurdt. Afrikaners sizze bygelyks dat se in die dam gaan swem, wêrmei se yn it daamwetter bedoele. De Súd-Afrikaanske taalkundige S.P.E. Boshoff skreau de betsjuttingsferskowing ta oan it ferskil tusken it wetterrike Nederlân en it drûge Súd-Afrika, alhoewol’t it deiboek fan Jan van Riebeeck, neffens J. du P. Scholtz ek bewiis levere dat de betsjuttingsferskowing al yn de Nederlânske omgongstaal oan de gong wie.[15]
It wurdt pad hat yn it Afrikaanske in rommere betsjutting krigen as yn it Nederlânsk, wêr’t dit allinnich nei in dyk ferwiist dy’t troch fuotstappen fan bisten of minsken makke is. Yn Súd-Afrika is it ek in synonym foar in tarredyk, en al yn de 18e iuw kamen der al wurden as padmaker yn de Kaapske taal foar, wat ferwize soe nei in opsichter dy’t in paad yn stân hâlde moast.[16]
Vlei, wat út it wurdt vallei fuortkomt, hat njonken de definysje "delte tusken twa berchrigen", in spesifike Kaapske betsjutting krigen as in "sompige leechte tusken bergen" en in "dúnmar". Yn de 18e en 19e iuw ferwezen reizgers al nei dit taalgebrûk.[16]
Dalk, dat in koarte foarm fan dadelik is, hat sels in heule nije betsjutting krigen. Wylst dadelik in bywurd foar tiid is, wurdt dalk yn it Afrikaansk as in bywurd mei modale funksje brûkt en is it in synonym foar "miskien, mooglik". De âldste dokuminten, wêryn it Kaapsk-Nederlânske dalk foarkomt, datearret út de jierren 1787 en 1789. [17]
Grammatika
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Persoanlik foarnamwurd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De persoanlike foarnamwurden binne:
- ek-my (ik-my)
- jy-jou (do-dy)
- hy-hom (hy-him)
- sy-haar (sy-har)
- ons (wy-ûs)
- julle (jim)
- hulle (sy-har)
- Persoanen kinne ek in meartal hawwe, bygelyksn: Japie – Japie-hulle (Japie & co.)
Tiidwurden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yn it Afrikaansk wurde tiidwurden kwealik ferfoege, yn tsjinstelling ta it Nederlânsk en Frysk. De nammefoarm en de tsjintwurdige tiid hawwe altyd deselde foarm, útsein by de tiidwurden zijn en hebben en by tiidwurden dy't in foarfoegsel hawwe.
nammefoarm | yndikatyf tsjintwurdige tiid | Nederlânsk | Frysk |
---|---|---|---|
wees | is | zijn | binne |
hê | het | hebben | hawwe |
aanneem | neem aan | aannemen | oannimme |
Tiidwurden wurde dêrnjonken net ferfoege nei persoan:
Afrikaansk | Nederlânsk | Frysk |
---|---|---|
ek is | ik ben | ik bin |
jy/u is | jij/u bent | do/jo binne |
hy/sy/dit is | hij/zij/het is | hy/sy/it is |
ons is | wij zijn | wy binne |
julle is | jullie zijn | jim binne |
hulle is | zij zijn | sy binne |
De ûnfolsleine ôfsluten tiid is kwa foarm folslein lyk oan de ûnfolsleine tsjintwurdige tiid. Om it ferskil mei de tsjintwurdige tiid dúdlik te krijen wurdt dizze foarm foarôfgien troch bywurden as toe. De ienige útsûndering hjirop is it tiidwurd zijn:
Afrikaansk | Nederlânsk | Frysk |
---|---|---|
ek was | ik was | ik wie |
Yn de literatuer wurdt de folslein tsjintwurdige tiid faak brûkt yn stee fan de ûnfolsleine ôfsluten tiid. It ôfsluten mulwurd hat, lykas yn it Nederlânsk, it foarfoegsel 'ge', of it moat wêze dat der in oar foarfoegsel is:
Afrikaansk | Nederlânsk | Frysk |
---|---|---|
ek het gedrink | ik dronk | ik dronk |
ek het vergeet | ik heb vergeten | ik bin fergjitten |
Yn oare gefallen wurdt yn it Afrikaansk lykas yn it Frysk, Nederlânsk en oare talen de folsleine tsjintwurdige tiid brûkt:
Afrikaansk | Nederlânsk | Frysk |
---|---|---|
ek het gedrink | ik heb gedronken | ik ha dronken |
Neehjiting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It Afrikaansk brûkt - lykas bygelyks it Frânsk - in tautologyske dûbelde neehjitting, ôfkomstich út Nederlânske en Flaamske dialekten, bygelyks: hy het dit nie gedoen nie.
Haadnammen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Haadnammen hawwe kwa fleksje allinnich noch iental en meartal.
- Der is gjin grammatikaal geslacht.
Eigenskipswurden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Eigenskipswurden hawwe lykas yn it Nederlânsk in bûgings-e. De bûging giet faak mei deleezje fan in bylûd, benammen yn ynterfokale posysje: hoog - hoë.
Utspraak, stavering en foarmen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Nederlânske ij wurdt yn etymologysk oan it Nederlânsk besibbe wurde skreaun mei in y, lykas yn in soad gefallen yn it Frysk. Utsein yn it neifoegsel -lijk, dat wurdt sa: waarskynlik – waarschijnlijk (wierskynlik).
- De Nederlânske ch wurdt yn it Afrikaansk as g stavere.
- De g, v en d falle folslein fuort tusken twa lûden: die hoë boom is hoog.
- De Nederlânske bylûdkombinaasje -cht en -st wurde yn it Afrikaansk ferienfâldige ta -g en -s: lugpos – luchtpost (loftpost), oos – oost (east).
- De Nederlânske bylûdkombinaasje -sch is yn it Afrikaansk, lykas yn it Frysk, -sk: waarskynlik – waarschijnlijk.
- De oo en ee binne twalûden.
- De u is (hast) in i-klank, fanwegen de ûntrûning.
- De eu is fanwegen de lege ûntrûning feitlik in al wat rûne ië en docht tinken oan de Afrikaanske twaklank ee: neut – noot (noat) en meul – molen (mûne) harket hast as it Afrikaanske neet – neet (nyt) en meel – meel (moal).
- By de koarte i hat sterke reduksje plak hân, wêrtroch dizze as in schwa útsprutsen wurdt (lykas de e yn bygelyks keamer): sit, ding en vir kinne Nederlanners en Friezen as sut, dung en veur opfange.
- Yn it Afrikaansk wurdt gjin ûnderskied makke tusken de klanken au, ou, auw en ouw; dizzen wurde yn it Afrikaansk allegear skreaun as ou en útsprutsen as in schwa oe: outomaties, oud, blou, vertrou.
Afrikaansk | Nederlânsk | Frysk | Afrikaansk | Nederlânsk | Frysk | |
---|---|---|---|---|---|---|
vir | voor | foar | vry | vrij | frij | |
my | mijn | myn | lughawe | luchthaven | lofthaven | |
skool | school | skoalle | sleg | slecht | min | |
eggenoot | echtgenoot | man | saam | samen | mei-inoar/meielkoar | |
aksie | actie | aksje | voël | vogel | fûgel | |
asseblief | alsjeblieft | asjebleaft | goeienaand | goedenavond | goejûn | |
oop | open | iepen | oormôre | overmorgen | oaremoarn | |
braai | braden | briede | skoene | schoenen | skuon |
Syntaktyske relaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grammatika fan it Afrikaansk hat folle minder fleksje dan it Nederlânsk. Besitsrelaasjes wurde meastentiids útdrukt troch it foarnamwurd se, te fergelykjen mei it Fryske syn:
Afrikaansk | Nederlânsk | Frysk |
---|---|---|
die boeke van Gordimer | De boeken van Gordimer = De boeken die Gordimer heeft geschreven | De boeken fan Gordimer |
die man se hond | De hond van de man (De man zijn/z'n hond) | De man syn hûn |
die man wat ek gister gesien het se hond | De hond van de man die ik gisteren zag/ De man die ik gisteren zag z'n hond | De hûn fan de man dy't ik juster seach |
Grammatikale objekten kinne foarôfgien wurde troch it ferhâldingswurd vir (foar), mar dat is net ferplichte. By tiidwurden dy't mear as ien objekt as argumint hawwe kin vir lykwols allinnich foar it meiwurkend foarwerp pleatst wurde. Hjirtroch ûntsteane sinskonstruksjes dy't yn it Nederlânsk en Frysk net wenst binne:
Afrikaansk | Nederlânsk | Frysk |
---|---|---|
Ek sien die man. | Ik zie de man. | Ik sjoch de man. |
Ek sien vir die man. | Ik zie de man. | Ik sjoch de man. |
Ek gee die man die boek. | Ik geef de man het boek. | Ik jou de man it boek |
Ek gee die boek vir die man. | Ik geef de man het boek. | Ik jou de man it boek |
Ynfloeden fan en op oare talen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Afrikaanske is yn ‘e rin fan de skiednis troch oare talen beynfloede dan it yn Nederlân sprutsen Nederlânsk. It Maleisks, ferskate Bantûtalen, it Portegeesk, it Frânsk, it Dútsk en it Ingelsk hawwe allegear dúdlike spoaren yn it Afrikaansk efter litten.
Ynfloeden út it Maleisks
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Leksikale wurden út it Maleisks binne der in soad. Bygelyks:
- baie (tige)
- piering (pântsje)
- boetie (broerke)
- In opfallende karakteristyk fan it Afrikaansk is de reduplikaasje fan bywurden, tiidwurden en selsstannige namwurden. Ponelis skreaun dat systeem ta oan it Maleisks, wêr reduplikaasje in soad foarkomt.[18] In pear foarbylden:
- Plek-plek (hjir en dêr)
- Raas-raas (skimpend)
- Klap-klap (hieltyd wer klappe)
- Valkhoff nimt boppedat it fuortfallen fan de –t in bylûdgroepen, lykas yn lug, herfs en naak, as mooglike ynfloed fan it Maleisks.[19]
Ynfloeden út it Xhosa
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Leksikale ynfloed fan it Xhosa bestiet út lienwurden. Bygelyks:
- Kaya (hús)
- Aikona (nee, net, gjin)[20]
Ynfloeden út it Sûlû
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wurd moetie, "medisyn", is ôflaat fan it Sûlû-wurd umuthi. Fan dit wurd binne ek oare ôfliedingen makke, bygelyks moetieman en moetiewinkel.[21]
Ynfloeden út it Hottentotsk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Den Besten (1986) neamd it Hottentotsk as meast wierskynlike boarne foar de dûbele ûntkenning yn it Afrikaansk.[22] In oare mooglike boarne is it West-Flaamsk.
Ynfloeden út it Portegeesk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Portegeeske lienwurden binne bygelyks:
- Ponelis (1997) neamd it gebrûk fan vir foar in saaklik foarwerpssin as in konstruksje dy’t lyk oan de Portegeeske konstruksje mei a foarme is. [23]
Ynfloeden út it Frânsk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ynfloed fan it Frânsk op it Afrikaansk dat troch de Frânske hugenoaten sprutsen waard yn de 17e iuw dy’t nei Súd-Afrika lutsen liket grutter as dat dizze is. Dit komt trochdat de measte Frânske wurden troch it Nederlânsk yn it Afrikaansk bedarre binne.[24] De wichtichste Afrikaanske wurden dy’t fuort út it Frânsk komme binne de nammen fan guon parren; pawee, sermyn en bermotersan.[25]
Ynfloed fan it Afrikaansk op it Súd-Afrikaansk Ingelsk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Afrikaansk hat in strange ynfloed hân op it Súd-Afrikaansk Ingelsk. It falt benammen Ingelsktaligen út oare parten fan de wrâld op dat it Ingelske wurd barbecue net brûkt wurdt yn Súd-Afrika. Ynstee dêrfan brûke de Ingelsktalige Afrikanen it Afrikaanske wurd braai, wat ôflaat is fan it Nederlânske wurd “braden”.[26] Ek wurdt yn it Súd-Afrikaansk Ingelsk wurden as howzit (hoe giet it?) en issit (is dat sa?) brûkt. As immen issit? seit is it fatsoenlik om mei ja te antwurdzjen, omdat it Afrikaansk/Nederlânske wurd “ja” it Amerikaansk-Ingelske wurd yeah ferfangt.[26]
It Afrikaanske wurd gooi is ek tige populêr ûnder de jongerein. Sa komme yn it Súd-Afrikaanske Ingelsk sinnen foar dêr't it hast wis fan is dat Ingelsken út oare parten fan de wrâld dy net begripe sille. Bygelyks: That bloke tuned my ma he’s gonna gooi a geelbek on the braai, have a dop and eat some droë wors afterwards (Dy fint sei tsjin ús mem dat hy in “geelbek” op ‘e barbecue docht, in boarrel drinken sil en dêrnei fette woarst iten sil).[26] Der binne in soad fan sokke wurden en útdrukkings.
