Springe nei ynhâld

A Bad Moms Christmas

Ut Wikipedy
A Bad Moms Christmas
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Scott Moore
Jon Lucas
produsint Suzanne Todd
senario Scott Moore
Jon Lucas
kamerarezjy Mitchell Amundsen
muzyk Christopher Lennertz
filmstudio STX Entertainment
H. Brothers
Tang Media Productions
distribúsje STX Entertainment
spilers
haadrollen Mila Kunis
Kristen Bell
Kathryn Hahn
byrollen Christine Baranski
Cheryl Hines
Susan Sarandon
Jay Hernandez
Peter Gallagher
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Sina
premiêre 30 oktober 2017
foarm langspylfilm
sjenre krystkomeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 104 minuten
budget en resultaten
budget $28 miljoen
opbringst $130,6 miljoen
filmsearje
filmsearje Bad Moms
● foarich diel Bad Moms

A Bad Moms Christmas is in Amerikaansk-Sineeske kryst- en komeedzjefilm út 2017 ûnder rezjy fan Scott Moore en Jon Lucas, mei yn 'e haadrollen Mila Kunis, Kristen Bell en Kathryn Hahn. De titel betsjut "In Kryst fan 'e Minne Memmen". De film is in ferfolch op Bad Moms, út 2016. It ferhaal folget de trije freondinnen en 'minne memmen' Amy, Kiki en Carla as se foar de kryst harren eigen memmen op besite krije, dy't noch helte 'minder' binne as sysels. A Bad Moms Christmas krige tuskenbeiden oant negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie yn 'e bioskopen in kommersjeel súkses. Yn april 2019 waard bekendmakke dat in trêde Bad Moms-film yn preproduksje nommen wie.

It rint yn Chicago nei de kryst ta, en Amy, dy't no in lokkige relaasje hat mei Jesse, sjocht út nei in ienfâldige krystfiering mei net altefolle omballingen. Har plannen ûntspoare lykwols folslein as har mem Ruth, dy't oeral krityk op hat, har in sms-ke stjoert mei it nijs dat se de krystdagen by Amy-en-dy trochbringe sil. Underwilens komt Amy har freondinne Kiki mei fjouwer bern noch altyd om yn it wurk, hoewol't har man Kent no folle behelpsumer is. Har mem Sandy sil ek al mei de krystdagen komme te útfanhûzjen, mar se stiet trije dagen earder as ôfpraat al foar de doar en seit dat se dernei útsjocht om 'e kommende trije wiken elts momint fan 'e dei mei Kiki troch te bringen. De trêde fan 'e freondinnen, Carla, wurket noch altyd yn in skientmesalon, dêr't se dizze tiid fan it jier de iene fagina nei de oare kealharse moat. As se op in jûn thúskomt fan it wurk, komt har mem Isis samar by har oanwaaien, fan wa't se yn gjin trije jier boe of bah heard hat.

Alle trije hawwe de freondinnen hiel wat mei harren memmen te stellen. Ruth is in bazige fekke foar wa't Amy gjin goed dwaan kin. Se wol neat witte fan Amy har plannen foar in ienfâldige kryst, en eigenet har fuortendaliks de planning fan 'e hiele feestperioade ta. De opdringerige Sandy wegeret har dochter Kiki gewurde te litten en ferstikt har dêrmei. Se blykt eltse jûn sels temûk de sliepkeamer fan Kent en Kiki yn te slûpen om ta te sjen hoe't Kiki yn 'e sliep falt. Sadwaande is se der by fersin tsjûge fan hoe't Kiki en Kent seks hawwe. Underwilens hat Carla it tsjinstelde probleem: sy sjocht der krekt nei út om tiid mei har mem troch te bringen, mar Isis is in oan drank, marihûana, gokken en seks ferslaafde parasyt dy't har net bot foar har dochter liket ynteressearjen, en alhielendal net foar har beppesizzer Jaxon, waans namme se net iens ûnthâlde kin. As Amy, Kiki en Carla harren taflecht yn it winkelsintrum sykje om byinoar te kleien oer harren memmen, beslute se om "de kryst werom te nimmen".

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As Ruth de hiele famylje, ynkl. Jesse en syn dochterke Lori en Amy har lang-lijende heit Hank, meislepe wol nei in fiif oeren duorjende foarstelling fan it oarspronklike ballet De Nutekreaker fan Tsjaikovski, yn it orizjinele Russysk, grypt Amy, dy't efter it stjoer sit, yn en riidt ynstee nei it oerdutsen boartersparadys Sky Zone, dêr't Kiki en Carla mei harren gesinnen ek hinne soene. Ruth is it dêr net mei iens, mar wurdt oerstimd. By Sky Zone komt se mei Sandy en Isis yn 'e kunde en makket se de flater om Sandy te fertellen dat se op krystjûn altyd foar de krystnachttsjinst nei in fêste tsjerke giet. Letter ûnthjit Ruth oan Amy dat se har net mear mei de krystfiering bemuoie sil. Kiki besiket in sûnere relaasje mei har mem te krijen troch har mei te nimmen nei relaasjeterapeut Elizabeth Karl, mar sadree't dúdlik wurdt dat Kiki mear ôfstân tusken harsels en har mem hawwe wol, spilet Sandy fan rutens. Carla en Isis hawwe wille as se by de yngong fan in supermerk de klanten bestelle fan harren boadskippen ûnder it mom fan in ynsammeling foar it goede doel.

Op har wurk komt Carla yn 'e kunde mei de oantreklike stripper Ty, dy't krekt as sysels oarspronklik út Cleveland komt en dy't by de skientesalon is om syn testikels en bilnaad harse te litten. Hy is reuseftich skepen, en as er Carla freget om mei him út te gean nei in seksy-krystmanwedstryd dêr't er oan meidocht, grypt se dy kâns mei beide hannen oan. Carla freget Amy en Kiki om mei nei de wedstryd. Alle oanwêzige froulju binne djip ûnder de yndruk fan Ty syn optreden, mar ien fan harren springt op 'e bar dy't tsjinstdocht as poadium om mei Ty mei te dûnsjen. It blykt Carla har mem Isis te wêzen. Carla beslút dat fluch yngripen no nedich is en hastiget har ek nei foarren om beslach te lizzen op Ty. As Isis yn it trelit fan 'e bar knoffelet, seit Carla har ôfspraakje mei Ty ôf om foar har mem te soargjen.

Op krystjûn komme de fersteurde mem-dochterrelaasjes ta konfrontaasje. Isis hie Carla earder frege om $5.000 foar in 'ynvestearring'. Hoewol't Carla har al ferskate kearen jild jûn hat dat se eltse kear fergokt hat, beslút se ek diskear wer de hân oer it hert te striken, dat se jout Isis safolle fan har sparjild as se misse kin. As se thús komt fan har wurk, leit der in bryfke dêr't yn stiet dat Isis wer ris fierder tein is. Sandy komt by Kiki en Kent om te fertellen dat se it hûs njonken dat fan harres fan harren buorlju kocht hat, sadat se fan no ôf oan eltse dei mei harren trochbringe kin. Kent kin noch krekt de bern yn feilichheid bringe foar't Kiki ûntploft en har mem ris goed it mannewaar opseit, oant Sandy gûlend fuortdraaft.

As Amy en Jesse en de bern thúskomme fan in dei út, ûntdekke se dat Ruth nettsjinsteande har ûnthjit oan Amy dochs har sin trochdreaun hat en Amy har hûs brûkt hat foar it organisearjen fan in útwrydsk krystfeest mei 185 gasten, in sushisjef, Kenny G op 'e fluit en in kamiel, persiis wat Amy net woe. Amy is des duvels en bonsjoert alle gasten, de sushisjef, Kenny G en it kamiel út har hûs, wêrnei't sy en har mem heechoprinnend spul krije. Dat einiget mei de ferwoastging fan it meastepart fan 'e wenkeamer en Amy har útrop dat se Ruth nea wer sjen wol. Har bern Jane en Dylan binne dêr tsjûge fan en reitsje danich oerstjoer fan it feit dat Amy harren beppe oan 'e dyk setten hat. Amy har heit Hank siket har op mank de brokstikken fan 'e wenkeamer en yn in iepenhertich petear leit er har út dat har mem is sa't se is trochdat har mem (Amy har beppe) har opfieding folslein ferknoeid hat. Neat wie ea goed genôch foar dat frommes en se liet gjin kâns foarbygean om Ruth te bekritisearjen en del te heljen. Fan gefolgen hat Ruth gjin inkeld selsfertrouwen, wat se besiket te kamûflearjen mei har bazige hâlden en dragen. Se hat der altyd tige ûnwis oer west oft se Amy wol goed grutbrocht hie, mar se hie hoe dan ek altyd goede bedoelings en hâldt mear fan Amy as fan wa ek.

Nei de konfrontaasje mei Amy is Ruth nei de krystnachttsjinst yn har wenstige tsjerke gien, dêr't earst Sandy har by har jout, en letter ek Isis, dy't weromkommen is nei Chicago út skamte oer hoe't se Carla behannele hat. Se fertelle inoar wat der mei harren dochters foarfallen is en lûke dan tiid út om inoar ris yngeand te bekritisearjen. Dêrtroch beseffe se einlings harren eigen flaters as mem. Nei har petear mei har heit siket Amy har mem op by de krystnachttsjinst om har te ûntskuldigjen foar de dingen dy't se earder dy jûns sein hat. Nei oantrúnjen troch Sandy en Isis biedt Ruth ek har ûntskuldigings oan Amy oan. Amy fertelt har mem hoe'n hearlike jonkheid sy hân hat en dat se in geweldige mem is. Troch it hearren fan dy wurden ûntteit Ruth einlings. As de klok tolve slacht, beseft Amy dat se de binde yn har hûs noch opromje en nije krystfersierings oanbringe moat. Se freget Ruth om te helpen en mei syn beiden sette se ôf om oan it wurk.

