Attention deficit disorder
Attention deficit disorder (ADD) is in oanberne oandwaning. Se wurdt feroarsake troch in ôfwiking yn de wurking fan de neurotransmitters. Dit liedt ta in feroare aktiviteit yn bepaalde gebieten fan de harsens. Neffens in algemien brûkt hânboek foar de yndieling fan psychyske oandwaningen, it DSM-IV, is ADD in subtype fan ADHD, en wol it saneamde meast ûnoplettende type, kenmerke troch in oandachtstekoartsteurnis en konsintraasjeproblemen. ADD wurdt mear as ADHD yn ferbân brocht mei depresje, eangststeurnissen en minne skoalprestaasjes, gedrachsproblemen steane minder op de foargrûn. Undersyk toant oan dat ADHD of ADD foarkomt by 1 oant 4% fan alle bern en dat seker in tredde part der ek as folwoeksenen noch lêst fan hat. ADD en ADHD komme foar by minsken fan alle opliedingsnivo's.
Kenmerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oannomd wurdt dat de harsens fan ADD'ers oars funksjonearje as dy fan net-ADD'ers. Minsken mei ADD hawwe in enoarme gedachtestream wêrtroch't se faak dreamerich of net-ynteressearre oerkomme by oare minsken. Troch dizze gedachtestream kinne se har min konsintrearje op de foar it spesifike momint relevante saken. It “filter” dat relevante fan irrelevante saken skiedet, wurket minder goed. Minsken mei ADD binne gau ôflieden, sûnder rêst en faak ympulsyf yn harren gedrach. Kenmerkend foar ADD is it hawwen fan meardere yntinse stimmingsskommelingen op ien dei. Ek sliepproblemen, ferjitlikens, it net organisearje kinne en in oar tiidsbesef hearre der hast altyd by. Ek binne se faak oergefoelich foar lûd- en byldympulsen. ADD'ers hawwe der faak muoite om in petear te folgjen yn in grutte kloft minsken. Dat komt omdat se har net konsintrearje kinne op ien petear, mar harren fokusje op alle petearen dy't op dat stuit geande binne. Minsken mei ADD beskriuwe dit probleem soms as "it harkjen nei in petear op de radio, wylst de útstjoering in hiel soad rûs hat".
Soms hawwe AD(H)D'ers bysûndere feardichheden oangeande it fluch kombinearjen fan ynformaasje en yndrukken, probleemoplossend tinken, ynlibbingsfermogen, kreativiteit, en romtlik ynsjoch. Minsken mei ADD kinne yn bepaalde situaasjes hyperfokusje; men is dan ekstreem konsintrearre en him net bewust fan wat der om har hinne geande is. Dit hege konsintraasjenivo kin liede ta it ûntwikkeljen fan útsûnderlike talinten. Omdat in soad AD(H)D'ers in hegere prikeldrompel hawwe sille se yn bepaalde risikofolle en krisissituaasjes alerter en better funksjonearje, wylst by oare minsken de kâns op disfunksjonearjen krekt tanimt.
Oarsaak
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]ADD is in set spesifike persoanlikheidskenmerken mei in meast erflike oarsaak. It is gjin karaktertrek of opfiedingsfout. ADD wurdt troch wittenskippers as in neurobiologyske steurnis beskôge: der binne mear en mear oanwizings dat genetysk-biologyske faktoaren in sleutelrol spylje. Benammen in tekoart oan, en/of ûnevenwicht yn de oanwêzigens fan, twa neurotransmitters yn de premotoaryske korteks en yn de prefrontale korteks fan de harsens is kenmerkend. By ADHD'ers liedet dizze ôfwiking yn de neurotransmitters dopamine en noradrenaline ta oandachtsproblemen, hyperaktiviteit en ympulsyf gedrach. By ADD'ers binne hyperaktyf en ympulsyf gedrach yn mindere mate oanwêzich, of hielendal ôfwêzich. It komt faak foar dat bern mei ADHD, at se âlder wurde, minder hyperaktyf en ympulsyf gedrach fertoane en yn harren folwoeksen libben typearre wurde kinne as ien mei ADD.
Diagnoaze
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is net in ûndûbelsinnige test foar ADD. De diagnoaze ADD wurdt steld op basis fan in strukturearre fragelist en wurde, at soks winsklik is, ek famyljeleden of oare direkt belutsenen útnûge foar in ynterview. De útkomst fan de fragelist en de petearen moatte helderheid jaan oer ADD. It ûndersyk en diagnostyk wurdt oer it generaal útfierd troch in psychiater of in psycholooch.
