Adriaan Blaauboer
Appearance
Dr. Adriaan Blaauboer (Gorinchem, 23 july 1906 – Drachten, 29 oktober 1961) wie yn de jierren 1942-1961 sekrearis fan it Iepenbier Lichem De Noardeastlike Polder. Yn 1955 waard er ek beneamd as plakferfangend landdrost fan dat iepenbier lichem. Fan 1949 ôf kombinearre Blaauboer syn funksjes yn de Noardeastpolder mei it amt fan lândrost yn it drostamt Elten, ien fan de Dútske korreksjegebieten dy't nei de Twadde Wrâldkriich troch Nederlân anneksearre waarden, mar letter wer weromjûn waarden.
Op 1 juny 1961 waard Blaauboer, dy't lid fan de Partij fan de Arbeid wie, ynhelle as boargemaster fan Smellingerlân. Hy stoar lykwols al yn oktober fan dat jier oan in hertstilstân.