As Jane en Dylan der de moarns fan Earste Krystdei ôf komme, docht bliken dat it hiele hûs opromme en yn wiere krystsfear fersierd is, en dat harren krystkado's ûnder de krystbeam klearlizze. Underwilens leit Sandy har skeel mei Kiki by. Se ûnthjit dat se it hûs fan 'e buorlju te keap sette sil en dat se sels yn Bismarck (Noard-Dakota) bliuwt te wenjen. Isis keart werom by Carla en fertelt dat se fan doel is har libben om te goaien en har yn Chicago nei wenjen te setten. In baan hat se al, by Sky Zone. De húshâldings fan 'e trije freondinnen komme gear om mei-inoar te iten. Dêrby komt ek Ty del, dy't sein hie dat er werom moast nei Cleveland, mar him betocht hat om syn leafde foar Carla te uterjen troch it medium fan 'e dûns (yn syn gefal in striptease). Ruth, Sandy en Isis hawwe ûnderwilens freonskip sletten en sille tusken en de kryst en âld en nij mei-inoar in wike nei Las Vegas ta.

Mila Kunis.
Kristen Bell.
Kathryn Hahn.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Amy Mitchell Mila Kunis
Kiki Kristen Bell
Carla Dunkler Kathryn Hahn


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Ruth Redmond Christine Baranski
Sandy Cheryl Hines
Isis Dunkler Susan Sarandon
Jesse Harkness Jay Hernandez
Hank Redmond Peter Gallagher
Jane Mitchell Oona Laurence
Dylan Mitchell Emjay Anthony
Lori Harkness Ariana Greenblatt
Ty Swindell Justin Hartley
dokter Elizabeth Karl Wanda Sykes
Gwendolyn James Christina Applegate (cameo)
himsels Kenny G
Kent Lyle Brocato
Jaxon Cade Cooksey
Bernard Jacks Deans

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn desimber 2016 waard in ferfolch op it súksesfolle Bad Moms oankundige. Dat waard A Bad Moms Christmas, dat in Amerikaansk-Sineeske ko-produksje wie. De film waard, krekt as Bad Moms, regissearre troch Scott Moore en Jon Lucas nei in senario dat se sels skreaun hiene. As produsinte hie Suzanne Todd de lieding oer it projekt, yn opdracht fan 'e filmstudio's STX Entertainment, H. Brothers en Tang Media Productions. Der wie foar de film in budget beskikber fan $28 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Mitchell Amundsen, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Christopher Lennertz. De opnamen sette op 1 maaie 2017 útein yn Atlanta (hoewol't de film yn Chicago spilet).

De distribúsje fan A Bad Moms Christmas waard fersoarge troch STX Entertainment. De film gie op 30 oktober 2017 yn premiêre yn Los Angeles, wêrnei't er op 1 novimber iepene yn 'e Amerikaanske bioskopen. Oarspronklik soe dat barre op 3 novimber, mar it waard twa dagen foarút helle om direkte konkurrinsje foar te kommen mei de superheldefilm Thor: Ragnarok, dy't ek op dy dei yn 'e bioskopen iepenje soe. A Bad Moms Christmas kaam op 6 febrewaris 2018 út op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy ûntfong A Bad Moms Christmas oer it algemien tuskenbeiden oant negative resinsjes. Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times fûn der bygelyks neat oan en joech de film mar 1 fan 4 stjerren. Yn it tydskrift Variety neamde Owen Gleiberman A Bad Moms Christmas "lang net sa'n wylde komeedzje" as Bad Moms. Hy skreau ek: "[De film] hat ien benei orizjineel idee, nammentlik dat it fermogen fan dyn mem om dy ta waansin te driuwen oant de trêde macht tanimt ast sels mem bist, om'tst dan konkurearrest op eat dat suver in oernivo is." Pete Hammond fan Deadline Hollywood fûn A Bad Moms Christmas wol in slagge komeedzje. Hy skreau: "Subtyl is [dizze film] net, mar [it] is […] perfekt om 'e sinnen te fersetten en jins swierrichheden te ferjitten yn dizze dûnkere dagen."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie A Bad Moms Christmas in fier ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 32%, basearre op 129 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei twa kear safolle memmen, mar likernôch mar heal safolle humor is [de film] in yninoar flânze krystferfolch, dat it ôfleit tsjin it orizjineel mei in teloarstellend gebrek oan fleurigens." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle A Bad Moms Christmas in goedkarringspersintaazje fan 42%, basearre op 30 resinsjes.

A Bad Moms Christmas brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $72,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $58,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $130,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $28 miljoen betsjut dat in winst fan $102,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. A Bad Moms Christmas wie de meast opbringende ûnôfhinklike film fan 2017.

Yn april 2019 waard in trêde film oankundige yn 'e Bad Moms-searje: Bad Moms' Moms, wêryn't de fakânsje yn Las Vegas fan Ruth, Sandy en Isis sjen litten wurde soe. Christine Baranski, Cheryl Hines en Susan Sarandon soene dêrfoar op 'e nij yn 'e hûd krûpe fan 'e 'minne memmememmen'. Anno 2021 ferkeart de film noch yn 'e preproduksjefaze.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.