Foar it stellen fan de diagnoaze ADD wurde de spesifike DSM-IV kritearia fan ADHD brûkt, mar sûnder de hyperaktiviteit. Neffens it DSM-IV hânboek binne kenmerken fan ADD:
- Gau ôflieden wêze troch dingen en lûden dy't net wichtich binne foar de saak dêr't men mei dwaande is, bygelyks minsken dy't earne oars oan it wurk binne
- Muoite mei it plannen en organisearjen fan aktiviteiten, bygelyks wurk of taken
- Problemen mei it dien meitsjen fan taken en op 'e tiid klear wêze
- Net goed konsintrearje op details en hjirtroch sloardichheidsfouten meitsje
- Tige faak muoite mei it folgjen fan útlis en dêrtroch dingen misse
- Faak saken ferjitte en ferlieze, bygelyks kaaien, jild of materiaal dat nedich is om in opdracht út te fieren.
In folwoeksene mei ADD sil de ûndersteande fragen allegear mei "ja" beänderje kinne.
- Binne de gedragingen ekstreem?
- Wie it probleemgedrach der al yn de bernetiid?
- Komme de gedragingen by de persoan mear foar as by oare minsken fan deselde leeftyd?
- Feroarsake it gedrach in serieuze handicap yn minstens twa libbensfazes?
- Foarmje de gedragingen in kontinu probleem, binne se dus net te witen oan in tydlike situaasje?
- Kommne de gedragingen by it útfieren fan meardere sosjale rollen foar?
At dizze fragen posityf beändere wurde, sil in ferfolchûndersyk oanbean wurde wêryn ûndersocht wurdt of de klachten net dochs fan tydlike aard binne, of relatearre oan in oare psychiatryske steurnis (komorbiditeit). Dêrnei sil de ûndersiker middels de fragelist mei spesifike kritearia ynformaasje garje om in diagnoaze stelle te kinnen.
In probleem mei dizze kritearia is dat der fan útgien wurdt dat dizze klachten der hearre te wêzen yn alle leefgebieten lykas wenjen, wurkjen of yn oare situaasjes wêrby't de omjouwing bepaalde easken stelt. In oar punt is dat ûndersteld wurdt dat de symptomen al yn de earste sân libbensjierren oanwêzich binne. Se binne lykwols by minsken mei ADD yn de beukertiid lang net altyd goed ûnderkend. Benammen by folwoeksenen dy't yn de jierrren santich yn in tolerante omjouwing opgroeid binne, soargen oandachtstekoart- en konsintraasjesteurnissen net altyd foar grutte problemen. Dêrom wurde se by in standert ûndersyk faak min werkend. Boppedat binne de âlden dy't belutsen binne by sa'n ûndersyk faak al op in respektabele leeftyd en is harren ynformaasje net altyd like krekt. Omdat ADD yn ûngefear 75% fan de gefallen komt troch erflike belesting, is de kâns grut dat ien fan de âlden sels ADD hat. Dit betsjut dat yn de húshâlding fan ôfkomst ôfwiken fan de algemiene noarm net altyd in probleem fûn waard.
ADD yn kombinaasje mei dyspraksy wurdt ek wol DAMP-syndroom neamd.
Behanneling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Nederlânske Sûnensried skatte yn it jier 2000 dat ûngefear 2% fan de bern tusken fiif en fjirtjin jier sokke slimme symptomen fan ADHD of ADD hat dat spesifike behanneling nedich is. Bûten psycho-edukaasje om de kennis fan alle belutsenen oer ADD te fergrutsjen is in yntinsive foarm fan yndirecte gedrachstherapy oanwiisd. Dit bart faak yn de foarm fan 'parent management training' (PMT) en 'mediatraining' fan âlden en learkrêften. Direkte gedrachstherapy is foar de lange termyn folle minder effektyf bleken. By te min resultaat kin hjirnei in behanneling mei midisinen folgje.
Hoewol't Ritalin it meast gongbere middel is, binne der ek oare middels dy't brûkt wurde kinne, lykas Strattera en bepaalde antidepressiva. Yn guon gefallen kin it oan Ritalin besibbe dekstro-amfetamine foarskreaun wurde. Mei Ritalin is fyftich jier ûnderfining opdien en wurdt as tige feilich beskôge as it neffens foarskrift brûkt wurdt. De terapeutyske effekten en bywurkingen kinne per yndividu ferskille, dit betsjut dat in medikaasjeadvys altyd maatwurk is. Allinnich artsen mei in spesifike deskundichheid yn ADD meie in medikaminteuze behanneling starte.
