Springe nei ynhâld

RKSP

Ut Wikipedy
Affysje foar de ferkiezingen yn 1935 foar de Nijmeegske gemeenteried

Roomsch-Katholieke Staatspartij (RKSP) wie in Nederlânske politike partij en waard formeel op 3 juny 1926 oprjochte út de Algemeene Bond van RK-kiesverenigingen, dy't al sûnt 1918 diel naam oan de regearingen, en al sûnttiids as RKSP bekend stie. Dit bûn wie yn maaie 1904 op basis fan it partijprogramma fan de yn 1903 ferstoarne Herman Schaepman oprjochte. De RKSP wie in partij dy't in sintrumposysje ynnom. Se hie sitting yn alle kabinetten tusken 1918 en 1945. De RKSP wie de foaroarlochske foarrinder fan de Katholieke Volkspartij (KVP).

Yn de RKSP fûnen alle katoliken (arbeiders, middenstanners, boeren, ambtners en wurkjouwers) polityk ûnderdak. De katoliken stribben nei gearwurking mei ARP en CHU yn de saneamde Koalysje.

Sûnt 1918 hellde de RK(SP) gemiddeld sa'n 30 ersint fan de stimmen. De RKSP hie sitting yn alle kabinetten tusken 1918 en 1945. Katolyk premier wie Ruijs de Beerenbrouck (1918-1925 en 1929-1933). Politike lieders fan de RKSP wienen neist Ruijs de Beerenbrouck ûnder mear mgr. Willem Hubert Nolens, Aalberse en Van Schaik.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: