Pieter Brueghel de Jonge
Appearance
Pieter Brueghel de Jonge(re) (Brussel, 1564 of 1565 - Antwerpen, 1638) was in Flaamske keunstskilder, âldste soan fan Pieter Brueghel de Alde. Doe't er fiif jier wie stoar syn heit. Pieter Brueghel de Jonge hat yn de lear west by de lânskipsskilder Gillis van Coninxloo. Brueghel troude mei de suster fan syn learmaster.
Pieter Brueghel de Jonge waard master-skilder yn 1585. Hy skildere lânskippen, religieuze ûnderwurpen en fantasijlânskippen. Op de lêsten binne faak fjoer en groteske wêzens te sjen, sadat er de bynamme "De Helske Brueghel" krige. Hy hie net safolle talint as syn heit en broer Jan; hy moast it foaral hawwe fan it kopyeren fan syn heite' wurk.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Allegoary fan oarloch
- De bou fan de toer fan Babel
- De Krusiging
- De Hillige Hûshâlding mei Sint Johannes
- Stil-libben mei blommen
- Stil-libben fan de Hillige Famylje
- Doarps merk
- De doarps rjochtsgelearde
- Faam en Bern mei Sint Johannes as bern yn in krâns fan blommen
- Winter, Jager yn de snie
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pieter Brueghel de Jonge fan Wikimedia Commons. |