Deskundigen miene dat drugsgebrûk troch minsken mei ADD yn sommige gefallen in foarm fan selsmedikaasje is, wêroan't by adekwate medikaminteuze behanneling net langer behoefte bestiet. Undersyk lit sjen dat drugsgebrûk by ADD-jongeren dy't medikaasje brûke minder foarkomt as by leeftydsgenoaten.
Alternative foarmen fan behanneling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Guon dokters brûke neurofeedback (harsengolftraining) omdat it ûnderstelt de oarsaak oan te pakken. Mei neurofeedback soenen nije neuroanen oanlein wurde mei gegevensbanen dy't in útwurking hawwe op de neurotransmitter- en hormonenhúshâlding. In wittenskiplike stúdzje fan Lubar yn 1995 toande oan dat by 51 behandele ADHD-gefallen der nei 10 jier bliuwende positive resultaten wienen.
Fieding soe neffens guon behannelers in grutte ynfloed hawwe op de symptomen. Under oare in glutenfrij, suvelfrij en sûkerfrij dieet wurdt brûkt. Gluten-, suvel- en sûkergefoelige minsken meitsje natuerlike endorfines (opoïde peptiden) oan dy't fergelykber is mei morfine.
De skiednis fan ADD
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gedrachsproblemen dy't wy no ADHD/ADD neame waarden yn 1902 foar it earst beskreaun troch de Britske bernearts George Still.
Yn 1937 wurke dokter Charles Bradley yn in ynrjochting foar dreech te hantearjen jongens. Ynstee fan dy jongerein troch hurde tucht omstean te learen, besluet hy it gedrach te beynfloedzjen troch harren stimulearjende medisinen te jaan. Hy hie earder al by tafal ûntdekt dat stimulearjende medikaasje, dy't ûnder oare tapast waard as middel om ôf te fallen, in kalmearjend effekt hie op minsken mei beskate klachten.
Yn 1947 waard beskreaun dat de gedrachsproblemen feroarsake waarden troch lytse skea yn de harsens; minimal brain damage (MBD) neamd. Nei 1967 wie men dochs minder oertsjûge fan skansearring en waard de term minimal brain disfunction ynfierd. Men is sûnttiids ûndersyk dwaan bleaun nei wat we no ADHD neame. Sa waard ûntdekt dat der net altyd sprake wie fan hyperaktiviteit, mar dat der ek in foarm wie mei allinnich oandachtstekoart– en konsintraasjesteurnissen; de Attention Deficit Disorder, ofwol ADD. Yn de jierren 1970 kaam ek oan it ljocht dat ADHD gjin typyske bernesykte wie dy't om de puberteit ferdwûn, mar dat sa’n 60% ek as folwoeksene lêst hâlden bleau fan de symptomen. Nettsjinsteande dy wittenskiplike feiten bleau de algemiene maatskiplike miening noch lange tiid dat AD(H)D in opfiedingsprobleem wie dat gjin biologyske oarsaak hie. Ek al omdat men der yn de psychoanalyze lang fanút gie dat AD(H)D in neurotyske ôfwiking wie en feroarsake waard trochdat de âlden hieltiten minder tiid en omtinken foar harren bern hienen.
In grutte trochbrek kaam yn 1990 doe't men by it fergelykjen fan PET-scans ferskillen yn harsenaktiviteit ûntdekte tusken folwoeksenen mei AD(H)D en folwoeksenen sûnder AD(H)D. Troch MRI-scans waarden by letter ûndersyk noch gruttere ferskillen ûntdekt. Boppedat blykte út nij genetysk ûndersyk dat AD(H)D in famyljekwaal wie en foar ûngefear 75% erflik bepaald.
Men toch earder dat AD(H)D in typyske bernesykte wie dy't om de puberteit hinne ferdwine soe. No is dúdlik dat teminsten in tredde fan de bern mei dizze oandoening op folwoeksen leeftyd noch altiten klachten ûnderfine, meast yn de foarm fan ADD.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Oer bern mei ADD
- ADD-Online, ynformaasje oer ADD
- Stifting ADD Nederlân
- Pubmed 7786929 : Evaluation of the effectiveness of EEG neurofeedback training for ADHD in a clinical setting as measured by changes in T.O.V.A. scores, behavioral ratings, and WISC-R performance.
- Pubmed 8448238: Ten-year stability of EEG biofeedback results for a hyperactive boy who failed fourth grade perceptually impaired class.
- www.de-poort.be : Opioïde peptiden en harren ynfloed op gedrach.
- en.wikipedia.org : Opioid food peptides