Feringelsking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Afrikaansk is de meast fersprate en de tred-grutste taal fan Súd-Afrika, mar stiet ûnder swiere druk. It Ingelsk wint gau terrein fan it Afrikaansk by de oerheid, mar ek yn it iepenbier. Faak wurdt it Afrikaansk sjoen as taal fan de Apartheid. It Afrikaansk wurdt troch likernôch seis miljoen minsken as memmetaal sprutsen yn Súd-Afrika; dêrnjonken brûke sa'n 200.000 minsken yn Namybje Afrikaansk as memmetaal. Yn Súd-Afrika sprekke de measte minsken (likegoed blank, swart as kleurling) it Afrikaansk as twadde of tredde taal; dêrtroch komt it tal minsken dat de taal machtich is tusken de 15 en 20 miljoen. Ek wurdt it Afrikaansk praat troch ymmigranten oer de heule wrâld; der libje in soad Afrikanersmienskippen yn Kanada, Austraalje, Nij-Seelân, de Feriene Steaten en Ingelân. Sa wenje der yn Londen 100.000 Afrikaansktaligen en yn Fankoever en Toronto 40.000.[27]
Nei de ein fan de Twadde Frijheidskriich is in grut part fan Súd-Afrika ferstedelikt. De Witwatersrand wie in plak dêr't in soad minsken hinne lutsen. Yn dit gebiet waard it meast Ingelsk sprutsen, dêr't in soad Afrikaners troch feringelsk binne.
Yn de tweintiger jierren fan de 20e iuw waard de earste Afrikaanske hegeskoalle stifte en waarden de Afrikaners oanmoedige om harren memmetaal te brûken. Sa waard besocht de feringelsking tsjin te gean. Op it earst wie dit ek in grut súkes en waard der sels begûn mei it weren fan Anglisismes út it Afrikaansk, mar sûnt de jierren '90 fan de 20e iuw is it tij wer keard yn it foardiel fan it Ingelsk.
De measte universiteiten skeakelen nei it Apartheidsrezjym oer nei Ingelsk as ûnderwiistaal. Ek waarden ferskate nammen fan plakken en provinsjes feroare yn Bantûtalige; de Noordelike Provinsie waard Limpopo, Oos-Transvaal waard Mpumalanga en de haadstêd fan de Noordelike Provinsie, Pietersburg, waard Polokwane. It 2000 hat de nije gemeente dêr't de haadstêd Pretoria yn leit, de namme krigen fan Tshwane.
Ingelsk hat hjoed de dei in soad ynfloed op it Afrikaansk. De Afrikaanske wurdskat en sinsbou hawwe swier te lijen fan de Ingelske ynfloed. In soad Afrikaanske âlden stjoere harren bern hjoed de dei nei in Ingelsktalige skoalle. Ek wurdt der troch Afrikaanske âlden noch wol Afrikaansk mei elkoar sprutsen, mar mei harren bern kommunisearje hja yn it Ingelsk.
Erkenning
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Afrikaansk is ien fan de alve offisjele talen fan Súd-Afrika, dy't de Uny fan Súd-Afrika op 8 maaie 1925 erkend hat as offisjele taal, njonken it Nederlânsk. Wat de amtlike status oanbelanget is it dêrmei de tred-jongste Germaanske taal fan de wrâld, allinnich it Faeröersk (amtlik erkend yn 1948) en it Lúksemboarchsk (erkend yn 1984) binne jongere Germaanske talen.
Alhoewol’t it Afrikaansk de meast sprutsen taal fan Namybje is, is it Ingelsk yn dat lân de ienichste offisjele taal. Dit is dien om foar te kommen dat Dútsktaligen harren eftersteld fiele soenen, soe it it Afrikaansk as offisjele taal yndield wurde, en oarsom. It Afrikaansk is al in erkende streektaal yn Namybje.
It Genootskap van Regte Afrikaners waard yn 1875 stifte en soarge foar it ferheffen fan it Afrikaansk as de kultuertaal dy’t letter in offisjele taal fan Súd-Afrika wurde soe. Dit wie it begjin fan de Afrikaanske Taalbeweging. Hoewol’t der earst lytsachtsjend reagearre waard op dy besykings fan in “Hottentot-taal sûnder grammatika”, hat de Afrikaanske Taalbeweging lang om let dochs súkses hân. Soartgelikense inisjativen foar it befoarderjen fan de lokale taalfariëteit binne naam yn de Feriene Steaten, Brazylje, Québec en Noarwegen, mar al dy besyksels binne mislearre.
It Afrikaansk waard troch de Uny fan Súd-Afrika yn 1925 erkend as offisjele taal njonken it Nederlânsk. Yn 1961 wienen it Ingelsk en it Afrikaansk de offisjele talen fan it lân, mar it Nederlânsk en it Afrikaansk waarden ek dizze kear wer sjoen as synonimen. Yn 1983 is dit rjocht lutsen en waard it Nederlânsk út de grûnwet fan it lân helle, der't rjocht mei dien waard oan de skieding fan it Nederlânsk en Afrikaansk yn 1925.
De Nederlânske Taaluny ûnderhâld spesjale bannen mei Súd-Afrika, mar de saak leit polityk tige gefoelich.[28] Oan de universiteiten fan Gent, Keulen, Wenen en Göttingen wurdt Afrikaansk as byfak jûn binnen de stúdzje fan de Neerlandistyk.
Nasjonalisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oanhingers fan de mei it nasjonaal-sosjalisme sympatisearjende minister Daniël François Malan besochten lykwols om in gruttere kyl te driuwen tusken it Afrikaansk fan de blanke Súd-Afrikaanske befolking en it Nederlânsk.[29] As gefolch fan it belied fan Malan waarden úteinlik in soad Súd-Afrikaanske kleurlingen út “blanke” doarpen ferdreaun, wat laat ta in imago fan it Afrikaansk as nasjonalistyske taal en taal fan de apartheid by de net-blanke befolking fan Súd-Afrika.[30][31]
Taalmonuminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Nederlânsk taalmonumint yn Burgersdorp is stifte yn 1893, as neitins oan de erkenning fan it Nederlânsk as offisjele taal yn de Kaapkoloanje yn 1882. It Afrikaanske Taalmonument stiet yn Paarl, West-Kaap, Súd-Afrika. Dy monuminten binne as ienige monuminten op de wrâld oan in taal wijd. It Afrikaanske taalmonumint is boud op in heuvel en hat útsjoch op it Ynstitút foar Leararenoplieding yn Paarl. It monumint wie ree yn 1975, en betinkt it heale iuwsfeest fan de erkenning fan it Afrikaansk as selsstannige kultuertaal.
Foarbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foarbyldsinnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Afrikaansk | YFA | Nederlânsk | Frysk |
---|---|---|---|
Hallo! Hoe gaan dit? | [ɦaləu ɦu xaˑn dət] | Hallo! Hoe gaat het? | Hoi. Hoe giet it? |
Baie goed, dankie. | [bajə xuˑt danki] | Heel goed, dank je. | Tige goed, tanke. |
Praat jy Afrikaans? | [prɑˑt jəi afrikɑ̃ˑs] | Spreek je Afrikaans? | Praatst do Afrikaansk? |
Praat jy Engels? | [prɑˑt jəi ɛŋəls] | Spreek je Engels? | Praatst do Ingelsk? |
Ja. | [[jɑˑ]]? | Ja. | Ja. |
Nee. | [[neˑə]]? | Nee. | Nee. |
'n Bietjie. | [ə biki] | Een beetje. | In bytsje. |
Wat is jou naam? | [vat əs jəu nɑˑm] | Wat is jouw naam? Hoe heet je? |
Wat is dyn namme? |
Die kinders praat Afrikaans. | [di kənərs prɑˑt afrikɑˑns] | De kinderen praten Afrikaans. | De bern prate Afrikaansk. |
Ek is lief vir jou. | [ək əs lif fəɾ jo] | Ik heb je lief. Ik hou van jou. |
Ik ha dy leaf. |
Us Heit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Us Heit | Onze Vader (Tradisjonele Nederlânske ferzje) | Ons Vader (ferzje yn it hjoeddeiske Afrikaansk) |
---|---|---|
Us Heit dy't yn de himelen is. Jins namme wurde hillige.
Jins keninkryk komme. Jins wollen barre allyk yn 'e himel sa ek op ierde. Jou ús hjoed ús deistich brea. En ferjou ús ús skulden, allyk ek wy ferjouwe ús skuldners. En lied ús net yn fersiking, mar ferlos ús fan 'e kweade. |
Onze Vader die in de hemel zijt, uw naam worde geheiligd.
Uw rijk kome. Uw wil geschiede op de aarde zoals in de hemel. Geef ons heden ons dagelijks brood. En vergeef ons onze schuld, zoals ook wij aan anderen hun schuld vergeven. En leid ons niet in bekoring, maar verlos ons van het kwade. |
Ons Vader in die hemel, laat u Naam geheilig word.
Laat u Koninkryk kom. Laat u wil geskied. Soos in die hemel, net so ook op die aarde. Gee ons vandag ons daaglikse brood en vergewe ons skulde, net soos ons ook óns skuldenaars vergewe. En lei ons nie in versoeking nie, maar verlos ons van die bose. |
Spellingswize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it ferline binne der ferskate spellingsfoarmen foar it Afrikaansk brûkt, bygelyks de Patriotspelling fan it Genootskap van Regte Afrikaners (RGA) en de getoelies fan de Moslimmienskip. Sûnt 1914 is de Taalkommissie fan de Suid-Afrikaanse Akademy vir Wetenskap en Kuns ferantwurdlik foar de normearring fan it Afrikaansk. De spellingsrigels fan de Taalkommisje wurdt publisearre yn de Afrikaanse woordelys en spelreëls.
De reden foar it ynfieren fan in Afrikaanske spelling hat al krityk hân. Der waard beweard dat yn Afrikaansk it skrift de sprutsen taal folge moat – ons skryf soos ons praat (wy skriuwe sa't wy prate). Mar de Afrikaanske spelling is net ynfierd om de sprektaal te folgen. Afrikaanske en Nederlânske wurden wurde ommers op deselde manear útsprutsen, bygelyks: richting – rigting, provincie – provinsie, nationaal – nasionaal, vrouw – vrou. Dochs hat de Taalkommisje besletten de spelling te feroarjen.
De reden foar it ynfieren fan de Afrikaanske spelling hat west om de twa talen fan elkoar te skiede. It skrift dat feroare waard moast de skieding sjen litte.
Wurdboek fan de Afrikaanske Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Woordeboek van die Afrikaanse Taal, algemien bekend as de WAT, is it grutste ferklearjende Afrikaanske wurdboek. Dit ferklearjende wurdboek besiket it Afrikaanske yn syn wiidste foarm te beskriuwe. Afrikaansk is yn al syn ferskiningsfoarmen, nammentlik standerttaal, streektaal, selskipstaal en de ferskate Afrikaanske dialekten, yn it wurdboek opnaam. Op it stuit binne der trettjin dielen útkaam. It sechtjinde part, dy’t in part fan de letter S hat, is yn 2021 útbrocht. It is ek op it ynternet en op kompakt skiif beskikber.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (afr) Afrikaans.nu, Afrikaans hoort by Nederlands
- (in) Ethnologue.com, Ethnologue oer it Afrikaansk
- (in) De Roepstem, An introduction to Afrikaans
- (afr) Afrikaanse Taal en Kultuurvereniging
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Afrikaanske ferzje. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|